Springe nei ynhâld

Got Tjark

Ut Wikipedy
Got Tjark
Got Tjark
Got Tjark
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Skiermûntseach (gemeente)
plak Skiermûntseach (plak)
adres Ds. Hundlungiuspaad 8
koördinaten 53° 28' 45" N 6° 9' 37" E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1866
Kaart
Got Tjark (Skiermûntseach)
Got Tjark

De Got Tjark (Skiermûntseagersk foar "Grutte Tsjerke") is de eardere Nederlânsk-herfoarme tsjerke op it Fryske Waadeilân Skiermûntseach. Sûnt maaie 2005 is dit tsjerkegebou yn it besit fan 'e Skiermûntseager gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

De Got Tjark waard boud yn 1866, en ferfong doe in âlder tsjerkegebou op itselde stee, dat út 1762 datearre. De âlde tsjerke wie sa boufallich wurde dat er ôfbrutsen wurde moast. Foàr 1762 wiene der ek al tsjerken op Skiermûntseach, mar dy stiene op oare plakken op it eilân. De âlde parochytsjerke, út 'e fyftjinde iuw, waard yn 1715 ôfbrutsen doe't it hiele doarp ferpleatst wurde moast fanwegen ferstowing fan 'e dunen. De tsjerke dy't dêrfoar yn 'e plak boud waard, ferdwûn yn 1760 ûnder de weagen.

De (tsjintwurdige) Got Tjark is in sealtsjerke, dy't oarspronklik in houten klokketoer hie. Dy waard yn 1909 ferfongen troch in stiennen toer oan 'e westkant fan 'e tsjerke. De nije toer is, yn tsjinstelling ta de tsjerke sels, eigendom fan 'e Gemeente Skiermûntseach. De tsjerkklok (dy't net mear liedt) datearret út 1649 en is getten troch Jacob Noteman. It oargel waard omtrint 1895 boud en yn 1991 folslein restaurearre. De tsjerke sels is yn 1967 fan binnen restaurearre, en de toer waard yn 2006 opknapt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: