The Terrans
The Terrans | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jean Johnson | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction, fantasy | |
1e publikaasje | 2015, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | First Salik War | |
● foarich diel | ― (1e diel) | |
● folgjend diel | The V'Dan | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 42 52 76 914 |
The Terrans is in science fiction-roman mei sterke fantasy-eleminten fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Jean Johnson. De titel betsjut: "De Terranen" of "De Ierdlingen". It boek fertelt it ferhaal fan Jackie MacKenzie, dy't as ambassadeur foar de Ierde kontakt leit mei bûtenierdske wêzens. The Terrans is it earste diel fan 'e trilogy First Salik War, dy't yn deselde wrâld spilet as Johnson har romansearje Theirs Not to Reason Why, mar ferskate iuwen earder. It boek waard yn 2015 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 2287 hat de hiele Ierde ien regear, dat fuortkommen is út 'e âlde Feriene Naasjes. De haadstêd fan 'e planeet is in nijboude stêd op it (hjoed de dei ûnbewenne) Hawaïaanske eilân Kahoölawe. Fierders hat tsjin dy tiid in lyts diel fan 'e minskheid psychyske, paranormale krêften ûntwikkele, lykas telekineze, teleportaasje en heldersjendheid. Op dat stuit is der noch gjin kontakt lein mei bûtenierdske wêzens, hoewol't ien bûtenierdsk ras, dy't de 'Grizen' neamd wurde nei harren hûdskleur, soms de Ierde besykje om minsken te ûntfieren foar lichaamlike eksperiminten. Mei't de Grizen in folle heger peil fan technologyske ûntwikkeling hawwe, foarmje lju mei psychyske krêften de iennichste ferdigening tsjin sokke oanfallen dêr't de minskheid oer beskikt.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heal Hawaïaanske en heal Skotske Jacaranda "Jackie" MacKenzie is in politika en earder militêr út in famylje mei in lange steat fan tsjinst yn de polityk. Boppedat hat se beskate psychyske krêften: telepaty (it lêzen fan oarmans tinzen), telekineze (it ferpleatsen fan dingen mei har tinzen) en paralinguïstyk (it yn in pear oeren learen fan frjemde talen út oarmans gedachten). As heldersjenden har gesicht weromkenne yn fizioenen dy't se hawwe oer takomstige moetings mei in ferskaat oan rassen fan bûtenierdske wêzens, wurdt sy ynset foar it Aloha-projekt, de earste fierrikkende ferkenningsoperaasje fan 'e Ierde nei omlizzende planetestelsels.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op ien fan dy ferkenningsreizen ûntdekke Jackie-en-dy yndie in grut bûtenierdsk romteskip, dat harren lytse ferkenningsskip mei in lûkstriel in hangaar binnenhellet. Mei har telepaty ûntdekt Jackie dat dizze wêzens de Salik binne, dy't gjin inkele empaty mei oaren fiele. Se binne yn oarloch mei in ferbûn fan oare bûtenierdske wêzens dat 'de Alliânsje' hjit, en de fijannen dy't se kriichsfinzen nimme, ite se libben op. Op dat stuit binne der fiif fan sokke kriichsfinzenen oan board fan it skip. Gebrûk meitsjend fan har telekineze, dêr't se de Salik mei út 'e wei reaget, befrijt Jackie de fiif kriichsfinzenen.
Nei't harren ferkenningsskip út 'e hangaar fan it Salik-skip ûntkommen is en ûnderweis werom nei de Ierde giet, is der tiid foar ferwûndering, want de fiif kriichsfinzenen binne minsken. Se neame harrensels V'Dan, mar se sjogge der krekt sa út as alle oare minsken, útsein de kleurige streken en stippen op harren hûd, dy't jungen hjitte. Yn 'e wikenlange perioade fan karantêne yn in romtestasjon yn in baan om 'e Ierde komt Jackie better yn 'e kunde mei dizze V'Dan. It docht bliken dat de V'Dan neffens harren âlde myten 9.500 jier lyn op in ûnbekende wize fan in ferlern waande memmeplaneet oerbrocht binne nei harren hjoeddeistige planeet, dy't ek V'Dan hjit. De lieder fan 'e fiif befrijde kriichsfinzenen is kaptein Li'eth Ma'an-uq'en, dy't lykwols ek de soan fan 'e keizerinne fan V'Dan is. Wylst der iverich socht wurdt nei de planeet V'Dan, sadat de minskheid kontakt lizze kin mei dizze ûnferwachte sydtûke fan 'e eigen soarte, reitsje Jackie en Li'eth fereale opinoar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|