Springe nei ynhâld

Bełżec (ferneatigingskamp)

Ut Wikipedy
Konsintraasjekampen yn East-Europa
Fan de Britske ynljochtigetsjinst ûntsifere berjocht fan SS-Sturmbannführer Hermann Höfle fan 11 jannewaris 1943 mei de befêstiging fan it deadwaan fan 434.508 persoanen yn Bełżec

Ferneatigingskamp Bełżec, by it plak Bełżec yn it Lublin-distrikt yn Poalen, wie it earste Dútske ferneatigingskamp dat yn de Twadde Wrâldkriich troch de nazi's - yn it ramt fan Aktion Reinhard stifte waard.

It kamp wie fan 17 maart 1942 oant ein juny 1943 yn bedriuw. Der waarden tusken de 430.000 en 500.000 joaden fermoarde yn Bełżec en ek in ûnbekend tal Poalen en Roma; wierskynlik hawwe mar twa joaden it kamp oerlibbe: Rudolf Reder en Chaim Hirszman.

Bełżec wie yn 1940 al in wurkkamp foar arrestearre Poalske joaden. Yn 1942 waarden de earste finzenen nei Bełżec deportearre. Op 13 oktober 1941 hjitte Heinrich Himmler de SS-Brigadeführer fan it goa, Odilo Globocnik, om in konsintraasjekamp te bouwen. It plak Bełżec waard keazen omdat it op de grins fan twa distrikten (Lublin en Galyske) lei, dat Joaden út beide gebieten koene nei itselde kamp deportearre wurde, ek lei dêr al in spoar wat it ferfier nei it lettere kamp makliker makke. Fierders hienen de arbeiders fan it eardere wurkkamp al in grutte kûle útdold, dy't oarspronklik in militêre funksje krije moast, mar no moai as massagrêf tsjinje koe. Novimber 1941 sette Obersturmführer Richard Thomalla útein mei de bou, mei help fan Poalske boargers en Joadske arbeiders. It kamp wie maart 1942 klear.
Christian Wirth en Gottlieb Hering krigen de lieding oer it kamp. Beide hiene by de Dútske plysje wurke en warber west by Tiergarten vier (yn 't koart T4), it eutanasy-programma fan it Tredde Ryk. Wirth hie ferantwurdlik west foar it fergassen fan handicapten yn Brandenboarch yn de jierren '30.

Yn Bełżec waard keazen foar fêst gaskeamers, dêr't koalstofmonokside yn brûkt waard. Yn Chełmno wiene earder gasweinen foar it fergassen brûkt, maar dat foldie net fanwege it grutte tal minsken dat ombrocht wurde moast. Op de lêste dei dat Bełżec yn Dútske hannen wie, waarden noch joadske kantoarlju fergast om har foar altyd swije te litten. De trije gaskeamers fan it kamp waarden 17 maart 1942 yn gebrûk naam en seagen der oan de bûtekant as gewoane houten barakken út. Nei oankomst op it perron waard it grutstepart fan de finzenen fuortendaliks de gaskeamer yndreaun en fergast; in minderheid waard brûkt om lichems út de gaskeamers te heljen en te bedobjen, en om klean en oare besittings fan de slachtoffers te sortearjen. Dy arbeiders waarden om de safolle tiid ek ombrocht om in opstân foar te kommen. It ferneatigingsproses heakke lykwols geregeldwei: de oanfier fan gas nei de gaskeamers gie faak stikken en de liken yn de massagrêven swollen op troch de waarmte fan de ûntbining en kamen sa bleat te lizzen. It lêste waard yn lettere ferneatigingskampen foarkaam troch de deaden te ferbaarnen.
De eerste gaskeamers waarden letter ferfongen troch seis nije, stiennen gebouwen mei in gruttere kapasiteit. Doe koenen sa'n tûzen minsken yn ien kear fergast wurde. Nettsjinsteande it gruttere rindemint wie it nei it transport fan desimber 1942 dien mei Bełżec, omdat op dat stuit sawat de hiele de Joadske befolking fan Lublin en Galysje al útrûge wie. De SS wie fan betinken dat Auschwitz-Birkenau de finzenen dy't oerbleaune wol hawwe koe. Maart 1943 waard it kampterrein omploege, beplante en waard dêr in pleats set.

Rjochtsferfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Christian Wirth, de haadkommandant, waard yn 1944 yn Itaalje deadien. Gottlieb Hering stoar hjerst 1945 yn in fjildhospitaal yn Heilbronn. Mar ien SS'er dy't yn it kamp wurke hie, Josef Oberhauser, waard foar in rjochtbank brocht. Yn 1965 krige hy oant 4,5 jier selstraf. Hy stoar yn 1979.

July 2010 waard Samuel Kunz (1921), in eardere beweitser fan it kamp yn steat fan beskuldiging steld fanwege oarlochsmisdieden. Kunz wurke fan jannewaris 1942 oant july 1943 yn Bełżec. Hy soe sels by twa barrens tsien joaden deasketten hawwe. Syn namme kaam boppedriuwen yn it ûndersyk foar it proses tsjin John Demjanjuk. Samuel Kunz stoar foardat er berjochte wurde koe, yn de âldens fan 89 jier, op 18 novimber 2010.

Betinkingsmonumint Bełżec

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]