Springe nei ynhâld

Jean Johnson (skriuwster)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan First Salik War)
Jean Johnson
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme G. Jean Johnson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1972[1]
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction, fantasy
bekendste
  wurk(en)
Theirs Not to Reason Why
First Salik War
útjouwer Ace Books
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
www.jeanjohnson.net

Jean Johnson (folút: G. Jean Johnson; 17 febrewaris 1972)[1] is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't ta de sjenres fan 'e science fiction en fantasy hearre. Hja is benammen bekend wurden troch har militêre science fiction-romansearje Theirs Not to Reason Why. Ek is se de auteur fan 'e First Salik War-trilogy, in prequel fan Theirs Not to Reason Why. Johnson waard yn 2011 nominearre foar de Philip K. Dick Award yn 'e kategory bêste boek.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johnson waard yn 1972 berne,[1] en wennet op 't heden yn it Amerikaanske Noardwesten. Se hâldt fan sjongen, naaien, katten en flirten, en leart harsels om de fioele te spyljen. Fierders hat se al fan bern of oan in foarleafde foar skriuwen hân. Dêrby leit se har ta op 'e sjenres fan 'e science fiction en de fantasy, en subsjenres fan militêre science fiction oant paranormal romance. Faak fermingt se de ferskillende sjenres en/of subsjenres mei-inoar ta in gehiel eigen styl. Johnson is in skriuwster mei in tige hege produktiviteit, dy't yn 2008 bygelyks fjouwer ûnderskate romans útbrocht. Yn 2017 moast se it kalmer oan dwaan fanwegen sûnensswierrichheden.

Johnson briek yn 2007 troch mei de Sons of Destiny-rige, wêryn't se romantyk fermingt mei magy en byleauwe yn in ferhaal oer fjouwer twillingpearen fan bruorren dy't fanwegen in âlde flok ferballe wurde nei in eilân dêr't froulju net komme meie. Harren lotsbestimming nimt in hiel oare kear as dat immen ea tinke kinnen hie as de jongste broer fan 'e jongste twilling op in dei in frou rêdt dy't ôfkomstich is út in oare wrâld.

Har grutste súkses hie Johnson mei de romansearje Theirs Not to Reason Why, dy't ta de militêre science fiction rekkene wurde kin en yn 'e fiere takomst spilet, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren. De haadpersoan, Ia, is bejeftige mei heldersjendheid en kriget fizioenen fan in skriklike ynvaazje dy't de minsklike beskaving ferneatigje en de Ierde ferrinnewearje sil. Ek al sil dat lang nei har eigen ferstjerren barre, dochs moat se no al tapakke om dy takomst foar te kommen. It earste diel fan 'e searje, A Soldier's Duty, waard yn 2011 nominearre foar de Philip K. Dick Award yn 'e kategory bêste boek.

De First Salik War-trilogy, út 2015-2016, is in prequel fan Theirs Not to Reason Why, dy't in pear iuwen foar de berte fan Ia spilet, yn it jier 2287. De haadpersoan Jackie MacKenzie kriget de opdracht om foar it earst yn 'e skiednis fan 'e minskheid kontakt te lizzen mei bûtenierdske wêzens, mar dat giet net sa't men dat ferwachte hie as bliken docht dat de earste 'bûtenierdsen' dy't Jackie oantreft de V'Dan binne, in groep minsken dy't yn 'e fiere prehistoarje op ûnbekende wize fan 'e Ierde nei in oare planeet ta oerbrocht binne. As Jackie dan ek noch fereale rekket op 'e V'Dan-prins Li'eth, moat se foaroardielen, diskriminaasje en oarloch oerwinne om kâns te meitsjen op in takomst mei him.

  • Sons of Destiny-rige
    • 2007 – The Sword
    • 2007 – The Wolf
    • 2007 – The Master
    • 2008 – The Song
    • 2008 – The Cat
    • 2008 – The Storm
    • 2008 – The Flame
    • 2009 – The Mage
    • 2011 – Finding Destiny
  • Shifting Plains-duology
    • 2009 – Shifting Plains
    • 2012 – The Shifter
  • Theirs Not to Reason Why-rige
    • 2011 – A Soldier's Duty
    • 2012 – An Officer's Duty
    • 2013 – Hellfire
    • 2014 – Hardship
    • 2014 – Damnation
  • Guardians of Destiny-rige
    • 2013 – The Tower
    • 2013 – The Grove
    • 2014 – The Guild
    • 2018 – The Temple
  • Flame Sea-rige
    • 2014 – Birthright (prequel-novelle)
    • 2016 – Dawn of the Flame Sea
    • 2016 – Demons of the Flame Sea
    • 2017 – Gods of the Flame Sea
  • First Salik War-trilogy

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2011 Philip K. Dick Award nominearre bêste boek A Soldier's Duty

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Biografyske en bibliografyske ynformaasje oer Jean Johnson en har wurk