The Blockade

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
The Blockade
auteur Jean Johnson
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction, fantasy
1e publikaasje 2016, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige First Salik War
● foarich diel The V'Dan
● folgjend diel (lêste diel)
ISBN 978-0 42 52 76 945

The Blockade is in science fiction-roman mei sterke fantasy-eleminten fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Jean Johnson. De titel betsjut: "De Blokkade". It boek fertelt it ferhaal fan Jackie MacKenzie, dy't as ambassadeur foar de Ierde kontakt leit mei bûtenierdske beskavings. The Blockade is it trêde diel fan 'e trilogy First Salik War, dy't yn deselde wrâld spilet as Johnson har romansearje Theirs Not to Reason Why, mar ferskate iuwen earder. It is it ferfolch op The Terrans (diel 1) en The V'Dan (diel 2). It boek waard yn 2016 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 2287 hat de hiele Ierde ien regear, dat fuortkommen is út 'e âlde Feriene Naasjes. In lyts diel fan 'e minskheid hat tsjin dy tiid psychyske, paranormale krêften ûntwikkele, lykas telekineze, telepaty, teleportaasje en heldersjendheid. Yn 'e foargeande dielen fan 'e trilogy, The Terrans en The V'Dan, waard ferteld hoe't de mei krêften op it mêd fan telekineze, telepaty en paralinguïstyk bejeftige eardere politika Jacaranda "Jackie" MacKenzie op in ferkenningsmisje fiif minsken rêde fan 'e Salik, in bûtenierdsk ras dat kriichsfinzenen libben opyt.

De fiif wiene lykwols gjin Ierdlingen mar V'Dan, fan wa't de foarâlden neffens harren âlde myten 9.500 jier lyn op in ûnbekende wize fan in ferlern waande memmeplaneet (de Ierde) oerbrocht wiene nei harren hjoeddeistige planeet, dy't ek V'Dan hiet. De lieder fan 'e fiif wie kaptein Li'eth Ma'an-uq'en, dy't lykwols ek de soan fan keizerinne Hana'ka fan V'Dan wie. Wylst se mei-inoar yn karantêne ferbleaune, rekken Jackie en Li'eth fereale opinoar. Neitiid waard Jackie as ambassadrise oan it haad fan in Ierdsk gesantskip nei V'Dan ta útstjoerd, dêr't se lykwols tsjin in muorre fan foaroardielen en diskriminaasje oprûn.

De V'Dan sjogge der nammentlik krekt út as Ierdlingen, mei ien ferskil: de kleurige streken en stippen op harren hûd, dy't jungen hjitte. Dy binne it gefolch fan in firus dêr't alle V'Dan oan it begjin fan 'e puberteit mei oanhelle reitsje, en de iennichsten yn 'e V'Dan-maatskippij dy't gjin jungen hawwe, binne sadwaande bern. As gefolch dêrfan is it sels foar wolmienende V'Dan tige dreech om 'e jungen-leaze Ierdlingen as folwoeksenen te beskôgjen, wylst in protte (minder wolmienende) V'Dan inkeld ferachting fiele foar Jackie-en-dy. Oan 'e ein fan The V'Dan kaam it op dit mêd ta in konfrontaasje, doe't keizerinne Hana'ka by in oanfal fan 'e Salik swierferwûne rekke en Li'eth syn âldste suster, de heechkroppige kroanprinsesse Vi'alla, tydlik regintesse fan V'Dan waard.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Blockade iepenet as keizerinne Hana'ka nei lange en drege operaasjes bykomt en it regear wer oernimt fan har dochter. Har earste die is om frijwol alle besluten dy't Vi'alla yn 'e tuskentiid nommen hat, werom te draaien. Vi'alla wurdt neitiid de rang fan kroanprinsesse ûntnomd. Yn har stee wurdt Hana'ka har twadde dochter, Ah'nan as sadanich beneamd, dy't oant no as de ambassadrise fan V'Dan op 'e Ierde tsjinne hat. As dêrmei de diplomatike ploaien wer glêdstrutsen binne, kin der einlings en te'n lêsten opsketten wurde mei de ynset fan Ierske helpboarnen yn 'e oarloch tsjin 'e ûnmeilydsume Salik. En dat is neat te betiid, mei't de V'Dan en harren bûnsgenoaten op it punt steane om 'e striid te ferliezen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De Ierde hat ûnderwilens it lidmaatskip oanfrege fan 'e Alliânsje, it ferbûn fan 'e V'Dan en ferskate rassen fan wiere bûtenierdske wêzens, lykas de arachnide K'Katta, de fjouwerearmige Gatsugi, de kateftige Solarikanen en de reptilyske Tlassiërs. De oare rassen sjogge lykwols net yn wêrom't de minskheid mei twa stimmen prate moatte soe, en binne yn 't earstoan huverich om 'e Ierde as apart lid ta harren ferbûn ta te litten. Underwilens arrivearje hûnderttûzenenen Ierdske soldaten op 'e troch de Alliânsje kolonisearre planeten dy't it front fan 'e striid mei de Salik foarmje. De Salik, dy't earder lid wiene fan 'e Alliânsje en sadwaande fierhinne oer itselde wapenreau beskikke as de oare leden fan it ferbûn, lije al gau swiere ferliezen as se konfrontearre wurde mei de Ierdske wapens, dy't yn folsleine isolaasje ûntwikkele binne.

Jackie en Li'eth binne oanwêzich op 'e Solarikaanske koloanjeplaneet Au'aurrran as de Salik dêr in wraam op dogge. Mei troch harren psychyske krêften wurdt de oanfal ôfslein en wurde in stikmannich hege Salik-ofsieren kriichsfinzen nommen. Neitiid witte Jackie en oare Ierdske telepaten oan 'e tinzen fan dyselde ofsieren de oarlochsplannen fan 'e Salik te ûntskuorren, sadat de Alliânsje dêr maatregels tsjin nimme kin. Tagelyk wurdt de oanfal op 'e thúsplaneet en de koloanjeplaneten fan 'e Salik ynset, wêrby't mei heechûntwikkele Ierdske wetterstofbommen de militêre ynfrastruktuer fan 'e fijân ferwuostge wurdt. Dat dêrby ek boargers omkomme, is net te fermijen.

De Alliânsje hat strange regels tsjin soksoarte dingen, eat dat de Salik yn it ferline handich tsjin 'e rassen fan 'e Alliânsje brûkten troch de eigen boargers as skyld foar de striidkrêften yn te setten. Mar om't de Ierde noch gjin lid is fan 'e Alliânsje, binne de Ierdlingen ek net bûn oan 'e regels fan it bûnsgenoatskip. Einlings en te'n lêsten binne de Salik in fijân tsjinkommen dy't like ûnmeilydsum is as sysels, en dat bekomt har min. De Ierdlingen driigje alle stêden op 'e Salik-planeten systematysk fanút de romte oan gruzeleminten te bombardearjen as de Salik har net oerjouwe. Net wittend of begripend dat harren fijân ta sa'n genoside yn it foarste plak de middels net hat en dêrnjonken likemin de politike wil, rêst der foar de Salik neat oars as om har oer te jaan. Neitiid wurdt om eltse troch de Salik bewenne planeet in permaninte militêre blokkade ynsteld, dy't foarkome moat dat de Salik ea noch wer in bedriging foar oare rassen foarmje kinne. De trilogy einiget mei it houlik fan Jackie en Li'eth, dy't tenei as kultureel attasjees oanhâldend bodzje sille foar in bettere ferstânhâlding tusken Ierdlingen en V'Dan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: