Springe nei ynhâld

Mauthausen (konsintraasjekamp)

Ut Wikipedy
Tagong mei haadpoarte Mauthausen
Tagong foar ferkear
Tagong mei de letter delhelle earn

Mauthausen-Gusen wie in konsintraasjekamp yn de Twadde Wrâldkriich, wêrfan't it haadkamp tichteby it Eastenrykske plak Mauthausen lei. Mauthausen-Gusen bestie út it haadkamp Mauthausen (likernôch 20 kilometer eastlik fan Linz yn Opper-Eastenryk) en in groep fan hast 100 subkampen yn hiel Eastenryk en Súd-Dútslân. De trije Gusen-kampen leine in pear kilometer fan Mauthausen ôf yn de omjouwing fan St Georgen-Gusen. Bytiden wie it tal finzenen yn de Gusen-kampen noch heger as yn it haadkamp sels.

It kamp Mauthausen funksjonearre sûnt de Anschluss op 8 augustus 1938, doe't Eastenryk ûnderdiel waard fan it Tredde Ryk, oant 5 maaie 1945, de offisjele ein fan de Twadde Wrâldkriich. Yn de rin fan de tiid waard it kamp yn Mauthausen útwreide mei subkampen en yn 1940 hearde it Mauthausen-kompleks ta ien fan de grutste konsintraasjekampsystemen fan Nazy-Dútslân. De finzenen waarden twongen om hurd te wurkjen ûnder omstannichheden dy't foar in soad ta in wisse dea laten. Yn Mauthausen leine stiengroeves, fabriken foar it meitsjen fan munysje, minen, wapenfabriken en fleantúchfabrieken. Yn jannewaris 1945 wennen yn de kampen likernôch 85.000 finzenen. Hoefolle minsken it libben lieten yn de kampen is net bekend, mar de measte rûzings hâlde it op 122.766 oant 320.000 foar it hiele kompleks.

Mauthausen wie ien fan de earste grutte kampen fan it Tredde Ryk en it wie it lêste kamp dat befrijd waard. De twa grutste kampen, Mauthausen en Gusen I, wiene ûnder Stufe III yndield, dat wol sizze dat it de strangste kampen wiene foar de "ûnferbetterlike fijannen fan it Ryk". Yn de burelen fan it Reichssicherheitshauptamt krige it dan ek de bynamme Knochenmühle ("Bonkemûne").

Oars as oare konsintraasjekampen wie Mauthausen benammen ornearre foar it troch twangarbeid útroegjen fan de yntelliginsia en de boppelaach fan de yn de Twadde Wrâldkriich besette lannen. Tsjintwurdich is Mauthausen in museum.

Op 9 augustus 1938 waarden finzenen fan it konsintraasjekamp Dachau by München nei Mauthausen yn Eastenryk fierd, om dêr in begjin te meitsjen oan de bou fan in nij wurkkamp. It plak wie keazen fanwegen de groeve dy't deunby lei en de gaadlike lizzing by it plak Linz. Alhoewol't it kamp fan it begjin ôf oan ûnder it behear fan de Dútske steat foel, waard it troch in partikulier bedriuw stifte as in ekonomysk bedriuw. De eigner fan de groeve Wienergraben wie in saneamd DEST-bedriuw, in akronym foar de Deutsche Erd– und Steinwerke GmbH. It hierde de stiengroeves fan de gemeente Wenen en sette útein mei de bou fan it kamp Mauthausen. In jier letter joech DEST de opdracht om ek it earste kamp by Gusen oan te lizzen.

It granyt dat dêr wûn waard wie earder brûkt foar it oanlizzen fan strjitten yn Wenen, mar foar de plannen om neffens ûntwerpen fan Albert Speer de grutte Dútske stêden te rekonstruearjen hiene de nazy's in soad granyt nedich. It finansierjen foar de oanlis fan Mauthausen koe mei lieningen fan de Dresdner Bank, it Dútske Reade Krús en it saneamde Reinthardt's Fûns (jild dat stellen wie fan de finzenen sels) dutsen wurde.

Ynearsten wie Mauthausen as konsintraasjekamp foar gewoane kriminelen, huorren en oare kategoryen fan "Unferbetterlike Wetsoertreders" ornearre, mar op 8 maaie 1939 waard Mauthausen yn in wurkkamp omset, dat benammen brûkt waard foar it finzen setten fan politike tsjinstanners.

Loftfoto Gusen I and II

De Gusen-kampen wiene trije ferskate konsintraasjekampen yn it distrikt Perg fan Opper-Eastenryk:

  • Gusen I by it plak Gusen yn de gemeente Langenstein
  • Gusen II by it plak St Georgen yn de gemeente St Georgen-Gusen
  • Gusen III by it plak Lungitz yn de gemeente Katsdorf

Yn de trije kampen waarden in grut part finzenen fan it Mauthausen-Gusen kompleks ûnderbrocht, dat bytiden it tal finzenen fan it haadkamp Mauthausen oertrof.

Wiener Graben

Yn maaie 1938 sette DEST útein mei it krijen fan grûn yn St Georgen-Gusen en yn 1938 en 1939 marsjearden kolonnes finzenen út Mauthausen alle dagen nei de stiengatten fan St Georgen-Gusen, dy't wichtiger en produktiver wiene foar DEST as dy fan Wiener Graben. Nei de Dútske oanfal op Poalen yn septimber 1939 rekke Mauthausen oerbefolke troch de oanfier fan nije finzenen út Poalen. Yn dy tiid waard in nij kamp by Gusen oanlein foar de Poalen, likernôch 4,5 kilometer fierder. It nije kamp, dat bekend waard ûnder Gusen I, waard yn maaie 1940 yn gebrûk nommen. De earste finzenen waarden yn april 1940 yn in pear barakken ûnderbrocht, wylst it earste transport finzenen, foaral út de kampen Dachau en Sachsenhausen, in moanne letter op 25 maaie arrivearre.

Lykas yn Mauthausen ferhierde de Gusen-kampen ek finzenen oan lokale bedriuwen om slavewurk te dwaan. Yn oktober 1941 waarden ferskate barakken yn it Gusen-kamp mei stikeltrie ôfset foar it ynrjochtsjen fan in apart wurkkamp foar kriichsfinzenen (Dútsk: Kriegsgefangenenarbeitslager). Yn it kamp waarden in soad Sovjet-ofsieren finzen set.

Yn 1942 waard Gusen fergrutte foar in sintraal depot fan de SS, om dêr saken dy't yn beslach nommen waarden yn de besette gebieten te sortearjen en te ferdielen oer Dútslân. Om't jimmeroan mear Eastenrikers oproppen waarden foar tsjinst yn de Wehrmacht waard de fraach fan bedriuwen nei nije wurkkrêften ek hieltiten grutter. It SS-depot waard yn maart 1944 omset yn in nij subkamp, Gusen II, dat oant de ein fan de kriich tsjinne as in improvisearre konsintraasjekamp wêr't sels de meast basale fasiliteiten ûntbrieken. Yn desimber 1944 waard it kamp Gusen III by Lungitz iepene. Ek al naam it tal kampen ta, it koe net ferhelpe dat de barakken fan de kampen jimmeroan foller waarden en fan 1940 oant 1944 naam it tal finzenen op ien bêd ta fan ien nei fjouwer.

Satellytbyld fan Eastenryk mei in tal subkampen fan Mauthausen

Alhoewol't de kampen fan Gusen en Mauthausen ynearsten foaral ynsetten waarden foar de lokale groeves, waarden se fanôf 1942 ek ûnderdiel fan de Dútske kriichsyndustry. Foar it jimmeroan oanwaaksjende tal slaven moasten nije subkampen (Dútsk: Außenlager) fan Mauthausen byboud wurde. Tsjin de ein fan de kriich foelen al 101 kampen ûnder Mauthausen, wêrfan 49 grutte subkampen, ferspraat oer hiel Eastenryk. Ofhinklik fan de funskje waarden kampen yn ferskate kategoryen ferdield: produksjekampen foar fabrykswurkers, saneamde Baulager foar bouwurksumheden, Aufräumlager foar it opromjen fan pún yn de troch de Alliearden bombardearre stêden en Kleinlager foar finzenen dy't spesjaal foar SS-ers wurkje moasten.

Kommandant Franz Ziereis

De kommandant fan Mauthausen wie ynearsten Albert Sauer, dy't dy posysje fan 1 augustus oant 1 april 1939 offisjeel beklaaide. Sûnt mids febrewaris 1939 wie Franz Ziereis kampkommandant. Ziereis bleau oant de opheffing yn 1945 kommandant fan Mauthausen.

De produksje fan Mauthausen en de subkampen oertrof dy fan elk fan de fiif oer grutte wurkkampen: Auschwitz-Birkenau, Flossenbürg, Groß-Rosen, Marburg en Natzweiler-Struthof; sawol wat de produksjekwota as de winst oanbelanget. De list fan bedriuwen dy't gebrûk makken fan twangarbeiders út Mauthausen en de subkampen wie lang mei grutte nasjonale bedriuwen, mar ek lytsere en lokale bedriuwen en gemeentes. Guon dielen fan de groeves waarden omset yn in fabryk, dêr't Mauserpistoalen makke waarden. Yn 1943 waard yn Gusen in ûndergrûnske fabryk foar Steyr-Daimler-Puch boud. Meiïnoar makken 45 gruttere bedriuwen fan Mauthausen en de subkampen ien fan de meast winstjaande konstrintraasjekampen fan Nazy-Dútslân mei allinne al in winst fan 11.000.000 Ryksmark yn 1944.

Finzenen waarden ek as slaven ferhierd oan lokale buorkerijen, foar it oanlizzen fan diken, it reparearjen fan de iggen fan de Donau en de bou fan wenten yn Sankt Georgen of it bleatlizzen fan argeologyske lokaasjes yn Spielberg.

Doe't de Alliearden in begjin makke mei it strategysk bombardearjen fan de Dútske kriichsyndustry, besletten de nazy's om de produksje ûndergrûnsk te ferlizzen. Yn Gusen I krigen de twangarbeiders opdracht om in tal grutte tunnels ûnder de heuvels om it kamp hinne te graven. De kodenamme fan dy operaasje wie Kellerbau. Tsjin it ein fan de kriich hiene de twangarbeiders 29.400 m² útgroeven om in wapenfabryk yn ûnder te bringen. Yn jannewaris 1944 waarden ûnder de kodenamme Bergkristall troch de finzenen fan Gusen II ek sokke tunnels boud ûnder it doarp Sankt Georgen om yn de likernôch 50.000 m² grutte romte jachtfleantugen en rakketten fan Messerschmitt en oar kriichmaterjaal te produsearjen. Oan it ein fan 1944 wurken yn Gusen I en Gusen II likernôch 11.000 finzenen ûndergrûnsk, wylst nochris 6.500 minsken wurken oan de fierdere útwreiding fan it netwurk fan tunnels en romten. Alle moannen koene der yn 1945 1.250 fleantugen ôflevere wurde en dêrmei wie it nei de (ek ûndergrûnske) fabryk fan Mittelbau-Dora de grutste fleantúchfabryk fan Dútslân.

Finzenen wachtsje by oankomst op de desynfeksje

Oant teminsten 1942 waarden benammen politike en ideologyske tsjinstanners fan de nazy's nei Mauthausen stjoerd. It kamp tsjinne de Dútske kriichsmasjine en liet de minsken wurkje oant se stoaren. As finzenen folslein oanein wiene nei 12 oeren bealgjen yn de groeve, of as hja te siik wiene om noch te wurken, waarden se oerbrocht nei de sikenbarakken. Ynearsten hie it kamp net in eigen gaskeamer. De saneamde Muselmänner, finzenen dy't hielendal útrûpele wiene, waarden dan brocht nei oare kampen om se te deadzjen (meastentiids it Hartheim Eutanasy Sintrum, dat likernôch 40 kilometer fierder lei) of mei in ynjeksje fermoarde en dêrnei yn it kamp kremearre. Dat waard lykwols te djoer fanwegen de tanimmende oanwaaks fan nije finzenen en fanôf 1940 krige Mauthausen in eigen gaskeamer. Yn it begjin ried in mobile gaskeamer yn de foarm fan in frachtwein mei in útlaat dy't nei binnen gyng Mauthausen en Gusen op en del. Doe't de gaskeamer klear wie koene der 120 finzenen yn ien kear fergasse wurde.

Oant it begjin fan 1940 bestie de grutste groep finzenen út Dútske, Easterrykske en Tsjechoslowaakske sosjalisten, kommunisten, homoseksuelen en sigeuners. Op grûn fan leauwe waarden de Jehova's tsjûgen nei Mauthausen stjoerd, om't hja wegeren trou oan Hitler te swarren en net tsjinje woene yn de Wehrmacht. Yn it earste diel fan 1940 bestie de oanwaaks fan de finzenen benammen út Poalen. De earste groepen wiene artiesten, wittenskippers, leararen en professoaren, minsken út de boppelaach dy't yn it ramt fan de Interlligenzaktion en AB Action arrestearre wiene. Kamp Gusen II waard troch de nazy's Vernichtungslager für die polnische Intelligenz neamd.

Sovjetyske kriichsfinzenen

Letter yn de kriich koene de finzenen út alle kategoryen bestean, mar it wie wol sa dat minsken mei in oplieding en politike finzenen altiten oant yn it ein fan de kriich it grutste part fan de kampbefolking útmakke ha. Ek waarden grutte groepen Spaanske republikeinen nei Mauthausen en de subkampen deportearre. In soad fan harren wiene soldaten of aktivisten dy't foar Franco flechte wiene en troch de Dútsers finzen nommen waarden nei't Frankryk kapitulearre yn 1940 of troch de autoriteiten fan Vichy oerdroegen waarden oan de Dútsers. De measte minsken fan dy groepen arrivearren yn jannewaris yn 1941 yn Gusen. Hast alle Poalen en Spanjaarden waarden oan it begjin fan 1941 fan Mauthausen nei Gusen oerbrocht. Doe't Dútslân de Sovjet-Uny binnenfoel waard de kampbefolking oanfolle mei grutte tallen Russyske kriichsfinzenen, dy't yn aparte barakken fan de rest fan it kamp ôfsûndere waarden. De kriichsfinzenen út de Sovjet-Uny hearden ta de earste groepen dy't yn de nije gaskeamer yn 1942 fergast waarden. Yn 1944 arrivearre der ek in grutte groep Hongaarske en Nederlânske joaden, meiïnoar likernôch 8.000 minsken. Lykas by de oare groepen fûnen ek hja de dea troch de slavewurk en strieminne omstannichheden of in oare opsetlike wize fan fermoardzjen.

Joegoslavyske finzenen yn Mauthausen

Nei de nazy-ynfaazje fan Joegoslaavje yn april 1941 en it útbrekken fan it ferset fan de partisanen yn 'e simmer fan itselde jier, waarden in soad minsken dy't fertocht wiene fan stipe oan it Joegoslavyske ferset nei Mauthausen deportearre, meastentiids út Noard-Sloveenje en Servje. Likernôch 1.500 Slovenen ferstoaren yn Mauthausen.

De measte finzenen fan de subkampen fan Mauthausen hiene ear't se dêr telâne kamen earder al yn in tal oare kampen sitten, lykas yn Dachau en Auschwitz. It earste transport út Auschwitz kaam yn febrewaris 1942. It twadde transport wie yn juny fan dat jier en mei 1.200 finzenen folle grutter as it earste. Mear transporten folgen yn 1943 en 1944. Nei in besite fan Adolf Eichmann oan Mauthausen kaam der yn 1944 ek in tranport mei Hongaarske joaden út Auschwitz; it wie de earste groep dy't út Auschwitz evakuearre wurde moast fanwegen it naderjende Reade Leger. Ynearsten wiene it benammen de kwalifisearre twangarbeiders dy't fanút Auschwitz nei Mauthausen en de subkampen waarden oerbroncht, mar letter waarden der ek oare kategoryen finzenen nei Mauthausen, Gusen, Wenen en Melk deportearre.

Mei de tiid koe Auschwitz gjin nije finzenen mear oan en de measten waarden ynstee dêrfan nei Mauthausen deportearre. De lêste groep, likernôch 10.000 finzenen, waard evakuëarre mei de lêste weach yn jannewaris 1945, in pear wiken ear't it kompleks Auschwitz-Birkenau befrijd waard troch it Reade Leger. Dêrûnder wie ek in grutte groep boargers dy't troch de Dútsers oppakt waarden nei it mislearjen fan de opstân yn Warsjau. By de befrijing wiene der noch mar 500 fan yn libben. Yn de lêste moannen fan de kriich kamen der yn Mauthausen noch 23.364 minsken fanút oare kampen nei it kampkompleks. Folle mear minsken kamen lykwols om by de deadenmarsen, of yn spoarwagons, wêr't finzenen by harren oankomst by temperaturen ûnder nul sûnder iten en wetter yn opsletten waarden. In soad ferstoaren noch foar de registraasje, al hiene hja de reis oerlibbe, wylst oaren kampnûmers krigen fan oare bewenners dy't al earder fermoarde wiene. De measten waarden yn de kampen of yn it nije tintekamp (Zeltlager) krekt bûten Mauthausen ûnderbrocht, dêr't sa'n 2,000 minsken yn tinten twongen waarden dy't eins bedoeld wiene foar net mear as 800 finzenen.

Kampbordeel

Lykas yn oare kampen wiene de finzenen net lyk oan inoar. De behanneling hong ôf fan de kategory dêr't in finzene ûnder foel, de nasjonaliteit en de status yn it kampsysteem. De saneamde kapo's, finzenen dy't útsocht wiene om as in soarte fan plyse oer de kampbewenners te hearskjen, krigen mear te iten en waarden betelle yn de foarm fan kampbonnen, dy't ynwiksele wurde koene foar sigaretten. Ek hiene de kapo's fakentiden in eigen ôfskieden romte yn de barakken. Yn opdracht fan Himmler waard yn 1942 in bordeel iepene yn Mauthausen en Gusen I.

Froulju en bern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonge finzenen

Alhoewol't it Mauthausenkomplekt as in wurkkamp foar manlju ornearre wie, waard der yn 1944 ek in kamp foar froulju iepene yn Mauthausen, doe't der fanút Auschwitz in earste transport mei froulju oankaam. Dêrnei folgen mear transporten fan froulju en bern út Ravensbrück, Bergen-Belsen, Gross-Rosen en Buchenwald. Tegearre mei de froulike finzenen kamen ek in pear froulike bewakers; fan twintich is bekend dat hja wurke ha yn it kamp Mauthausen en sechtich yn it hiele kompleks. SS Oberaufseherin Margarete Freinberger liede earst it froulju's kamp en dêrnei Jane Bernigau. De measte froulike opsichters dy't yn Mauthausen tsjinnen kamen út Eastenrykske stêden. Yn it begjin fan april 1945 kamen nochris 2.500 froulike finzenen út de subkampen fan Amstetten, St. Lambrecht, Hirtenberg en Flossenbürg. Neffens Daniel Patrick Brown soe ek Hildegard Lächert (bekend ûnder de bynamme Blutige Brigitte) yn Mauthausen tsjinne ha .

Neffens de beskikbere statistiken fan Mauthausen soene yn de maaitiid fan 1943 2.400 finzenen ûnder de tweintich jier west ha. Dat komt oerien mei 12.8% fan de kampbefolking (18.655). Yn maart 1945 wie it tal jonge finzenen tanommen ta 15.048, itjinge oerienkomt mei 19.1% fan de totale kampbefolking fan dy tiid (78.547). It tal ûnfolwoeksenen yn it kamp wie dus mei de faktor 6.2 tanommen, wylst de folwoeksen kampbefolking mei de faktor 4.2 tanommen wie. Dat hie te meitsjen mei it jimmeroan tanimmende gebrûk fan jongerein út Poalen, Tsjechoslowakije, Ruslân en de Balkan foar it slavenwurk.

Mauthausen wie net it iennige kamp dêr't de Dútske autoriteiten harren útroegingsprogramma troch slavewurk útfierden, mar it rezjym wurdt dêr wol as ien fan it dreechst te dragen beskôge, sels neffens de noarmen fan in konsintraasjekamp. De kampbefolking hie net allinne slim te lijen fan honger, oerbefolking en mishanneling en it ôfseamjen fan kapo's en bewakers, mar ek troch de útsûnderlik swiere arbeid. Net alle finzenen fan Mauthausen koene fanwegen de oerbefolking tagelyk yn de groeve wurkje. De ûngelokkigen dy't dat al moasten wiene selektearre fanwegen sabeare ferkeard gedrach. It lytste fergryp, bygelyks it net groetsjen fan in foarbykommende Dútser, koe al genôch reden wêze om de groeve yn stjoerd te wurden.

De Deadentrep

It wurk yn de groeves, somtiden by temperaturen fan −30 °C of ûndraachlike waarmte, risseltearre yn in soad stjergefallen. De porsjes iten stelden net in soad foar en yn de jierren 1940-1942 wie de gemiddelde finzene mar 40 kilo swier. Yn de rin fan de kriich sakke it tal kaloryen noch fierder en yn 1945 krige in finze net mear as 600 oant 1000 kaloryen deis, noch minder as in tredde dat in wurker yn de swiere yndustry nedich hat.

Himmler dy't by in besite oan it kamp oer de Deadentrep rint (juny 1941)

Under de saneamde Deadentrep lei de stiengroeve fan Mauthausen. Finzenen moasten blokken granyt, dy't fakentiden wol 50 kilo swier wienen, oer 186 trêden nei boppe drage. De iene finzene moast de oare folgje. Underweis sakken de yn- en ynwarge finzenen somtiden yn. Dat feroarsake dan in domino-effekt, wêrby't de earste finzene oer de oare achter him hinnefoel ensafuorthinne, hielendal oant ûnder oan de trep. Sokke brutaliteiten wiene net seldsum. SS-bewakers twongen finzenen faak, nei oerelang twangarbeid sûnder iten en wetter, om mei stiennen blokken de trep op te draven. Dyjingen dy't der yn slaggen om boppe te kommen waarden faak yn in rige oan de râne fan it klif opsteld, dy't de Dútsers Fallschirmspringerwand neamden ("Parasjutenspringersmuorre"). Eltse finzene krige dêr de kar om deasketten te wurden of de finzene dy't foar him stie oer de râne fan it klif te triuwen.

Fallschirmspringerwand

Finzenen dy't siik wiene, net mear geskikt wiene foar it swiere wurk of kollektyf ferantwurdlik steld waarden foar in fergryp waarden troch SS-bewakers of kapo's deaslein of yn bunkers úthongere, ophongen of deasketten. Somtiden smieten de kapo's mei sin finzenen yn it stikeltried, dêr 380 folt op stie of twongen se finzenen de grinzen fan it kamp te ferlitten om se sabeare ûnder de flecht ôf te sjitten. In oar foarbyld fan sadistyske metoades wiene de iiskâlde dûsen. Likernôch 3.000 finzenen stoaren oan ûnderkuolling nei't se twongen waarden in iiskâlde dûs te nimmen en dêrnei bûten yn de kjeld te bliuwen. Yn Gusen I waard in grut tal kampbewenners fermoarde troch se te fersûpen yn tonnen mei wetter.

Ek fierden de nazy's pseudo-wittenskiplike eksperiminten út op finzenen. Under de dokters wiene Sigbert Ramsauer, Karl Gross, Eduard Krebsbach en Aribert Heim. Heim waard troch finzenen Doktor Tod neamd; hy wie sân wiken yn Gusen, wat genôch wie om syn eksperiminten út te fieren. Ramsauer bekende ek dat sa'n 2.000 finzenen fan Mauthausen mei psychyske klachten yn it ramt fan Action 14f13 mei in fenol-ynjeksje fermoarde binne.

Nei de kriich rapportearre de Poalske arts Antoni Gościński dat der yn Mauthausen en Gusen 62 ferskate metoades wiene om minsken te fermoardzjen. De trochsnit libbensdoer fan nije finzenen waard troch Hans Maršálek rûsd fan seis moannen tusken 1940 en 1942 oant minder as trije moannen yn it begjin fan 1945. Nettsjinsteande dat waard mei de groei fan de yndustry yn de ferskate subkampen fan Mauthausen de sitewaasje foar guon finzenen stikken better. Wylst de rantoenen alle moannen lytser waarden, easke de swiere yndustry spesjalisten yn stee fan arbeiders sûnder oplieding. Boppedat wie op dy plakken de wredens fan de SS en Kapo's fan it kamp beheind. Alhoewol't finzenen noch jimmeroan mishannele waarden en de saneamde Muselmänner fermoarde waarden, mochten fanôf 1943 guon fabryksarbeiders (fakentiden Poalen en Frânsen) paketten fan famyljes ûntfange.

Op 6 en 7 septimber waarden 47 Britske en Nederlânske aginten troch de SS yn Mauthausen fermoarde. Dêrby kaam ek de út Rinsumageast ôfkomstige Meindert Koolstra om it libben.

Yn totaal namen de Dútsers 59 aginten finzen, dy't foar it meastepart yn kamp Haaren opsletten waarden. Dêrfan kamen 54 om yn de perioade van 6 oant en mei 8 septimber, hast allegeare troch eksekúsjes yn it konsintraasjekamp Mauthausen.

Yn febrewaris 1945 besochten 500 Sovjetofsieren meiïnoar te flechtsjen. Hast allegear waarden yn de trije wiken dêrnei troch SS-ers opjage en fermoarde by de saneamde Mühlviertler Hasenjagd ("De hazzejacht fan Mühlviertel"). Alve minsken oerlibben mei help fan de befolking de "jacht". De kriichsmisdied krige grutte bekendheid troch de film Hasenjagd – Vor lauter Feigheit gibt es kein Erbarmen fan Andreas Gruber.

Ferdieling slachtoffers neffens nasjonaliteit

It krekte deadental fan Mauthausen en de subkampen sil nea bekend wurde. Ear't de SS-ers op 4 maaie 1945 de kampen ferlieten diene se alle war om safolle mooglik bewizen en dossiers te ferneatigjen. Nije finzenen krigen fakentiden nûmers fan finzenen dy't al dea wiene. It wurdt boppedat noch dreger troch't guon finzenen fan Gusen yn Mauthausen fermoarde binne en ek nochris 3.423 nei it eutanasysintrum Hartheim gyngen. Ek binne der tûzenen minsken fermoarde yn de gasweinen, sûnder dat de bewarre dokuminten dúdlik meitsje om hoefolle slachtoffers it krekt gyng.

Yn de earste dagen nei de befrijing besetten leden fan in Poalske fersetsorganisaasje it haadkantoar fan de SS. Sa kamen hja tefoarren dat oare finzenen it haadkantoar yn 'e brân stekke koene. Ien fan de Poalske oerlibbenen brochten de dêr oanwêzige argiven oer nei Poalen, dêr't se yn it Auschwitz-Birkenau Museum yn Oświęcim ûnderbrocht waarden. Ek in part fan de deadenlist fan Gusen I waard feilich steld troch Poalske finzenen, dy't it register nei Austraalje brochten. Yn 1969 waarden de listen oerdroegen oan de Ynternasjonele Opspoaringstsjinst fan it Ynternasjonale Reade Krús

De argiven dy't wol bewarre binne befetsje de persoanlike dossiers fan 37.411 fermoarde finzenen: 22.092 Poalen, 5.024 Spanjaarden, 2.843 Sovjet-kriichsfinzenen en 7.452 finzenen fan oare nasjonaliteiten. Yn Mauthausen ferstoaren 38.120 joaden. De deadenregisters fan Gusen neame nochris 30.536 nammen.

It eksakte deadental fan it hiele kampensysteem fan Mauthausen lit in grut ferskaat sjen, itjinge ôfhinget fan de boarnen dy't brûkt wurde. Undersikers neame tallen tusken 122.766 en 320.000. Ek wurde faak tallen fan 200.000 en "oer de 150.000" neamd. Ferskate skiedkundigen brûke foar de haadkampen Mauthausen, Gusen I, II en III sifers tusken 55.000 en 60.000. Dêrnjonken ferstoaren nei de befrijing nochris 1.042 finzenen yn de Amearikaanske fjildhospitalen.

Fan de likernôch 320.000 minsken dy't yn de hiele oarloch yn de ferskate kampen fan Mauthausen sitten ha, oerlibben mar 80.000.

Finzenen fiere harren befrijning. Spaanske finzenen hawwe in doek ophongen mei de tekst: De Spaanske Anty-Faksisten groetsje de Befrijers

Yn de lêste moannen foar de befrijing makke kommandant Franz Ziereis it kamp klear foar de ferdigening tsjin in mooglik Sovjet-offensyf. De oerbleaune finzenen waarden opjage om eastlik fan Mauthausen in liny fan graniten anty-tank obstakels oan te lizzen. Finzenen dy't it swiere wurk net mear dwaan koene waarden yn grutte oantallen fermoarde om romte te meitsjen foar nije transporten út oare kampen, benammen subkampen fan Mauthausen yn it easten fan Eastenryk. Yn de lêste moannen droege de wichtichste boarne fan iten op: de itenspakketten dy troch it Reade Krús stjoerd waarden. Guon finzenen makken plannen om it kamp te ferdigenjen foar it geval de SS fan doel wie om alle finzenen út te roegjen.

Finzenen koart nei de befrijing

Heinrich Himmler joech opdracht om alle finzenen ôf te slachtsjen en tefoarren te kommen dat harren wurkslaven as tsjûgen troch de Alliearden brûkt wurde koene. Ziereis wie fan doel om alle finzenen yn de tunnels fan de ûndergrûnske fabriken fan Kellerbau te jeijen en dêrnei de tagongen op te blazen. It plan waard bekend by ien fan de Poalske fersetsorganisaasjes, dy't ark begûn yn te sammeljen om yn de yngongen fentilaasjeskachten te graven.

It is net dúdlik woarn wêrom't de finzenen fan Gusen I en II net massaal fermoarde binne. Op 28 april, sabeare om't der in loftoanfal komme soe, waarden 22.000 finzenen fan Gusen yn de tunnels dreaun. Nei in pear oeren mochten se de tunnels lykwols wer ferlitte. Ien fan de redenen kin west ha dat Poalske finzenen der yn slagge wiene om de lonten troch de snijen. Neffens Ziereis sels soe syn frou him derfan oertsjûge ha om de oarders fan Himmler net út te fieren. Alhoewol't it plan net troch gyng, wiene de finzenen dochs benaud dat de SS de finzenen op oare wizen deadzje woene. Poalske, Frânske en Sovjet-finzenen rieden dêrom in plan ta om de SS-barakken oan te fallen om sa oan wapens te kommen. In ferlykber plan waard ek troch Spaanske finzenen taret.

Op 3 maaie makken de SS en oare bewakers tariedings foar de evakuaasje fan it kamp. De oare deis waarden de bewakers fan Mauthausen ferfongen troch leden fan de Volkssturm, dy't gjin wapens droegen, en in ynprovisearre ienheid fan âldere plysje-ofsieren en brânwachten út Wenen. It kamp krige in foarm fan selsbestjoer mei Martin Gerken, de heechste kapo fan de Gusenkampen, as nije kommandant. Hy besocht in soarte fan bestjoer foar it kamp te foarmjen oant it befrijd waard, mar him waard kollaboraasje mei de SS ferwiten en syn plannen mislearren. Al it wurk yn de subkampen fan Mauthausen waard del lein en de finzenen makken harren op foar de oansteande befrijing of ferdigening fan de kampen tsjin in mooglike oanfal fan de SS-ienheden dy't noch yn de omkriten oanwêzich wiene. Sa'n oanfal hat der yndied yn it subkamp Mauthausen west, mar de kampbewenners wisten de oanfal ôf te slaan en namen it kamp dêrnei oer.

Tydlik idintiteitsbewiis fan in finzene nei de befrijing

Fan de subkampen fan Mauthausen waard allinne Gusen III evakuëarre. Op 1 maaie moasten de finzenen op deadenmars rjochting Sankt Georgen, mar al nei in pear oeren krigen se de opdracht werom te gean nei it kamp. De oare deis waard de operaasje nochris besocht, mar no ôfblaasd. Wer in dei letter ferlieten de SS-bewakers it kamp en lieten de finzenen oan harren lot oer.

Op 5 maaie 1945 arrivearre in groep Amearikaanske soldaten fan it 41e Reconnaissance Squadron fan de Amearikaanske 11e Pantserdivyzje, it 3e Amearikaanske leger. De ferkenningsploech waard oanfierd troch stêfsersjant Albert J. Kosiek. Syn mannen ûntwapenen de plysjes en ferlieten dêrnei it kamp. Tsjin de tiid dat it kamp befrijd waard wiene de measte SS-ers fan Mauthausen al útnaaid. Mei de likernôch 30 achterbliuwers weefden de finzenen ôf en yn Gusen II waard in ferlykber tal troch de finzenen ombrocht. Op 6 maaie wiene alle restearjende subkampen fan Mauthausen, útsein de twa kampen yn de Loibl-pas, ek befrijd troch de Amearikaanske striidkrêften.

Ien fan de bekendste oerlibjenden wie Simon Wiesenthal, in arsjitekt dy't him de rest fan syn libben dwaande hold mei it opjagen fan nasjonaal-sosjalistyske kriichsmisdiedigers.

Nei de befrijing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de kapitulaasje fan Dútlân folge de besetting fan Eastenryk troch de troepen fan de Sovjet-Uny. De Sovjet-autoriteiten brûkten Mauthausen en Gusen I as kaserne. De ûndergrûnske fabriken waarden ûntmantele en as kriichsbút nei Ruslân transportearre. Nei dy tiid, tusken 1946 en 1947, waarden de kampen ferlitten en de gebouwen ôfbrutsen troch sawol soldaten fan it Reade Leger as de lokale befolking. De tunnels waarden yn de simmer fan 1947 troch de Sovjets opblaasd. Op de weromtocht fan it Reade Leger folge de oerdracht oan de boargerlike autoriteiten fan Eastenryk.

Sûnt 1949 is Mauthausen in nasjonaal betinkingsplak. Bruno Kreisky, de doedestiidske kânsler fan Eastenryk, iepene op 3 maaie 1975, 30 jier nei de befrijing fan it kamp, it Mauthausen Museum. Yn 2003 waard ek in 2.845 m² besikerssintrum iepene.

Mauthausen bleau relatyf yntakt, mar nei de kriich binne op it plak fan de subkampen Gusen I, II en III wenwiken boud. It Eastenrykske Ministearje fan Ynlânske Saken krige yn 2016 dêrom in protestbrief, dy't troch in tal foaroansteande Poalen, de wittenskipper Shevah Weiss en de Poalske opperrabbyn Michael Schudrich ûndertekene wie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mauthausen-Gusen concentration camp complex