Fryske Befrijingsdei
Appearance
Fryske Befrijingsdei falt op 15 april,[1] doe't yn 1945, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, it fêstelân fan 'e provinsje Fryslân hielendal troch de Kanadezen befrijd wie fan 'e Dútske besetting. (De Waadeilannen bleaune folle langer beset, oant Skiermûntseach op 11 juny it alderlêste stikje fan Jeropa wie dat formeel troch de Dútsers oerdroegen waard oan 'e Alliëarden.) Fryske Befrijingsdei wurdt selden omtinken oan jûn, mei't ek yn Fryslân de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ornaris op Nederlânske Befrijingsdei fierd wurdt, dat op 5 maaie falt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|