Springe nei ynhâld

Konkoers Hippyk Riis

Ut Wikipedy
Konkoers Hippyk Riis
Concours Hippique Rijs
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Harich
holden yn Wyldemerk 1
datum 1e sneon yn augustus
bysûnderheden
ôfkoarting CH Riis
soarte evenemint konkoers hippyk
bestean 1945 – no
org. troch Hynstesportferiening
   De Súdwesthoeke
offisjele webside
www.ch-rijs.nl

It Konkoers Hippyk Riis (Nederlânsk en offisjeel: Concours Hippique Rijs) is in konkoers hippyk dat sûnt 1945 elts jier plakfynt yn 'e Fryske Súdwesthoeke. Hoewol't it de namme fan it doarp Riis draacht, waard it dêre allinnich tusken 1964 en 2005 organisearre. Foar dy tiid waard it holden yn Koudum, en de hjoeddeistige lokaasje leit yn 'e himrik fan Harich. It Konkoers Hippyk Riis wurdt tradisjoneel holden op 'e earste sneon fan augustus. Der komme elts jier sa'n twatûzen besikers op ôf.[1] De organisaasje fan it evenemint is yn 'e hannen fan 'e Hynstesportferiening De Súdwesthoeke.

Nei de befrijing fan Fryslân troch de Kanadezen namen Jan Reinstra, Wiebren Dijkstra en Jan Hettinga út Koudum it inisjatyf om yn harren doarp by wize fan fiering fan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa in konkoers hippyk te organisearjen. Dat wie sa'n súkses, dat op 27 maart 1946 in feriening oprjochte waard om 'e organisaasje fan in jierliks weromkearend konkoers hippyk op him te nimmen. It earste bestjoer, ûnder lieding fan foarsitter Klaas Weremeus Buning, belei op 24 april fan dat jier in gearkomste, dêr't daliks al tritich lju har as lid opjoegen, mei ynlis fan ƒ3. De feriening krige doe ek in reglemint en waard Hynstesportferiening Koudum en Omkriten (offisjeel: Paardensportvereniging Koudum en Omstreken) neamd. Dy namme waard letter feroare yn Hynstesportferiening De Súdwesthoeke (Paardensportvereniging De Zuidwesthoek).

De earste jierren waard it doe noch net as Konkoers Hippyk Riis bekendsteande evenemint organisearre op it lân fan Roelof Venema, oan 'e Dammensewei yn Koudum. Ein 1940-er jierren wiene tige meagere jierren foar it konkoers, en it fuortbestean fan it evenemint hat doe oan in rottich toutsje hongen. Yn 1956 ferhuze it konkoers nei in oar plak yn Koudum, it sportfjild De Sândobbe, dat tige gaadlik wie foar it hâlden fan sa'n soarte evenemint, om't de hege wanden fan 'e dobbe as in natuerlike tribune tsjinnen. Yn 1959 fûn der in tragysk foarfal plak doe't ruter Doekele van der Laan hommels kaam te ferstjerren ûnder syn dielname oan it konkoers. Yn 1961 waard op it konkoers foar it earst in kampioenskip holden, te witten: foar de eareklasse Fryske túchhynders. Tsjin 1964 wie De Sândobbe troch de oanwaaksende publike belangstelling te lyts wurden, en ferhuze it evenemint nei it seis kilometer nei it súdeasten leine doarp Riis, yn it skildereftige Gaasterlân, wêrfan't de organisaasje tocht dat it oer mear oantrekkingskrêft beskikke soe.

It konkoers hippyk waard yn Riis de earste jierren holden op it lân fan Inne Schotanus oan 'e Alde Balksterwei. Doe't it oangeande terrein yn 1970 oankocht waard troch in camping, ferhuze it konkoers nei in lokaasje yn 'e buorren fan Riis, op it lân fan Douwe en Riet Berger. Yn 1987 wie de tastân fan dat stik lân troch oanhâldende rein lykwols sa min, dat útwykt wurde moast nei in heger leine lokaasje op lân fan Bokke Lanting en dy syn buorman Bouke Yntema. Yn 1988 emigrearren de Bergers nei Teksas en de nije eigner fan harren pleats, Gerrit de Groot, woe it terrein dat sûnt 1970 yn gebrûk wie foar it konkoers hippyk beplantsje mei stynske weet. Hy bea de organisaasje lykwols in oar perseel oan, dat oan 'e Hegeburchsterwei lei, fuort njonken de Rysterbosk. Dat terrein hie in ideäle lokaasje mei útsicht op net inkeld de bosk, mar ek op Murns en de Iselmar.

Yn 2005 moast troch omstannichheden op 'e nij nei in nije lokaasje socht wurde. Dêrby ferfear it konkoers hippyk út Riis, om del te striken oan 'e Wyldemerk 1 yn it buordoarp Harich, op it terrein fan Maneezje Gaasterlân. In foardiel wie dat it konkoers dêr gebrûk meitsje koe fan ferskate besteande fasiliteiten foar hynstesport, sadat net elts jier alles foar ien dei opboud hoegde te wurden. De (ûnderwilens bekend wurden) namme Konkoers Hippyk Riis bleau lykwols beholden. Datselde jiers waard it 60-jierrich jubileum fan it evenemint fierd, û.m. mei de útjefte fan in jubileumboek skreaun troch bistedokter en âld-bestjoerslid Sietse Piersma. Anno 2018 hat it Konkoers Hippyk Riis him, yn 'e mande mei it op 'e earste woansdei yn augustus holden Konkoers Hippyk Bûtenpost, ûntjûn ta ien fan 'e beide grutste hynstesporteveneminten fan Fryslân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Altena, Stef, en Grosso, Maria del, Vaste Vrijwilligers Redden de Grote Evenementen, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 23.