Springe nei ynhâld

Oranjehotel

Ut Wikipedy
De âlde tagongspoarte
Orizjinele tagongspoarte fan it Oranjehotel (rjochts) en it Poortje dêr't ta de dea feroardiele finzenen trochhinne rûnen op wei nei de Waalsdorperflakte (links)

Oranjehotel wie de bynamme fan de Deutsches Untersuchungs- und Strafgefängnis yn it Hûs fan Bewarring yn Skeveningen yn de Twadde Wrâldoarloch. De koarstwillich bedoelde namme ferwiisde nei it yndertiid fierderop lizzende Oranje Hotel oan de Skeveningske kust[1].

Fan 1919 oant 1940 tsjinne de Skeveningske finzenis as hûs fan bewarring foar lytse kriminelen. Ny de Dútske ynfal fan 10 maaie 1940 waarden der Dútske kriichsfinzenen fêstholden. Nei de kapitulaasje fan Nederlân namen de Dútsers de finzenis oer.

In protte fan fersetsaktiviteiten fertochte Nederlanners waarden yn it Oranjehotel fêstholden yn ôfwachting fan harre proses foar de nazi-rjochtbanken. Ek waarden der wol Joadske Hagenaars fêstset dy't op transport nei Dútslân steld waarden.

Yn totaal hawwe ûnder de besetting sa'n 25.000 minsken fêstsitten yn it Oranjehotel. Sy waarden arrestearre troch de Dútsers om ferskaat fan redenen fan ferset of Deutschfeindlichkeit, fan it harkjen nei Radio Oranje oant it dwaan fan oanslaggen tsjin de Dútsers en harren hantlangers. Nei behanneling fan harren saak waarden guon frijlitten, mar tûzenen waarden feroardield ta de Dútske kampen of tichthuzen. 215 ta de dea feroardielden binne út it Oranjehotel wei mei in frachtwein nei de Waalsdorperflakte brocht om dêr deasketten te wurden.

Maaie 1945 kaam Oranjehotel wer yn Nederlânske hannen en waard E.P. Weber de nije kommandant fan de finzenis. In protte NSB'ers, ek Anton Mussert, Meinoud Rost van Tonningen en Max Blokzijl en oare Nederlanners dy't fertocht waarden fan oarlochsmisdieden, waarden yn 1945 opsluten yn Skeveningen. Ek SS-Untersturmführer Ernst Knorr bedarre dêr, no net as ferhearder en beul, mar as finzene.

In oantal sellen yn de middelste gong fan it Oranjehotel, de D-gong, waard brûkt as deadesellen. Hjir wachten ta deaferoardielden op it befel om troch it Poortje nei de frachtwein te rinnen dy't harren nei de Waalsdoarperflakte bringe soe. Dizze finzenen stiene ûnder in minder strang rezjym. Se krigen soms wat te smoken, mochten besite krije fan in dûmny of pryster en ôfskiedsbrieven skriuwe. Meardere fan sokke ôfskiedsbrieven binne bewarre bleaun en yn it Nasjonaal Monumint Oranjehotel te sjen.

Sel 601 is yn oarspronklike steat behâlden. De muorren litte de autentike ynskripsjes fan de finzenen sjen, dêr't hope, eangst en langstme mei nei hûs utere waarden. Der is in bêd, krukje, klaptafel, kapstôk, houten plankje en Kübelton (dêr't de finzenen har behoeften op dwaan moasten). Sel 601 foarmet de kearn fan it Nasjonaal Monumint Oranjehotel. Yn de jierlikse betinking lizze hûnderten minsken blommen by Sel 601.

Yn 2020 ûntdutsen fjouwer studinten fan de TU Delft op in muorre yn it Oranjehotel ynskripsjes fan Daniël de Blocq van Scheltinga (1903-1962). It giet om teksten dy't er yn de moannen nei syn arrestaasje yn de muorre fan Cel 601 kerve. Noch net earder waard in nei-oarlochske tekst fan nazysympatisanten of kollaborateurs ûntdutsen.

Jierlikske betinking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1946 wurdt alle jierren op de lêste sneon fan septimber of de earste sneon fan oktober in betinking holden. Der wurdt dan in betinkingsrede útsprutsen troch in foaroansteand Nederlanner en de finzenen fan it Oranjehotel wurde eare by in Stille Gong by Deadesel 601 lâns.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. It hotel waard boud yn 1872-1874 en rekke oan de ein fan de oarloch swier skansearre en is neityd sloopt Website Een toekomst Scheveningen-Bad; sjoch ek Byldbank De Haach