Het BrouwDOK
Havenbrouwerij Het BrouwDOK op de Nieuwe Willemskade yn Harns is miskien wol de iennichste bûtendykse brouwerij fan 'e wrâld. Der wurde eigen bieren broud dêr't eksperimintearje in ûnderdiel fan de fyzje is. Sa is der in Wadden gin makke fan it bier dat net ferkocht wurde koe yn koroanatiid. Ek is men op "ekspedysje" gien troch bieren te brouwen mei yngrediïnten út ferskate lannen. De dream is om it seewetter út de Waadsee as boarne te brûken foar de brouwerij. De brouwerij is oansletten by CRAFT.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bierkarmaster Gerard Ypenga broude yn 2010 op in souderkeamer oan de Baarsjesweg yn Amsterdam bier ûnder de namme Better Wetter / Probieren. Yn 2012 waard de hannelsnamme wizige yn BrouwDOK (nei de Dokkade yn Harns) en waarden yn de nano-brouwerij fan Gerard, efter syn wenhûs, de earste kommersjele bieren broud. Troch romtegebrek ferhuze de brouwerij yn 2016 nei it Havenplein yn Harns, dêr't yn in âld Sineesk restaurant de brouwerij op 'e nij opboud waard, mei in priuwlokaal der by.
Yn 2017 is de brouwerij ferhuze nei in grutte loads, bûtendyks oan de râne fan de Waadsee. Healweis 2018 is der in folautomatyske 20 hektoliter brou-ynstallaasje ynstallearre, begjin 2019 is it priuwlokaal "Het Proefdok" offisjeel iepene foar publyk. Yn 2020 is de brouwerij útwreide mei ûnder oare 4 nije 20 hektoliter fergistingstanks.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 waard it proeflokaal folslein ferboud; de earste ferdjipping jout in bjusterbaarlik útsjoch op it Waad en de haven mei de brune float.
By eltse brousesje wurdt der mar leafst 2000 liter bier broud, somtiden twa kear op in dei. Troch it tal fergistingstanks kin der algeduerigen broud wurde. Ek is it mooglik der bier nei eigen resept brouwe te litten.
The Passion waard yn 2023 opfierd yn Harns, wêrby it proeflokaal in haadrol spiele as lokaasje foar meardere televyzjeopnames. Spesjaal foar dizze Passion is de Passion IPA broud, dat allinnich op de taap te krijen wie.
Assortimint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fêste bemanning
- Amber (Captains Daughter) - amber ale
- Slim Simmer - licht blond
- Vlaams Paard - tripel
- Wad Weizen - Weizen
- Ype - IPA
- Roerwerk - zwaar blond
- Slagschip Triple Weizen
- Bries - pils
Seeweardich bier
- De Dokwerker - baltic porter
- De Dude - imperial milk stout
- Smook - Rauch Märzen
Seizoenkrêften
- Bolder bock - dubbel bock
- Chocolade stout - stout
- Sint - sûkelarje stout
Wurde net mear broud
- De Dude Barrel Aged - waadripe yn de seeloft op fetten fan Heaven Hill en Chevas Regal
- Hophûn - Belgian IPA
- Sail 2022 - session IPA
- Us Ale - American pale ale
- Zeeson - saison
- Spring aan wal - amber IPA
- Noorderlicht - Farmhouse Ale (broud as collaboration brew mei brouwerij Baxbier út Grinslân, brouwerij Jonge Beer út Drinte en Hollands Hophuis)
- De Schenker - mild ale
- India Pale Ale (expeditie India)
- Witte Swaen - witbier
Yn gearwurking mei oaren
- Brasshopper - IPA (yn gearwurking mei de band Broken Brass)
- Hazy IPA - NEIPA (yn gearwurking mei brouwerij Folkingebrew út Grins)
Bieren yn opdracht
- Good Bye Good Boii - ôfskiebier fan brouwer Leon Rodermond
- It Lulke Wiif - Read & Hitsich foar Brouwerij De Freonskip
- Ut Spiegeltsje - blond (yn opdracht fan Brasserie Spiegelaar yn Ljouwert)
- Henri Willig bieren (yn opdracht fan tsiismakker Henri Willig yn Katwoude)
- Potvis Spelt Blond foar Strandpaviljoen De Potvis yn Starum
- Brout foar Stadsbrouwerij Sneek yn Snits
- Brout De Toer triple foar Kleine Beer Brouwerij
- Passion IPA
- Balkster Spelt, Balkster Dubbel en Balkster Tripel - foar Supermerk PLUS Siemonsma yn Balk
- Johannes Duhoux Dubbel - foar Restaurant Duhoux yn Wurdum
- Bonno Duhoux Blond - foar Restaurant Duhoux yn Wurdum
- Louis Duhoux Tripel - foar Restaurant Duhoux yn Wurdum
- Brasshopper NEIPA - 10-jierrich jubileumbier fan de band Broken Brass
- Pak 'm bij de Hals Frans Dubbel & Portret - projekt Match Rijksmuseum en gemeentemuseum Het Hannemahuis
- Wad 'n Sjouwtsje Blond - foar it KNRM Stasjon yn Harns
- Blonde Kip - foar kampeerterrein De Blauwe Haan yn Uffelte
- Dutch Tulip bier - mei tulpebollen foar Dutch Tulip Beer
- Sterke Yerke Blond - broud foar stipe oan ûndersyks- en omtinkenflot Sterke Yerke IV