Iselmar
Appearance
De Iselmar is yn 1932 ûntstien doe't de Sudersee troch de Ofslútdyk ôfsletten waard. De mar is 1.100 km² grut en op it djipste punt, yn de Fal fan Urk, is der 5,5 m djip.
Yn 1975 is mei de Houtribdyk it súdlike part ôfsplit as de Markermar
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iselmar wurdt begrinzge troch:
- de Ofslútdyk yn it noarden;
- Fryslân en de Noardeastpolder yn it easten;
- East-Flevolân yn it súdeasten;
- de Houtribdyk yn is súdwesten;
- Noard-Hollân yn it westen.
Wetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iselmar krijt wetter fan:
- de Amstel, fia it IJ, de IJmar en de Markermar
- de Ryn
- fia de Kromme Ryn, de Uterske Fecht, de IJmar en de Markermar
- fia de Isel en de Ketelmar
- de Eem, fia de Eemmar, de Goaimar, de IJmar en de Markermar
- de Hierdenske Beek, fia de Feluwemar, de Dronter Mar en de Ketelmar.
- de Oeriselske Fecht, fia it Swarte Wetter, de Swarte Mar en de Ketelmar.
Dat wetter giet fierder nei de Waadsee troch de Stevinslûzen by Den Oever en de Lorentzslûzen by Koarnwertersân. Ek wurdt it ynlitten ta de Fryske Boezem as it wetter dêr leech is.
Nei alle gedachten sil troch klimaatferoarings mear wetter yn de Iselmar komme. Foar dit wetter binne de hjoeddeiske silen fan de Ofslútdyk net genôch. Der wurdt dêrom tocht oan de bou fan nije silen. It wurk soe om 2008 hinne begjinne moatte.
Iselmarhavens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kategoryen:
- Iselmar
- Mar yn Nederlân
- Mar yn Fryslân
- Wetter yn Flevolân
- Wetter yn Gelderlân
- Wetter yn Noard-Hollân
- Wetter yn Oerisel
- Wetter yn Utert
- Wetter yn Wûnseradiel
- Wetter yn Warkum (gemeente)
- Wetter yn Hylpen (gemeente)
- Wetter yn Starum (gemeente)
- Wetter yn Himmelumer Aldefurd
- Wetter yn Nijefurd
- Wetter yn Súdwest-Fryslân
- Wetter yn Gaasterlân (gemeente)
- Wetter yn Gaasterlân-Sleat
- Wetter yn Lemsterlân
- Wetter yn De Fryske Marren