Springe nei ynhâld

Gaelyske talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gaëlen)
Gaelyske talen
algemien
oare namme(n) Goidelyske talen
lokaasje Britske Eilannen
tal talen 3
tal sprekkers 158.000 (2011)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Keltysk
    ● Eilânkeltysk
      ● Gaelysk
subgroepen Iersk
Skotsk-Gaelysk
Manksk

De Gaelyske talen of Goidelyske talen foarmje in lytse taalgroep, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Keltyske taalfamylje. Der binne hjoed oan 'e dei trije Gaelyske talen, ntl. it Iersk, it Skotsk-Gaelysk en it Manksk. Mei-inoar hiene dy trije talen yn 2011 158.000 memmetaalsprekkers.

De namme Gaelysk (of Goidelysk) is ûntliend oan 'e eigennammen fan 'e trije Gaelyske talen sels, yn it Iersk Gaeilge, yn it Skotsk-Gaelysk Gàidhlig, en yn it Manksk Gaelg. Dy nammen soene neffens de mytology fan it Midsiuwske Ierske wurk Lebor Gabála Érenn fan 'e stamheit fan alle Gaelen komme, Goídel Glas, dy't trouwens ek it fenomeen "taal" útfûn hawwe soe. Yn it echt geane dizze nammen werom op it Aldierske wurd goídelc, dat wer fan it Aldwelske guoidel komt, en dat betsjutte safolle as "seerôver" of "ynfaller".

De lokaasje fan 'e Gaelyske talen op 'e Britske Eilannen.
     kearngebiet fan 'e Gaelyske talen
     marzjinaal Gaelysk

De namme Gaelysk of yn it Ingelsk Gaelic wurdt yn Skotlân en ek faak dêrbûten yn 'e regel brûkt as oantsjutting foar it Skotsk-Gaelysk, hoewol't it Iersk en it Manksk betiizjendernôch ek wol fan Gaelysk of Gaelic neamd wurde. Yn it gefal fan it Skotsk-Gaelysk is de tafoeging "-Gaelysk" lykwols ûnmisber om dizze taal te ûnderskieden fan it Germaanske Skotsk, dat yn it leechlân fan Skotlân sprutsen wurdt.

De Gaelyske taalgroep omfettet trije fan 'e seis libbene Keltyske talen; de oare trije (Welsk, Bretonsk en Kornysk) foarmje mei-inoar de Brytoanyske talen. De Keltyske taalfamylje heart mei û.m. de Germaanske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen ta de grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje.

Binnen de Keltyske taalgroep is de ûnderlinge relaasje tusken de Gaelyske en de Brytoanyske talen noch altyd net alhiel dúdlik. Der binne twa wichtige teoryen. De tradisjonele teory, dy't ûnder taalkundigen noch altyd de measte oanhing hat, giet derfan út dat der twa haadgroepen wiene: de no útstoarne Lânkeltyske talen (mei dêrûnder bgl. it Gallysk) en de Eilânkeltyske talen, dy't har nei de Keltyske kolonisaasje fan 'e Britske Eilannen fierder opspjalten yn 'e Brytoanyske en de Gaelyske talen.

In lânkaart fan 'e Britske Eilannen mei dêrop oanjûn de fersprieding fan 'e ûnderskate befolkingsgroepen om it jier 450 hinne:
     Gaelen
     Brytoanen
     Pikten

Guon saakkundigen binne lykwols fan tinken dat de Brytoanyske talen nauwer besibbe binne oan it Lânkeltyske Gallysk, en sokken hâlde in nijere yndieling oan yn P-Keltysk en Q-Keltysk. Dy nammen binne ûntliend oan in taalkundige ûntwikkeling wêrby't beskate wurden dy't yn 'e Gaelyske talen begjinne mei in k- of kw-klank (q) yn 'e Brytoanyske talen ferskood binne nei in p oan it wurdbegjin (ferlykje Iersk ceathair mei Welsk pedwar, "fjouwer"; en Iersk cúig mei Welsk pump, "fiif"). Neffens dizze teory soene de Gaelyske talen har it earst fan 'e Proto-Keltyske oertaal ôfskaat hawwe, en dêrút wurde dan alle yn ferhâlding mei de Brytoanyske talen argayske skaaimerken fan 'e Gaelyske talen ferklearre.

Gauris binne foarstanners fan 'e P-Keltysk/Q-Keltyske teory fan betinken dat de Gaelyske talen (of mooglik inkeld de Gaelyske oertaal) har oarsprong hawwe yn it westlike part fan it Ibearysk Skiereilân, dêr't se mooglik besibbe wiene oan it útstoarne en mar fragmintarysk oerlevere Lusitaansk. Dat soe dan ek de oerienkomsten yn DNA ferklearje dy't koartby tusken lju út Ierlân en Portegal fêststeld binne, en dêropta de saneamde "Lusitaanske distribúsje" fan bisten en planten dy't inkeld foarkomme yn Ierlân en it westlike Ibearysk Skiereilân. (Beide ferskynsels wurde no rûnom akseptearre as gefolgen fan minsklike migraasje fan it Ibearyske Skiereilân nei Ierlân yn it lette Paleolitikum of it iere Mesolitikum, mar de fraach is oft de migranten sprekkers fan 'e Gaelyske talen wiene of oar folk.)

Ienris op 'e Britske Eilannen wiene de Gaelyske talen yn elts gefal yn 't earstoan yn har fersprieding beheind ta it eilân Ierlân, hoewol't guon histoarisy tinke dat der al rillegau sprake west hawwe moat fan in earste migraasje nei de westkust fan Skotlân. Tradisjoneel wurdt de folksferhuzing fan Ierlân nei Skotlân yn 'e sechsde iuw pleatst, doe't Gaelysktaligen in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen, dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk Dalriada.

Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin archeologysk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. Archeolooch Ewan Campbell hâldt it der sadwaande op dat mei skipfeart en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske kultuer oan wjerssiden fan it Noarderkanaal ûnderstipe waard. Yn elts gefal hat him neitiid, út 'e taal dy't de Gaelen ier of let yn noardwestlik Skotlân brochten, it Skotsk-Gaelysk ûntjûn. Op it eilân Man, tusken Grut-Brittanje en Ierlân yn, wie de sitewaasje gâns oars. Dêr waard nei alle gedachten oarspronklik in Brytoanyske taal sprutsen, oant it eilân yn 'e njoggende iuw kolonisearre waard troch folk út Ierlân wei.

Oarspronklik moat der yn 'e Midsiuwen in dialektkontinuum west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân, nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk. Noch altyd is it Manksk nau besibbe oan it Skotsk-Gaelysk fan 'e Hebriden, it Munsterske dialekt fan it Iersk en it no útstoarne Galloweechske Skotsk-Gaelysk dat foarhinne yn it súdwesten fan Skotlân sprutsen waard. Sawol it Manksk as it Hebridyske Skotsk-Gaelysk ûndergiene yn 'e Midsiuwen trouwens in sterke ynfloed fan it Noarsk, dat troch de Wytsingen nei dy kontreien ta brocht waard.

Mei-inoar wiene der yn 2011 156.000 memmetaalsprekkers fan Gaelyske talen, mei dêropta noch sa'n 1.830.000 twadde-taalsprekkers. De Gaelyske talen binne:

De ûnderskate Gaelyske talen.
  • it Iersk, de oarspronklike taal fan it hiele eilân Ierlân. Dit wurdt yn 'e Ierske Republyk noch mar troch 94.000 minsken as memmetaal sprutsen, en yn Noard-Ierlân troch 4.200 lju, sadat it tal memmetaalsprekkers fêststeld wurde kin op 98.000 minsken. Trochdat it Iersk yn Ierlân in ferplichte skoalfak is, binne der yn 'e Ierske Republyk lykwols 1.680.000 minsken dy't it Iersk as twadde taal sprekke. Oare twadde-taalsprekkers wenje yn Noard-Ierlân (91.000) en yn 'e Feriene Steaten (22.000), wêrmei't it tal twadde-taalsprekkers útkomt op 1.795.000 minsken en it totaal oantal sprekkers op 1.891.000 minsken.
  • it Skotsk-Gaelysk, dat fan âlds yn noardwestlik Skotlân sputsen wurdt. Dizze taal hat yn Skotlân noch likernôch 57.400 memmetaalsprekkers, mei dêropta noch sa'n 350 yn Kanada (wêrfan 300 op Kaap Bretoneilân en oangrinzgjende dielen fan 'e provinsje Nij-Skotlân). Der binne fierders 30.000 twadde-taalsprekkers yn Skotlân, 2.000 yn Kanada, 1.500 yn 'e Feriene Steaten en 660 yn Austraalje; mei-inoar dus 34.000. It totale sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk komt dêrmei op likernôch 92.000 minsken.
  • it Manksk is de oarspronklike taal fan it eilân Man, yn 'e Ierske See, tusken Grut-Brittanje en Ierlân yn. Dizze taal stoar yn 1974 út, mar is sûnt it begjin fan 'e njoggentiger jierren ek wer nij libben ynblazen, sadat der no wer goed 100 memmetaalsprekkers en rom 1.700 twadde-taalsprekkers binne.

Njonken de hjirboppe beskreaune algemien erkende Gaelyske talen binne der noch in pear mingtalen dy't soms ek ta dizze taalgroep rekkene wurde:

Ta einbeslút is der dan noch ien taal dy't mooglik ek ta de Gaelyske talen heart. Dêrby giet it om:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.