Springe nei ynhâld

Ruurd Alta

Ut Wikipedy
Ruurd Alta
politikus
echte nammeRuurd Alta
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum16 maart 1908
berteplakMakkum
stjerdatum30 maaie 1987
stjerplakWommels
etnisiteit Frysk
partijCHU
wiernimmend boargemaster fan Hylpen
amtsperioade1945-1946
foargongerGerben Stallinga
opfolgerGerben Stallinga
boargemaster fan Sleat
amtsperioade1948-1957
foargongerJacob Joukes Bakker
opfolgerJalke Klijnsma
boargemaster fan Hinnaarderadiel
amtsperioade1957-1973
foargongerJohannes van Hout
opfolgerMeinte Abma

Ruurd Alta (Makkum, 16 maart 1908Wommels, 30 maaie 1987) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.

Ruurd Alta wie in soan fan Pier Dirk Alta (1879-1942, houtkeapman) en Catharina Bakker (1877-1963). Nei de hbs waard er ier yn 1929 folontêr by de gemeentesekretary fan Frjentsjer. Yn 1931 kaam er as amtner op de sekretary yn tsjinst by de gemeente Wymbritseradiel dêr't er it ta haadkommys bringe soe. Fan septimber 1945 oant april 1946 wie Alta waarnimmend boargemaster fan Hylpen. Dêrnei koe boargemaster Gerben Stallinga (1900-1950), dy't tydlik út syn amt set wie, yn syn âlde funksje wer opnimme. Yn novimber 1948 waard Alta beneamd ta boargemaster fan Sleat en yn desimber 1957 folge syn beneaming as boargemaster fan Hinnaarderadiel.
Yn april 1973 gie er mei pinsjoen en yn 1987 stoar er yn de âldens fan 79 jier yn Wommels. Hy waard te hôf brocht yn syn berteplak Makkum[1]

Yn Sleat waard in strjitte nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: