Springe nei ynhâld

Chelmno

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Chełmno (ferneatigingskamp))
Nazy-ferneatigingskampen
Monumint Chelmno
Finzenen yn Chelmno foar't se de gaswein yngiene

Chelmno (Poalsk: Chełmno; Dútsk: Kulmhof) wie in ferneatigingskamp fan de Nazi's in Poalen yn de Twadde Wrâldkriich. It bestie út in âlde bûtenpleats (Slosslager) en in kamp yn in bosk (Waldlager) en lei likernôch 70 kilometer bûten Lods, by de stêd Chełmno nad Nerem (Kulmhof an der Nehr).

Chelmno wie it earste kamp dêr't finzenen op grutte skaal ombrocht waarden. De finzenen waarden yn sletten frachtweinen opsletten en ridende wei waarden dan de útlitgassen werom yn de laadromte brocht. It duorre sa'n 7 minuten eardat men dea wie. Men ried fan it Schlosslager nei it Waldlager en dêr, yn de bosk, waarden de liken yn massagrêven bedobbe. Dat barde troch de Sonderkommandos fan de SS oanfolle mei Joadske finzenen. Om't dy grêven op grutte ôfstân lange tiid te rûken wiene, gie men letter oer ta it ferbaarnen fan de liken yn de iepen loft.

It kamp waard op 8 desimber 1941 iepene en hat bestien oant maart 1943. De Joaden út it Wartheland Distrikt (út de omkriten fan Chelmo) wiene doe allegear ferneatige. It kamp waard opnij yn gebrûk nommen yn 1944. It wiene doe foaral Joaden út it getto fan Lods dy't dêr harren ein fûnen. Yn de rin fan de oarloch waarden ek Hongaarske en Tsjechyske Joaden en Russyske kriichsfinzenen nei kamp deportearre. Men rûst it tal slachtoffers op sa'n 360.000 minsken, mar guon ûndersikers fine dat te heech.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]