Jacob Joukes Bakker
Jappy Bakker | ||
politikus | ||
echte namme | Jacob Joukes Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 4 juny 1908 | |
berteplak | Menaam (Fryslân) | |
stjerdatum | 10 oktober 1975 | |
stjerplak | ? | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | CHU | |
Boargemaster fan Sleat | ||
amtsperioade | 1940 – 1948 | |
foargonger | J.H.W. Verkouteren | |
opfolger | Ruurd Alta | |
Boargemaster fan Bleiswyk | ||
amtsperioade | 1948 – 1969 | |
foargonger | J. Baan Dz. | |
opfolger | Eric Krop |
Jacob (Jappy) Joukes Bakker (Menaam, 4 juny 1908 – 10 oktober 1975) wie in Frysk amtner en politikus. Hy wie as lid fan 'e CHU fan 1940 oant 1948 boargemaster fan Sleat en oanslutend oant 1969 boargemaster fan Bleiswyk, yn Súd-Hollân.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakker waard berne yn Menaam, as ien fan 'e fjouwer bern yn 'e húshâlding fan gemeenteriedslid en Twadde Keamerlid Jouke Annes Bakker (1873-1956) en dy syn frou Stijntje Alberda (1873-1942). Hy hie in twillingsuster dy't Janke hiet. Bakker folge de MULO yn Ljouwert en dêrnei gied er nei de Hegere Hannelsskoalle.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er fan skoalle kommen wie, gie Jappy Bakker yn augustus 1927 oan it wurk as folontêr op 'e gemeentesekretary fan Menameradiel, dêr't syn heit op dat stuit yn 'e gemeenteried siet. Ein 1930 waard Bakker yn Menameradiel beneamd ta tydlik amtner ter sekretary, en yn it neijier fan 1931 krige er in oanstelling as adjunkt-kommys by de gemeentesekretary fan Barradiel.
Yn jannewaris 1940 folge Bakker in J.J. van Dijk op as gemeentesekretaris fan 'e gemeente Sleat. Jappy Bakker wie krekt as syn heit lid fan 'e CHU. Mei yngong fan 1 juny 1940, in pear wiken nei de Dútske ferovering fan Nederlân, waard er as fertsjintwurdiger fan dy politike partij troch de opperbefelhawwer fan lân- en seemacht generaal Henri Wikelman beneamd ta boargemaster fan Sleat. Dat soed er bliuwe oant 1948.
Dêrnjonken wie Bakker fan mids 1944 ôf ek in skoft waarnimmend boargemaster fan Doanjewerstâl. Prinsesse-regintesse Juliana beneamde him mei yngong fan 1 augustus 1948 ta boargemaster fan Bleiswyk, yn Súd-Hollân. Nei goed tweintich jier yn dy funskje tsjinne te hawwen, gie Bakker dêr yn 1969 omreden fan sûnensswierrichheden betider mei pinsjoen, wêrnei't er yn 1975 mei 67 jier kaam te ferstjerren.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakker wie troud mei Grietje Plat (1908-2009), dy't ek fan Menaam kaam. Mei har hied er twa soannen, Jouke en Auke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |