Springe nei ynhâld

Chris Arlman

Ut Wikipedy
Chris Arlman
politikus
Boargemaster Arlman (l.) by de ûntbleating fan in plakette ta oantins fan Peter Sterkenburg (2005)
Boargemaster Arlman (l.) by de ûntbleating fan in plakette ta oantins fan Peter Sterkenburg (2005)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 febrewaris 1944
berteplak Meppel
stjerdatum 2 july 2008 (64 jier)
stjerplak Harns
partij PvdA

Chris Arlman (Meppel, 26 febrewaris 1944Harns, 2 july 2008) wie in Nederlânsk politikus foar de Partij fan de Arbeid (PvdA).

Arlman wie boargemaster fan Bad Nijeskâns (1981-1990), Pekela (1990-1998) en fan 1 juny 1998 oant 1 july 2006 fan Harns. Yn 2007 wie er boppedat in skoft waarnimmend boargemaster fan de gemeente Bellingwedde. By syn ôfskied as boargemaster fan Harns waard Arlman beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn bygrage oan de útwreiding fan de haven.[1]

Chris Arlman wie ek in skoft foarsitter fan betelle-fuotbal feriening BV Veendam (1991 -1998) en Cambuur Ljouwert (1999 -2000).

Op 2 july 2008 krige Chris Arlman yn de âldens fan 64 jier in hertoanfal op it terrein fan keatsferiening Eendracht. Hy waard oerbrocht nei it Medysk Sintrum Ljouwert, dêr't er letter dy dei ferstoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: