Springe nei ynhâld

Jannewietske de Vries

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan JanneWietske de Vries)
Jannewietske de Vries
politikus
echte namme Jannewietske Annie de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 11 novimber 1961
berteplak Bitgum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
partij PvdA
lid fan de gemeenteried fan Boarnsterhim
amtsperioade 19921995
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 20072015
boargemaster fan Súdwest-Fryslân
amtsperioade 2018 – ...

Jannewietske de Vries (folút: Jannewietske Annie de Vries; Bitgum, 11 novimber 1961) is in Frysk politika fan de Partij fan de Arbeid. Hja wie fan 2007 oant 2015 deputearre fan Fryslân, en waard yn 2018 oansteld as boargemaster fan Súdwest-Fryslân.

De Vries waard yn 1961 berne yn Bitgum, yn it doetiidske Menameradiel. Hja is in dochter fan it PvdA-steatelid Bareld de Vries. Ek har broer Anne Jochum de Vries wie polityk aktyf foar de PvdA, nammentlik as wethâlder fan Boarnsterhim. Sels begûn De Vries har politike wurkpaad as gemeenteriedslid yn Boarnsterhim, in funksje dy't se fan 1992 oant 1995 beklaaide. Yn dy tiid wenne se yn Raerd en wie se ek fraksjefoarsitster fan 'e PvdA yn 'e Boarnsterhimster gemeenteried. Fan 1995 oant 2007 wurke hja by de Gemeente Ljouwert as amtlik direktrise.

Op 30 maaie 2007 waard De Vries beneamd ta deputearre fan Fryslân. Nei de provinsjale ferkiezings fan 2011 kearde se werom yn 'e Deputearre Steaten fan Fryslân, mei yn har portefúlje û.m. Taal, Media en Kultuer, Kennis en Underwiis, Rekreaasje en Toerisme, en Finânsjes. Ek waard se gebietsdeputearre foar Súdwest-Fryslân en dêrnjonken waard se oansteld as loko-kommissaris fan de keninginne. De Vries wie de inisjatyfnimster en lange tiid de driuwende krêft efter it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Fierders sette De Vries har yn foar it behâld fan lytse talen yn it algemien en foar it Frysk yn it bysûnder.

Yn 2015 stapte De Vries nei har twadde termyn as deputearre foarearst út 'e provinsjale polityk. Sûnt jannewaris 2016 is se direktrise fan it bedriuw Floriade B.V., dat yn 'e mande mei de gemeente Almeare, de provinsje Flevolân, de Nederlânske túnbou en oare partners de Floariade Almeare 2022 organisearret. Dy sânde edysje fan 'e wrâldtúnboutentoanstelling stiet yn it eken fan it fergrienjen fan stêden en giet oer fraachstikken dy't gearhingje mei de mondiale urbanisaasje, wêrûnder itensfoarsjenning, klimaatferoaring en enerzjywinning.

Mids july 2018 waard bekend dat De Vries per 27 septimber fan dat jier de nije boargemaster fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân wurde soe. "Hjir leit myn hert," sei hja dêr sels oer. Hoewol't de fertrouwenskommisje fan Súdwest ferskate kandidaten foar de boargemasterspost yn omtinken nommen hie, wie nei twa petearen mei har de kar foar De Vries makke. Doe't dy kar foarlein waard oan 'e gemeenteried, stimde dy der unanym mei yn.[1] Op 4 septimber 2018 makke de De Vries har man, Henk Deinum, emosjonearre bekend dat er op oanrieden fan kommissaris fan 'e kening Arno Brok syn amt as wethâlder fan de Gemeente Ljouwert opjaan soe sadat der gjin skyn fan belangefertizing ûntstean koe mei it each op 'e nije post fan syn oarehelte.[2][3]

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vries waard yn desimber 2004 beneamd ta besjoerslid fan 'e Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Dêrmei wie se it twadde froulike bestjoerslid fan dy feriening. Nei har beneaming ta deputearre, yn 2007, joech se dy bestjoersfunksje op. Fierders wie De Vries û.m. ek foarsitster fan it Iepenloftspul yn Jorwert en bestjoerslid fan de Slachtemaraton. Fan 2011 oant 2015 wie se dêrnjonken foarsitster fan it Jeropeeske Network to Promote Linguistic Diversity. Op 9 septimber 2016 waard se beneamd ta lid fan 'e Fryske Akademy. Fan 1 oktober 2020 ôf oan is hja foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan het Noord Nederlands Orkest (NNO).[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pennewaard, Koen, Jannewietske de Vries volgt hart naar Súdwest, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2018, s. 2.
  2. Haar, Patrick van 't, Wethouder geeft zijn vrouw de ruimte, yn: de Ljouwerter Krante, 5 septimber 2018, s. 1.
  3. Boers, Erwin, Stad verliest politiek zwaargewicht, yn: de Ljouwerter Krante, 5 septimber 2018, s. 3.
  4. Jannewietske de Vries, nieuwe voorzitter Raad van Toezicht NNO NNO, 18 septimber 2020

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.