Ingrid Visser (follybalster)
Ingrid Visser (follybalster) | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ingrid Visser | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 4 juny 1977 | |
berteplak | Gouda (Súd-Hollân) | |
stjerdatum | 14 maaie 2013 | |
stjerplak | La Hurona (Moersia) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
lingte | 1.95 m | |
gewicht | 74 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | follybal | |
O.S. | Atlanta 1996 | |
debút | 5 oktober 1994 | |
karriêre-ein | 4 febrewaris 2012 | |
wichtige prestaasjes | ||
EK 1995 |
Ingrid Visser (Gouda, 4 juny 1977 – La Hurona (Spanje), 14 maaie 2013) wie in Nederlânsk follybalster, dy't 514 kear útkaam foar it nasjonale frouljusteam. Gjin inkele oare sporter kaam ea sa faak út foar Nederlân. Visser die mei oan fiif wrâldkampioenskippen en njoggen Jeropeeske kampioenskippen. Ek naam se diel oan 'e Olympyske Spullen fan 1996, yn Atlanta. Yn 1995 waard se mei it Nederlânske frouljusfollybalteam Jeropeesk kampioen. Fierders wûn se mei VVC Vught twa kear en mei TVC Amstelfean ien kear de Nederlânske lânstitel, wylst se mei CV Tenerife fjouwer kear de Spaanske lânstitel wûn en yn 2004 ek de Champions League. Nei't se yn 2012 har sportkarriêre beëinige hie, kaam Visser yn 2013 yn it nijs doe't se mei har freon Lodewijk Severein yn Spanje fermist rekke. Letter die bliken dat sy beiden fermoarde wiene nei oanlieding fan in sakeskeel fan Severein.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Visser waard yn 1977 berne yn Gouda. Hja groeide op, gie nei de basisskoalle en folge middelber ûnderwiis yn 'e stêdekloft fan Rotterdam.
Sportkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984, doe't se sân jier wie, begûn Visser te follybaljen by amateurklub VC Nesselande, yn Zevenhuizen, dêr't se oant 1994 bleau. Har posysje wie middenblokker. Yn 1994 makke se har debút as spylster foar it nasjonale frouljusteam yn in freonskiplike wedstryd tsjin de Oekraïne. Datselde jiers kaam se foar VVC Vught te spyljen, yn 'e heechste Nederlânske ôfdieling. Mei dy klub wûn se yn 1996 en 1997 de nasjonale lânstitel. Yn dyselde perioade wûn se boppedat mei it nasjonale frouljusteam it EK follybal fan 1995, troch yn 'e finale Kroaasje te ferslaan mei in skoare fan 3-0. Yn 1996 die Visser, ek mei it Nederlânsk frouljusteam, mei oan 'e Olympyske Simmerspullen yn Atlanta, dêr't se in fyfde plak berikten.
Yn 1997 teach Visser nei it bûtenlân, dêr't se earst twa jier by de Brazyljaanske klub Minas Tenis Clube spile. Yn it seizoen 2000-2001 follyballe se by Vincenza Volley yn Itaalje en fan 2001 oant 2003 by de Kanaryske klub CV Las Palmas, yn Spanje. Yn 2003 ferhuze Visser nei in oare follybalklub op 'e Kanaryske Eilannen, CV Tenerife, wêrmei't se fjouwer jier op rige, fan 2003 oant en mei 2006, de Spaanske lânstitel wûn. Ek wûn se mei CV Tenerife, ûnder lieding fan trainer Avital Selinger, yn 2004 de Champions League.
Yn 2007 kaam Visser foar in jier werom nei Nederlân om by TVC Amstelfean te follybaljen, wêrmei't se yn 2008 de Nederlânske lânstitel behelle. Teffens wûn se yn 2007 mei it Nederlânsk frouljusteam de FIVB World Grand Prix, en behelle se mei itselde team in sulveren medalje op 'e Boris Jeltsin Cup yn Jekaterinburch. Yn 2008 ferfear se wer nei it bûtenlân, dêr't se earst in seizoen spile by VK Leningradska, út it Russyske Sint-Petersburch, en doe twa jier by CAV Murcia 2005, út it Spaanske Moersia. Visser beëinige har sportkarriêre mei in lêste seizoen (2011-2012) by VK Bakı Bakû, yn 'e Azerbeidzjaanske haadstêd Bakû. Tsjin dy tiid hie Visser it rekôr yn 'e hannen as follyballer dy't it meast foar Nederlân útkommen wie, te witten: 514 kear. (Dat rekôr wie oant 2007 yn 'e hannen fan Peter Blangé, mei 500 kear.) Yn septimber 2011 ferbriek se troch foar de 503e kear foar it Nederlânsk frouljusfollybalteam út te kommen it Nederlânsk rekôr fan 'e meast spile ynterlânwedstriden yn alle sporten.
Fermissing en moard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 maaie 2013 waarden Visser en har libbenspartner Lodewijk Severein (57), in sakeman en âld-manager fan it Nederlânsk frouljusfollybalteam, as fermist opjûn yn 'e Spaanske stêd Moersia. Visser koe dy stêd goed, mei't se dêr fan 2009 oant en mei 2011 twa seizoenen foar de pleatslike follybalklub CAV Murcia 2005 útkommen wie.
Op 24 maaie die de Spaanske plysje yn ferbân mei de ferdwining fan it pear in ynfal yn in fakânsjehûs yn La Hurona, in doarp yn 'e neite fan Moersia. Dêr waarden spoaren fan in geweldsmisdriuw ûntdutsen. De hierder, de 36-jierrige Spanjert Juan Cuenca Lorente, waard arrestearre, en neitiid waarden ek noch twa Roemenen oppakt, in Valentin Ion (47) en in Constantin Stan (60). Cuenca wie de eardere manager en technysk direkteur fan CAV Murcia 2005, en dêrmei in kunde fan Visser. Severein soe mei him ynvestearre hawwe yn in stikmannich saaklike projekten, dêr't se neitiid rûzje oer krigen.
Op 26 maaie waarden yn in wyngerd yn Alquerías, likernôch 12 km fan Moersia ôf, twa slim skeinde liken fûn, wêrfan't de plysje sterk fermoede dat it de stoflike omskotten fan Visser en Severein wiene. Hja wiene begroeven op in heale meter djipte. Fjouwer dagen letter koe de plysje nei DNA-ûndersyk befêstigje dat Visser en Severein fûn wiene. Ion joech letter yn it ûndersyk oan dat dy beiden al op 14 maaie fermoarde wiene. Ta neitins oan Visser en Severein spilen de beide Nederlânske follybalteams (manlju en froulju) en de nasjonale strânfollybalteams yn 'e moanne juny fan 2013 alle wedstriden mei in roubân om. Oan eltse ynterlânwedstryd yn dy perioade dy't yn Nederlân spile waard, gie ien minút stilte foarôf.
Yn oktober 2016 waard tsjin 'e beide haadfertochten yn 'e moardsaak, Juan Cuenca en Valentin Ion, 34 jier finzenisstraf easke. In moanne letter waarden sy beiden konform de eask feroardiele ta 34 jier sel. Constantin Stan waard frijsprutsen fan 'e oanklacht fan moard, mar krige seis moannen finzenisstraf oplein foar it yn stikken snijen fan 'e beide lichems en it fertsjustermoanjen fan bewiismateriaal. Yn heger berop lei it provinsjale heechgerjochtshôf yn Autonome Mienskip Moersia yn maart 2017 oan sawol Juan Cuenca as Valentin Ion in finzenisstraf fan fjirtich jier op.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |