Springe nei ynhâld

Grifformearde tsjerke (Andyk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grifformearde tsjerke (Andijk))
Grifformearde tsjerke
Lokaasje
dielsteat Noard-Hollân
gemeente Medemblik
plak Andyk
adres Middenweg 4
koördinaten 52° 45'N 5° 13'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN-gemeente
Arsjitektuer
arsjitekt Egbert Reitsma
boujier 1929-1930
boustyl Ekspresjonisme
Webside
Side grifformearde gemeente, Andyk
Kaart
Grifformearde tsjerke (Noard-Hollân)
Grifformearde tsjerke

De Grifformearde tsjerke fan Andyk yn 'e provinsje Noard-Hollân is in monumintaal tsjerkegebou út 1929 en waard neffens in ûntwerp fan de Grinzer en teffens grifformearde arsjitekt Egbert Reitsma boud. It opfallende en yndrukwekkende bouwurk krige de bynamme "Grifformearde katedraal" en is sûnt 1985 in ryksmonumint.

De woartels fan 'e gemeente lizze yn de ôfskieding fan 1834. De gemeente waard op 15 oktober 1836 troch dûmny Hendrik de Cock stifte en ynearsten kaam de ôfskieden gemeente byinoar yn in houten, swart tarre skuorre. Sûnt 1863 kaam de gemeente by inoar yn in nij tsjerkegebou oan 'e Dijksweg. Doe't de doleânsje him oantsjinne yn 'e jierren 1890 gyng de gemeente mei yn Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De grifformearde gemeente groeide troch en it gie de gemeente ek finansjeel foar de wyn, sadat yn 1930 it hjoeddeiske gebou yn gebrûk nommen wurde koe.

De grifformearde gemeente fan Andyk is sûnt 2004 in PKN-gemeente.

Oargel

Andyk is in grifformeard eilân yn Noard-Hollân en de gemeente telde ûnder de leden in soad bollekwekers. Oan jild wie der dan ek gjin brek doe't de besteande tsjerke te lyts woarn wie foar de jimmeroan groeiende gemeente en in nije tsjerke needsaaklik waard. Yn 'e jierren 1920 waarden der plannen makke foar nijbou mei romten foar gearkomsten, in nije pastorije en in kosterswente. Foar de bou fan 'e tsjerke krige de grifformearde arsjitekt Egbert Reitsma de opdracht, dy't al namme makke hie mei de ûntwerpen foar grifformearde tsjerken yn Kollum, Appingedam en Weesp. It is it sizzen dat Reitsma by de opdracht it betingst krige dat it oansjen fan de nijbou meunsterje moast mei de ymposante roomske Werenfridustsjerke yn it oanbuorjende Wervershoof. En sa krige Andyk in ekspresjonistysk bouwurk mei in katedrale alluere, dy't op 23 septimber 1930 iepene waard. De tsjerke joech plak oan 1.200 minsken (tsjintwurdich werom brocht nei 900) en foldocht oan 'e easken fan in echte grifformearde preektsjerke, dêr't it Wurd fan de Heare sintraal yn stiet.

De tolvehoekige romte fan de tsjerke is bekape mei in yngewikkeld paraboalfoarmich ferwulft. De hichte fan de tsjerke is 23 meter, wylst de toer 45 meter heech is. Yn 'e toer hinget in 1,5 ton wegende klok mei it râneskrift Ere zij God, getten troch Van Bergen út Midwolda. De brânskildere ramen fan de tsjerke litte foarstellings sjen lykas de hannel, de technyk, de lânbou en de skipfeart. Krektlyk as by de Kollumer Eastertsjerke binne der fleurige kleuren brûkt, dy't yn 'e jierren 1960 en 1970 oerfarve waarden yn doe nijmoadrige brune en wite kleuren. By de restauraasje tusken 2010 en 2015 binne de kleuren wer yn de orizjinele steat werom brocht.

De tsjerke foarmet ien gehiel mei de pastorije. It kompleks is meiïnoar 60 meter lang.

It oargel hat noch yn de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke stien en waard yn 1892 boud troch de oargelbouwer Proper út Kampen. De firma Spiering út Doardt ferhûze it ynstrumint nei de nije tsjerke en feroare it ynstrumint by dy gelegenheid. It front is in ûntwerp fan Egbert Reitsma. Sûnt de Twadde Wrâldkriich hat de firma Flentrop út Saandam oan it ynstrumint wurke. Foar it lêst waard it ynstrumint restaurearre tusken 2012-2015. Yn it ramt fan dy restauraasje waard it oargel útwreide mei in pedaalregister-fagot, dat ôfkomstich is fan Hinsz-oargel út de Harnzer Grutte Tsjerke. Mei de foltôging fan de restauraasje fan de tsjerke waard ek it oargel wer yn gebrûk nommen.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Hollânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Gereformeerde kerk (Andijk)