Heije Schaper

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Heije Schaper as steatssekretaris (1966 en 1967)
H. Schaper (links) yn 1949

Heije Schaper (De Jouwer, 8 septimber 1906 - Den Haach, 26 maaie 1996) wie in Nederlânsk ofsier by de loftmacht en steatssekretaris en drager fan de Militêre Willems-Oarder. Foar syn aksjes yn de Twadde Wrâldoarloch waard hy ûnderskieden mei de Militêre Willems-Oarder.

Schaper wie in drystmoedige Fryske oarlochsfleander, dy't yn oktober 1940 mei in Fokker T.VIIIw-wetterfleantúch Nederlanners fan de Tsjûkemar oppikte en nei Ingelân brocht. By in oanfal op in Dútsk konfoai waard hy delsketten en kriichsfinzene makke. Hy hat foar syn fertsjinsten yn de oarloch in soad ûnderskiedingen krigen.
Hy wie kommandant fan de Marine Loftfearttsjinst yn Nederlânsk-Ynje en letter Sjef fan de Loftmachtstêf. Hy folge as partijleaze deskundige yn it kabinet-Cals de ferstoarne KVP'er Borghouts op as steatssekretaris foar de loftmacht. Hy is de heit fan âld-Twadde Keamerlid Herman Schaper.

Jeugd en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schaper waard yn 1906 as soan fan Johan Schaper en Wietske van der Zee berne op De Jouwer. Hy folge in HBS-B-oplieding op It Hearrenfean, oant er yn 1926 oan de oplieding ta keapfardijofsier oan de Kweekskoalle foar Seefeart yn Amsterdam begûn. Dy oplieding makke hy ôf yn 1929, wêrnei't er yn tsjinst gie by de Keninklike Marine. Hy waard reserve-ofsier by de ûnderseetsjinst en folge fan 1931 oant 1933 de oplieding ta waarnimmer, wêrnei't er ofsier-fleander fan de tredde klasse by de Marine Loftfearttsjinst (MLD) waard. Mei Hr.Ms. K XIV makke er yn 1934 de oerstek nei Nederlânsk-Ynje, dêr't er oant 1937 wurke as fleander en letter ek as fleanynstrukteur op Fleankamp Morokrembangan yn Soerabaja. Dêrnei kaam er werom nei Nederlân, dêr't er wurke as fleander op Fleankamp Schellingwoude.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1940 wist Schaper mei in Fokker T.VIIIw wetterfleantúch nei Ingelân te ûntkommen, dêr't hy yn it 320 Dutch Squadron RAF ferkennings- en bombardemintsflechten útfierde. Yn oktober 1940 besocht er kontakt tusken it Londenske regear en it ferset yn Nederlân te lizzen troch fersetsminsken op te heljen, te witten Lodewijk van Hamel, Hans Hers, Jean Mesritz, Marion Smit en prof. Lourens Baas Becking. By in gefaarlike tocht lanne Schaper mei in wetterfleantúch op de Tsjûkemar. Syn komst wie oan de Dútsers ferret, syn fleantúch waard besketten, mar Schaper en syn bemanning koene ûntkomme. De fersetsminsken waarden oppakt en nei de finzenis Oranjehotel yn Scheveningen brocht. Foar dizze missy krige Schaper op 15 novimber 1940 út hannen fan Keningin Wilhelmina de Militêre Willems-Oarder[1].

Schapers Lockheed Hudson waard op 30 maaie 1942 by Skylge delsjitten by in oanfal op Dútske skippen. Schaper oerlibbe de crash en waard kriichsfinzen nomd. Hy waard yn Stalag Luft III opsluten, dêr't er meiholp mei de tariedings fan in ûntsnapping dy't letter ferfilme waard as "The Great Escape". Oan de ein fan de oarloch waard dit kamp ûntromme en waarden de finzenen op foettocht stjoerd nei in folgjend kamp. Begjin maaie 1945 waarden se ûnderweis troch Britten befrijd.

Yn 1945 waard hy kommandant fan it 321 Dutch Squadron RAF yn Ceylon, mar dêr oankomd wie de oarloch al ôfrûn.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schaper as skout-by-nacht

Werom yn Nederlân yn 1946 waard Schaper waarnimmend kommandant fan de MLD yn Nederlân en de oerseeske gebieten. Yn 1949 folge syn oanstelling as kommandant fan de MLD as skout-by-nacht. Yn 1954 makke hy de oerstap nei de Keninklike Loftmacht, dy't sûnt 1953 in eigen kriichsmachtûnderdiel wie. Schaper waard as generaal-majoar plakferfangend sjef fan de Loftmachtstêf, wêrnei't er yn 1956 as luitenant-generaal sjef fan de Loftmachtstêf en befelhawwer fan de Loftstriidkrêften waard. Hy sette him benammen yn foar de modernisearring fan de fleantugen. De Meteor en Thunderjet-jachtfleantugen waarden ûnder syn lieding ferfongen troch de Hunters en de F-84K’s. Hy wie belutsen by it oanskaffen fan liede wapens en in supersoanysk gefjochtsfleantúch, de F-104G Starfighter.

As befelhawwer fa de Loftstriidkrêften wie hy fan jannewaris 1958 oant maaie 1959 teffens foarsitter fan it Kommitee fan de feriene Sjefs fan Stêven (in foarrinder fan de hjoedeiske funksje fan kommandant fan de Striidkrêften. Hy wie fan 1958-1981 as earste loftmachtofsier Kânselier fan de Nederlânske Ridderoarden.

Yn 1961 ferliet Schaper de Keninklike Loftmacht om Sjef fan it Militêre Hûs f H.M. de Keninginne te wurden. Fan 1966 oant 1967 wie de partijleaze Schaper steatssiktaris fan Definsje foar de Keninklike Loftmacht, hy folge as partijleaze deskundige yn it kabinet-Cals de ferstoarne KVP'er Borghouts op. Nei syn útstapke nei de polityk pakte Schaper syn wurk foar it Militêre Hûs wer op, in funksje dy 't er oant syn pensjoen yn 1976 beklaaide, wêrnei't er beneamd waard as adjudant yn bûtengewoane tsjinst. Yn 1996 ferstoar Schaper op 89-jierrige leeftiid.

Schaper troude yn 1942 en krige trije soannen út dat houlik. Ien fan dy soannen is diplomaat en Earste Keamerlid Herman Schaper.

Underskiedings en oare medaljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: