Springe nei ynhâld

Brouwerij De Freonskip

Ut Wikipedy

Brouwerij De Freonskip wie in bierbrouwerij út it doarp Burgum doarp en waard yn 2016 as feriening oprjochte troch tsien freonen.

De bieren fan De Freonskip waarden oant 2017 broud by Sneeker Stadsbrouwerij De Meerpael yn Snits. Dizze brouwerij hold yn 2017 op te bestean.

It blonde bier It Lulke Wiif Heechblond waard makke mei de wâldprom of wichter. It twadde bier Read & Hitsich waard broud mei toarnbeien troch havenbrouwerij Het BrouwDOK yn Harns.

Mei yngong fan 2025 is de brouwerij net mear aktyf.

  • It Lulke Wiif - Heechblond
  • It Lulke Wiif - Read & Hitsich

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]