Pronkiikhoarntsjes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pronkiikhoarntsjes
De prevostklapperrôt.
De prevostklapperrôt.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje: Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurinae)
tûke: echte Aziatyske pronk-
iikhoarntsjes
(Callosciurini)
skaai: pronkiikhoarntsjes (Callosciurus)
Gray, 1867

De pronkiikhoarntsjes (Latynske namme: Callosciurus) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurinae) en de tûke fan 'e echte Aziatyske pronkiikhoarntsjes (Callosciurini).

Ta dit skaai hearre likernôch 15 ûnderskate soarten iikhoarntsjes, dy't benammen yn Súdeast-Aazje foarkomme, mei in pear yn Nepal, noardeastlik Yndia, Banglades en súdlik Sina. Ferskate soarten libje ek op it súdwestlike diel fan 'e Yndyske Arsjipel. De wittenskiplike namme Callosciurus betsjut "kreaze iikhoarntsjes", in ferwizing nei de ynnimlik kleure pelzen fan in protte soarten fan dit skaai.

Foarhinne waarden ek de Aziatyske streekte iikhoarntsjes (Tamiops), de byldhouweriikhoarntsjes (Glyphotes) en de Selebesreuze-iikhoarntsjes of readbealchiikhoarntsjes (Rubrisciurus) ta dit skaai rekkene, mar dy wurde no erkend as selsstannige skaaien.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.