Flagge fan Boarnwert
Appearance
De flagge fan Boarnwert is de flagge fan it doarp Boarnwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield: fan de broekside ôf blau-wyt; yn 't midden in leelje fan trijefjirde flaggehichte fan read yn it wyt en fan wyt yn it read.
De kleuren komme út it wapen fan Boarnwert.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeane twadieling en kleurstelling: oernommen út it wapen fan West-Dongeradiel, de gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Aylva fan Boarnwert, in tak fan de famylje Fan Aylva. De famylje bewenne Minnoltsmastate yn it doarp. De read-wite kleur fan de leelje ferwiist nei it wapen fan it Prinsbisdom Utert. Yn 1374 waard de kapel fan Boarnwert oerdroegen oan de proast fan de Sint-Salvatortsjerke yn Utert.
-
Wapen fan de famylje Fan Aylva.