Fokker T.VIIIw
Appearance
| namme | |
|---|---|
| Rol | Torpedobommesmiter en ferkenner |
| Makker | Fokker |
| Earste flecht | 1938 |
| Yn tsjinst | Juny 1939 |
| Tal makke | 36 |
| Brûkers | Marine Loftfearttsjinst, Royal Air Force, Luftwaffe |

De Fokker T.VIIIw wie in yn 1938 fanwege de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst troch Fokker ûntwurpen twamotorige torpedobommesmiter en ferkenner op driuwers (fan Duraluminium).
Hy wie ornearre foar sawol de Nederlânske kustferdigening as ek foar Nederlânsk-Ynje. De earste searjes waarden op de tradisjonele wize opboud: romp út staalbuis bespant mei linnen, houten fleugels, it rompfoarein en motorgondels út metaal. Der binne 36 fan boud dy't tsjinne hawwe by de Marine Loftfearttsjinst, de Luftwaffe en 320 Dutch Squadron RAF fan Coastal Command, stasjonearre yn Pembroke Dock yn Súd-Wales.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spesifikaasjes (T.VIII W/G)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Algemiene skaaimerken
- Bemanning: 3
- Lingte: 13 m
- Spanwiidte: 18 m
- Hichte: 5 m
- Gewicht leech: 3.100 kg
- Gewicht maks: 5.000 kg
- Oandriuwing
- 2 Wright R-975-E3 Whirlwind, 9 silinder, luchtkuolle radiaalmotors fan 450 hk (336KW) it stik
- Prestaasjes
- Maks. faasje: 285 km/o
- Fleanberik: 2.750 km
- Plafond: 6.800 m [1]
- Bewapening
- 2 × 7.92 (0.312 in) masinegewearen
- 600 kg (1,323 lb) bommen as 1 torpedo as 1 seemyn
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|