Springe nei ynhâld

Griisbealchiikhoarntsje

Ut Wikipedy
griisbealchiikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai pronkiikhoarntsjes (Callosciurus)
soarte
Callosciurus caniceps
Gray, 1842
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It griisbealchiikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus caniceps) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat oarspronklik út Súdeast-Aazje komt. It griisbealchiikhoarntsje waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1842, troch de Ingelske soölooch John Edward Gray.

Dizze soarte is lânseigen yn Malakka, Tailân, súdlik Birma en súdlik Sina (Yunnan). Mooglik komt er ek foar yn westlik Laos. As eksoat is er troch de minske yntrodusearre op 'e Japanske Rjûkjû-eilannen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It griisbealchiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 22 sm, mei in sturtlingte fan 20-25 sm en in gewicht fan 280 g. Sa't de namme al hawwe wol, hat dit bist in bealch dy't yn 'e regel grizich fan kleur is, hoewol't dat griis soms nei de fangen ta útskaait nei readbrún. Ofhinklik fan 'e ûndersoarte en de tiid fan 't jier binne de rêch, kop, plomsturt en poaten griis, gielich of readich.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Griisbealchiikhoarntsjes binne ornaris gjin skouwe bistkes, en hâlde har faak deunby minsklike wenten op om te foerazjearjen. As biotoop jouwe se de foarkar oan tropysk reinwâld, plantaazjes, stedsparken en tunen. Harren menu bestiet út fruchten, sieden, blommen en ynsekten. It griisbealchiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

  • Callosciurus caniceps caniceps
  • Callosciurus caniceps adangensis
  • Callosciurus caniceps bimaculatus
  • Callosciurus caniceps casensis
  • Callosciurus caniceps concolor
  • Callosciurus caniceps domelicus

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.