Springe nei ynhâld

Konsintraasjekamp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Konsintraasjekampen)
Auschwitz I - Dûbelt stikeltried om it kamp hinne. Op de triedden stie in deadlike elektryske spanning
Boerefroulju en -bern yn in Britsk konsintraasjekamp yn de Twadde Boere-oarloch, om 1900
Finzenen yn Buchenwald by harren befrijing 1945

In konsintraasjekamp is in kamp dêr't minsken, meastal ûnder militêre twang, byelkoar brocht wurde. It is in ynrjochting om politike tsjinstanners of oars net winske minsken op grûn fan etnyske, religieuze as sosjale skaaimerken te isolearjen en psychysk en/of fysyk te brekken, en yn guon gefallen dea te dwaan. It opsluten yn in kamp bart meast troch administrative hannelingen, sûnder rjochtspraak en rjochtshelp, foar in ûndúdlike tiid en sûnder dat minsken der wat oer te sizzen hawwe.

It begryp konsintraasjekamp wurdt troch de measte minsken streekrjocht yn ferbân brocht mei it gebrûk yn de Twadde Wrâldkriich. Lykswols wie dat net wêr't it begryp weikaam:

Wat de alderearste kear wie dat groepen minsken ûnder twang byelkoarbrocht waarden is ûnwis. By ferskate oarloggen fan de 19e iuw waarden groepen minsken lykwols sa behandele. Dat barde ûnder mear by de kriich om Kuba, en dy om Súd-Afrika.

Twadde wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferskil mei de eardere kampen wie, dat yn de Twadde Wrâldoarloch it doe net altyd it byinoarbringen fan de minsken wie, mar soms ek harren te ferneatigjen. Ek dêr't it net it haaddoel wie, wie de sitewaasje faak sa min dat dochs in protte imsken it kamp net oerlibben.

Nederlânske slachtoffers yn Dútske konsintraasjekampen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It krekte tal Nederlânske deaden yn Dútske konsintraasjekampen is net witten. De neifolgjende feiten binne basearre op getallen fan de Nederlandse Oorlogsgravenstichting wat it lêste rêstplak yn de omkriten fan in tal kampen. De sifers fan Kamp Westerbork komme út it argyf fan de gemeentes Midden-Drinte en Assen. Kamp Amersfoart en Kamp Vught neffens eigen opjefte.

konsintraasjekampNederlânske deaden
Kamp Amersfoart468
Auschwitz57000
Bergen-Belsen1700
Buchenwald750
Dachau600
Esterwegen10
Flossenbürg150
Groß-Rosen370
Majdanek90
Mauthausen1650
Natzweiler100
Neuengamme3000
Ravensbrück260
Sachsenhausen600
Sobibór34500
Stutthof25
Vught699
Kamp Westerbork733
Zöschen120

Oare Dútske kampen dêr't in protte Nederlanners it libben ferlern hawwe:

De sân naziferneatigingskampen:

Italjaanske konsintraasjekampen sûnt begjin 1942:

Ferneatigingskamp:

Nederlânsk-Ynje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Mear as ien kamp yn it gûvernemint Transnistrje.

Hoewol it wurd konsintraajekamp der oarnaris net foar brûkt waard, hie de Sowjetuny in systeem dêr't tsjinstanners fan it rezjym by nei Sibearje stjoerd waarden. It wurk wie dêr hurd, en de sitewaasje wie net bêst, dat it wie twifeleftich of de bedoeling wie dat in finzene ea werom komme soe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: