Bergen-Belsen

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer twadde wrâldkriich.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Bergen-Belsen wie in kriichsfinzenen- en konsintraasjekamp dêr't yn de Twadde Wrâldkriich goed 70.000 minsken de dea fûn hawwe. It wie ien fan de gruttere konsintraasjekampen yn Dútslân, yn de dielsteat Nedersaksen. It lei 60 km benoardeasten Hannover, ûnder Celle oan de súdrâne fan de Lüneburger Heide. Op de offisjele Dútske list fan konsintraasjekampen hat Bergen-Belsen nûmer 96.[1]

Betinkings- en stúdzjesintrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it terrein fan it eardere kamp Bergen-Belsen is in besikers- en stúdzjesintrum festige. It terrein is in soarte fan park mei taluds en symbolyske grêven. Op ien fan dy symbolyske grêven stiet in stien foar Anne Frank en Margot Frank. It terrein hat sa'n tsien monuminten. Op it plak dêr't fuort nei de befrijing in bjirkehouten krús dellein waard troch de befrijde oerlibbenen, stiet no in fiif meter heech houten krús. Der is in hege pylder by in betinkingsmuorre. Bûten it eardere kamp wienen massagrêven foar Russyske en Poalske kriichsfinzenen. Dat plak is ek in monumint. De fierderop by Bergen lizzende Rampe wurdt wer brûkt troch it Dútske leger. Op it âldste stikje spoar stiet in neimakke feewein sa't dy yn de oarloch brûkt waarden foar it ferfier fan minsken.

Bergen-Belsen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (dú) Bundesrecht.Juris.de