Grutte Tsjerke (Wynskoat)

Ut Wikipedy
Grutte Tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Merkeplein
koördinaten 53° 8' N 7° 2' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Fitus
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39011
Webside
Side PKN Wynskoat
Kaart
Grutte Tsjerke (Grinslân)
Grutte Tsjerke

De Grutte Tsjerke (ek: Merkpleintsjerke) is in romanogoatysk tsjerkegebou yn it sintrum fan 'e Grinslânske stêd Wynskoat. Foar de reformaasje wie de tsjerke oan Sint-Fitus wijd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fitustsjerke waard likernôch yn it lêste fearn fan 'e 13e iuw boud. De parochy wurdt yn 1482 foar it earst neamd. Yn 'e Tachtichjierrige Kriich waard it gebou skeind, doe't de Steatsen it yn 1593 brûkten as ferdigeningsbolwurk. Sûnt 1594 is de tsjerke in protestantsk gebou. It grutte tsjerkhôf dêr't de tsjerke op stie waard yn 'e 19e iuw romme en ynrjochte as it Merkplein fan 'e stêd. De katoliken bouden nei it herstel fan 'e biskoplike hiërargy letter yn 1880 de neogoatyske Sint-Fitustsjerke.

Oersicht ynterieur

Sûnt de feroarings yn oare boustilen út lettere tiid troch de restauraasje fan 1905-1907 ferwidere binne troch ryksboumaster C.H. Peters en gemeentearsjitekt Klaas de Grooth, is de hjoeddeiske tsjerke in geef foarbyld fan romanogotyk. De tsjerke is 41 meter, fiif traveeën lang en 8,65 meter breed. Elts travee hat twa smelle spitsbôgefinsters mei oan wjerskanten like hege bline nissen. It koer wurdt omseame troch in rige lytse hagioskopen.

De blauwe ôffreding om 'e twa linebeammen foar de westlike tagong is in jier of wat lyn tafoege. Yn 2012 ûntstie der skeel troch de plannen foar in glêzen útbou op it plak. Om't it jild der net kaam en dan de Grifformearde tsjerke ferkocht wurde moast, waard it plan in jier letter wer ynlutsen.

Op 1 jannewaris 2006 fusearre de Herfoarme gemeente mei de Grifformearde tsjerke fan Wynskoat. Om mear plak te meitsjen waard de tsjerke yn 2020 ferboud.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Glês-yn-leadraam

De barokke preekstoel fan Jan Bitter sr. út 1745 mei fykwurk fan Casper Struiwig stie oarspronklik yn 'e tsjerke fan it ôfbrutsen doarp Oterdum. De preekstoel út 1695 dy't yn de Grutte Tsjerke stie ferhûze al yn 1907 nei de Grutte Tsjerke fan Monnickendam. Tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw binne nei alle gedachten ek de stiennen ferwulften fan 'e tsjerke útbrutsen en ferfongen troch in houten plafond. De hjoeddeiske ferwulften binne by de grutte restauraasje yn it begjin fan 'e 20e iuw ynbrocht. De brânskildere ramen fan 'e tsjerke binne yn 'e jierren 1948-1970 ynbrocht en troch Femmy Schilt-Geesink ûntwurpen en makke troch har man Johan Schilt.

Oan 'e muorren fan it koer steane grêfsarken, wêrfan de âldste dy fan Gerhardus Wemhof is, dy't pastoar wie en yn 'e tiid fan de reformaasje oergyng op 'e nije leare en sa de earste dûmny fan 'e tsjerke wie.

De âlde westlike yngong yn rokokostyl is yn 1772 boud en makke troch B. Coender. Sûnt de restauraasje is de tagongspartij oan 'e binnenkant ûnder it oargel oanbrocht.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It twamanualige oargel besit 23 registers en in frij pedaal. De spyltafel sit oan 'e sydkant fan it ynstrumint. It waard yn de 1868 boud troch C.G.F. Witte, eigner fan de firma J. Bätz & Co. It is it iennige ynstrumint fan 'e oargelbouwer yn 'e provinsje Grinslân. Neitiid waard der neat mear oan it oargel feroare en it ûnderhâld wie yn hannen fan Van Dam en Mense Ruiter. De firma Reil út Heerde hat op basis fan in rapport fan Jan Jongepier it oargel yn 'e jierren 2000-2001 restaurearre.

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toer

De frijsteande toer stiet 23 meter fierder fan 'e tsjerke yn 'e Toerstrjitte. It ûnderste diel datearret nei alle gedachten út 'e boutiid fan 'e tsjerke, mar yn 'e rin fan 'e tiid waard de toer oant 41 meter ferhege. Eartiids wie de toer bepleistere en sa ûnstie ek de bynamme d'Olle Witte. Yn 'e toer hingje twa klokken, ien út 1773 en ien út 1826.

By de restauraasje fan 'e toer yn 'e jierren 1930-1931 is de brekfallige spits ferfongen troch in achthoekige lantearne mei koepel. Ek krige de toer doe in karriljon fan de Ingelske klokkejitterij Gillett & Johnston út Croydon. It karriljon waard lykwols troch de Dútsers foardere en omraand, mar yn 1947 ferfongen troch in karriljon fan 'e klokkejitterij Van Bergen út Heiligerlee. It karriljon hat 35 klokken, mar wurdt troch besunigings fan de gemeente sûnt niet mear bespile.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.