Springe nei ynhâld

Taklamakan

Ut Wikipedy
Lizzing fan de Taklamakan yn Sinkiang, Sintraal-Aazje
Sândunen yn de Taklamakan
De woastyn ûnder Yarkand

De Taklamakan of Taklimakan is in sânwoastyn yn Sintraal-Aazje, yn de autonome regio Sinkiang, yn Sina.

De woastyn yn it Tarimbekken hat in oerflak fan 270.000 km², is sa’n 1000 kilometer lang en 400 kilometer breed. Oan west- en noardkant lizze de bergmassiven Pamir en Tiensjan (de berch Imeon út de âldheid), oan súdkant leit it berchtme Kunlun.

De noardrâne en súdrâne fan de woastyn by del rinne tûken fan de siderûte (reizgers mijen de drûge woastenij). Rûnom de woastyn lizze in stik as wat oazes mei stêden sa as Kasjgar, Yarkand, Hotan yn it súdwesten, en Kuqa en Turpan yn it noarden.

De rivier de Tarim, de grutste fan Sintraal-Aazje, einiget yn de Taklamakan.

Iennige jierren lyn hat de Sineeske oerheid in grutte dyk dwers troch de woastyn oanlizze litten. De dyk ferbynt de stêden Hotan (yn it suden) en Luntai (oan de noardrâne). De lêste desenniums hat de woastyn him op plakken útwreide; guon buorkerijen en doarpen binne doe ferswolge troch it sân.

Under it sân fan de Taklamakan binne ruïnes bedobbe. De archeologyske fynsten wize op ferskate beskavingen, sa as de Tochaarske, mei Hellenistyske, Yndiaaske en Boedistyske ynfloeden. It aventoerlike sykjen nei dy archeologyske skatten is op libbene wize beskreaun troch de ûntdekkingsreizgers Aurel Stein, Sven Hedin, Albert von Le Coq en Paul Pelliot.

Der binne yn dit gebiet in protte mummys fûn; guon binne sa'n 4000 jier âld. Der binne in soad folken troch dy kontreien lutsen. In protte mummys hawwe in Europeesk foarkommen en komme faaks fan it folk fan de Tocharen, dat in Yndo-Europeeske taal spriek.

Yn lettere tiden waard de Taklamakan bewenne troch Turkske folken, sa as de Oeïgoeren. Fan de Tang-dynasty ôf hawwe de Sinezen út en troch besocht harren macht oer de oazestêden fan de Taklamakan út te wreidzjen, omdat sy de wichtige siderûte troch Sintraal-Aazje behearskje woene. Perioaden fan Sineesk bewâld waarden ôfwiksele mei tiden dat it gebiet ûnder Turkske, Mongoalske en Tibetaanske folken stie. De hjoeddeiske befolking bestiet op it plattelân foar it grutstepart út twa Turksktalige folken, de Oeïgoeren yn it suden en de Kazachen yn it noarden, wylst yn de grutte stêden de Han-Sinezen de mearderheid hawwe.

Taklamakan hat in kâld woastynklimaat. Meidat it gebiet relatyf tichteby de kâlde luchtmassas fan Sibearje leit, komme winterdeis ekstreem lege temperatueren foar, oant wol −20 °C. Yn it Sineeske winterstoarmseizoen 2008, hat de Taklamakan foar it earst folslein oerdutsen west mei in 4 sm dikke laach snie en is op plakken in temperatuer fan −26.1 °C metten. De woastyn leit oan alle kanten tûzenen kilometers fan see en hat dêrom ek simmers tige kâlde nachten

In sânstoarm yn de Taklamakanwoastyn

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Taklamakan