Springe nei ynhâld

Wapen fan Boarnwert

Ut Wikipedy
Wapen fan Boarnwert

It wapen fan Boarnwert is it wapen fan it doarp Boarnwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Rjochtsskeande fan sulver en azuer, oer alles hinne in leelje, rjochtskeande fan kiel en azuer.

De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau) en kiel (read).

  • Skeane twadieling: krekt as de kleurstelling oernommen út it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Aylva fan Boarnwert, in tak fan de famylje Fan Aylva. Dizze famylje bewenne de Minnoltsmastate yn it doarp. De read-wite kleur fan de leelje ferwiist nei it wapen fan it Prinsbisdom Utert. Yn 1374 waard de kapel fan Boarnwert oerdroegen oan de proast fan de Sint-Salvatortsjerke yn Utert.