Springe nei ynhâld

Auke de Boer (politikus)

Ut Wikipedy
Auke de Boer
politikus
Boargemaster A. de Boer (1969)
Boargemaster A. de Boer (1969)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum12 novimber 1918
berteplakVleuten
stjerdatum20 oktober 2014
stjerplakVarsseveld
partijVVD
Boargemaster fan Ljouwerteradiel
amtsperioade1951 - 1962
foargongerWillem Hora Siccama
opfolgerHenk Hellinga
Boargemaster fan Wynskoat
amtsperioade1962 - 1971
foargongerAlexander Romijn
opfolgerJohn te Loo
Boargemaster fan Wisch
amtsperioade1971 - 1983

Auke de Boer (Vleuten, 12 novimber 1918Varsseveld, 20 oktober 2014) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Hy studearre ekonomy oan 'e Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle (Nederlandsche Economische Hoogeschool) yn Rotterdam. Fan 1942 oant 1944 wie er adjunkt-sekretaris fan de Bedriuwsgroep Stien-, Semint-, Glês- en Fynkeramyske Yndustry. Nei de Twadde Wrâldkriich wurke er foar de Keninklike Paketfeart Maatskippij (KPM) yn it doetiidske Nederlânsk-Ynje en Austraalje. Yn 1948 kaam er werom yn Nederlân en wurke er foar de gemeenteskretaris yn Doesburch. Ein 1951 waard er beneamd ta boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn maaie 1962 waard er beneamd ta boargemaster fan Wynskoat. Yn novimber 1971 waard er boargemaaster fan Wisch itjinge er oant syn pinsjoen yn 1983 bliuwe soe. Ein 2014 ferstoar er yn 'e âldens fan 95 jier.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: