Pembroke Dock
Pembroke Dock Doc Penfro | ||
Pembroke Dock yn 2008 | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Lân | Wales | |
Bestjoerlik gebiet | Pembrokeshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.753 | |
Oar | ||
Stifting | 1814 (town) | |
Tiidsône | UTC+0 | |
Simmertiid | UTC-1 | |
Offisjele webside | ||
Pembroke & Pembroke Dock Online |
Pembroke Dock (Welsk: Doc Penfro) is in plak yn it suden fan Pembrokeshire yn Wales, benoarden Pembroke oan de rivier de Cleddau.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie it in lyts fiskersdoarp mei de namme Paterchurch dat yn 1289 foar it earst neamd waard.
It plak waard fan 1814 ôf oan in stik grutter fanwege de bou fan in marinewerf (Royal Naval Dockyard), dêr't in grut tal skippen boud waarden. De haven is hjoeddeisk fral fearhaven, mei feartsjinsten op Rosslare Harbour yn Ierlân. Lykas yn in protte plakken yn Pembrokeshire is yn Pembroke Dock de oaljeyndustry in grutte wurkjouwer.
RAF-basis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwege de sluting fan de marinewerf yn 1926 wie de wurkleazens heech yn de krisisjierren. Dat feroare yn 1931 doe't it No. 210 Squadron RAF, útrist mei Southampton II fleanboaten, dêr syn basis krige. De Royal Air Force hie hast 30 jier in basis yn Pembroke Dock. Yn 1943, doe de thúsbasis fan de Sunderlandfleanboaten, wie it de grutste basis foar fleanboaten yn de wrâld.
As wichtige RAF-basis waard Pembroke Dock yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Luftwaffe oanfallen. Op moandei 19 augustus 1940 bombardearre in Junkers Ju 88 in tal oaljetanks yn Pennar. De brân dy't doe ûntstie wie earst nei 18 dagen út.
Nei de oarloch stie it plak der ekonomysk goed foar; dat feroare lykwols yn 1957 doe't de RAF oankundige dat sy har basis dêre bot ynkrimpe soe. In pear jier letter gie ek it lêste rezjimint fan it Britsk leger ut Pembroke wei.
De wolfeart waard wer grutter doe't dêr oaljeraffinaderijen iepene waarden en doe't der in op oalje stookte enerzysintrale boud waard, mar berikte lykwols nea wer it nivo fan de tiid doe't de werven folop yn it wurk wiene.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pembroke Dock fan Wikimedia Commons. |