Wichter

Ut Wikipedy

De wichter (Latyn: Prunus domestica subspecies insititia) of Wâldprom, is de Fryske foarm fan de saneamde Giele Kroaskesprom. Dy heart dêrom ta de ûndersoarte Kroaskesprom fan de kultuerprom. De beam bloeit al yn april en de fruchten binne ein augustus ryp. De wichters kleurje fan grien nei giel en de wankjes hawwe in blos mei brune spruten. De foarm is rûn en lyts, ek de pitten binne rûn. Der sitte toarnen oan de tûken. De plant fermearderet him troch woartelopslach. Dat de útrinners binne (genetysk) gelyk oan de beam. At in beam dea giet stiet der meast alwer in nijenien klear. De wichter is al tige âld, yn terpfuotten binne oerbliuwsels fan wichters fûn.

Stifting Wâldfrucht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen De Wâlden hawwe noch wichterbeammen. Stifting De Wâldfrucht yn Bûtenpost besiket de wichter opnij omtinken te jaan. Minsken mei in wichter wurde frege om wichters ta foldwaan fan de Stifting Fruit te jaan. In meiwurker fan Wâldfrucht makket der dan sjem, ranje, wyn en kompôte fan. Yn 2008 is de wichter útroppen ta streekprodukt. De ferwurkingsprodukten fan erkende streekprodukten moatte foar 51% út de eigen streek komme en ek bûten de eigen krite ferkocht wurde. Oare streekprodukten binne de Giele Wâldbean, de Leverkleurige Bean, de Reade Krobbe en it Wâldgieltsje (jirpel).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: