Jarkandhazze

Ut Wikipedy
Jarkandhazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus yarkandensis
Günther, 1875
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Jarkandhazze (wittenskiplike namme: Lepus yarkandensis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dêrbinnen foarmet dit bist it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Jarkandhazzen (Tarimolagus). De Jarkandhazze is lânseigen yn 'e krite Jarkand, yn westlik Sina. It is in relatyf lytse hazzesoarte, dy't benammen yn 'e skimer aktyf is en der in herbivoar dieet op nei hâldt. De IUCN klassifisearret de Jarkand hazze as gefoelich.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jarkandhazze waard yn 1875 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Albert Karl Ludwig Gotthilf Günther. Sûnt 1964 is dit bist yn in eigen ûnderskaai (Tarimolagus) binnen it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus) pleatst.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jarkandhazze is yn syn fersprieding beheind ta in diel fan westlik Sina, te witten: de krite Jarkand, dy't likernôch gearfalt mei de Tarimdobbe yn it suden fan 'e autonome regio Sinkiang-Oeigoerje. De Jarkandhazze komt ek foar yn it uterste westlike puntsje fan 'e autonome regio Tibet.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jarkandhazze is in frij lytse hazzesoarte, mei trochinoar in kop-romplingte fan 281/2–43 sm en in sturtlingte fan 51/2–81/2 sm. It gewicht bedraacht 1,1–1,9 kg. De earen binne ferhâldingsgewiis lang: 9–11 sm, en de efterpoaten binne like lang as de earen. De kop is relatyf lyts yn ferhâlding ta it lichem. De sêfte pels is op 'e rêch sânkleurich brún mei grizich swarte streken en op 'e bealch wyt. De sturt is griis fan boppen en wyt of krêmkleurich fan ûnderen en oan 'e sydkanten. Nei it ferhierjen, hjerstmis, is de pels op 'e rêch foar it winterhealjier in stik ljochter fan kleur.

De Jarkandhazze is te ûnderskieden fan 'e woastynhazze (Lepus tibetanus), mei it areaal wêrfan't syn ferspriedingsgebiet oerlapet, trochdat de Jarkandhazze gjin swarte puntsjes oan 'e punten fan 'e earen hat. Fan 'e Tibetaanske hazze (Lepus oiostolus), dy't fuort besuden en beëasten fan it areaal fan 'e Jarkandhazze libbet, kin de Jarkandhazze ûnderskaat wurde trochdat er gjin grize bealch hat. Hy is ek lytser, mei tinnere poaten, as de Tibetaanske hazze.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jarkandhazzen jouwe, wat biotoop oangiet, de foarkar oan leechleine drûge gebieten en woastinen. Har favorite habitat lykje de kriten om en by de iggen fan rivieren te wêzen yn 'e Taklamakanwoastyn, dêr't strewelleguod groeit en ek de Sineeske tamarisk (Tamarix chinensis) en de pompelier (Populus). Ek reid by de riviersiggen lâns wurdt brûkt foar beskûl, mar lânbougrûnen wurde mijd.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jarkandhazze is in krepuskulêr bist, wat sizze wol dat er benammen aktyf is yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage. It komt lykwols foar dat er ek nachts op 'e lapen is. Oerdeis lûkt er him werom yn in leger, in ûndjip dobke yn 'e ierde, dat ferburgen wurdt troch opgeande fegetaasje. It liket dat Jarkandhazzen net territoriaal binne, mei't by in ûndersyk yn 1983 by trije oeren fan waarnimmings yn it fjild fjouwer minsken 20 of mear Jarkandhazzen fine koene. Op it menu fan dit bist steane benammen gerzen en krûden. Jarkandhazzen hawwe fêste foerazjearrûtes dy't se eltse dei folgje en dy't 1–2 km lang wêze kinne. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Jarkandhazze binne ferskate soarten earnen. De peartiid begjint foar dit bist yn febrewaris en kin oant yn septimber duorje. De moerhazze produsearret 2–3 smeten yn 't jier, elts besteande út 2–5 jongen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jarkandhazze hat de IUCN-status fan "gefoelich". Dat komt om't it ferspriedingsgebiet, hoewol geografysk frij grut, foar in oansjenlik diel út woastyn bestiet. Boppedat bestiet der in negative populaasjetrend, feroarsake troch ferskate minsklike aktiviteiten. Ien dêrfan is oerbejaging; tusken 1958 en 1981 waarden elts jier 10.000 Jarkandhazzen deade foar de pels. In oarenien is de útwreiding fan 'e lânbou, dy't in fragmintaasje fan gaadlik habitat foar de Jarkandhazze ta gefolch hat. De totale wrâldpopulaasje fan 'e Jarkandhazze waard yn 2006 rûsd op 200.000 eksimplaren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.