Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich
De Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich wie in etnyske suvering fan Dútsers út fral East-Europa, mar ek út oare dielen fan Europa. Miljoenen Dútsers dy't oant it ein fan de Twadde Wrâldkriich bûten de hjoeddeiske Dútske en Eastenrykske grinzen wennen, waarden twongen nei Dútslân en Eastenryk te ferhûzjen. Earder Dútsk gebiet waard tawiisd oan de Sovjet-Uny en Poalen, mar ek Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Joegoslaavje en oare Sintraal-Europeeske lannen ferjagen etnyske Dútsers fan harren wenstee.
Tusken 1944 en 1948 binne miljoenen minsken, wêrûnder Reichsdeutsche (Ryksdútsers, Dútsers mei de Dútske nasjonaliteit) en Folksdeutsche (Folksdútsers, etnyske Dútsers), permanint of tydlik út Sintraal- en East-Europa ferdreaun. Yn 1950 wiene meiïnoar al likernôch 12 miljoen Dútsers twongen út dat diel fan Europa nei it troch de alliearde krêften besette Dútslân en Eastenryk te flechtsjen. Neffens it Dútske regear giet it om in totaal fan 14.6 miljoen, ynklusyf in miljoen etnyske Dútsers dy't harren yn de Twadde Wrâldkriich nei wenjen setten hiene yn besette gebieten en etnyske Dútsers dy't nei 1950 noch nei Dútslân flechten. De grutste oantallen kamen fan de eastlike gebieten fan Dútslân, dy't nei de Twadde Wrâldkriich oan Poalen en de Sovjet-Uny oerdroegen waarden (likernôch 7 miljoen) en út Tsjechoslowakije (likernôch 3 miljoen).
Njonken de troch Poalen en de Sovjet-Uny anneksearre Dútske gebieten waarden ek de Dútsers dy't libben yn de grinzen fan de Twadde Poalske Republyk, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Joegoslaavje en de Baltyske Steaten ferjage. Under de nazy-tiid wiene de plannen om de Slavyske en de Joadske befolking te ferfangen troch Dútske kolonisten mar foar in part útfierd.
De ferdriuwing fûn plak yn trije, inoar oerlaapjende fazes. De earste wie in organisearre evakuaasje fan etnyske Dútsers troch it nazy-regear sels, om't it Reade Leger jimmeroan tichterby kaam. Dy faze sette fan midden 1944 útein oant begjin 1945. De twadde faze wie in flecht yn it wylde wei fan etnyske Dútsers, dy't folge op it ferslaan fan de Wehrmacht. De tredde faze wie de organisearre ferballing, dy't folge op de moeting fan de alliearde lieders yn Potsdam, dêr't de Sintraal-Europeeske grinzen op 'e nij fêststeld waarden en de ferballing fan etnyske Dútsers út de eardere Dútske gebieten, dy't oerdroegen waarden oan Poalen, Ruslân en Tsjechoslowakije, oerienkommen waard. In soad Dútske boargers kamen ek telâne yn kampen, dêr't hja twongen waarden te wurken as ûnderdiel fan de herstelbetellings. It ûnderwerp om Dútske boargers te brûken foar herstelbetellings waard foar it earst op de konferinsje yn Teheran yn 1943 op it aljemint brocht, dêr't Joazef Stalin 4.000.000 Dútske arbeiders easke.
De measte suverings wiene yn 1950 foltôge. It tal deaden by de flecht en ferballing fan Dútsers is in kwestje fan striid, mar de rûzings geane fan 500.000-600.000 oant wol 2 oant 2.5 miljoen. Rûzings fan it oantal minsken fan Dútske komôf dy't yn 1950 efterbleaun wiene ferskille fan 700.000 oant 2,7 miljoen.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Twadde Wrâldkriich ûntbriek it East- en Sintraal-Europa oer it algemien oan dúdlik foarme etnyske delsettingsgebieten. Der wiene wol etnysk meaderheidsgebieten, mar der wiene ek grutte gebieten mei in tige mingde befolking. Yn dy diversiteitsgebieten leine de grutte stêden dêr't al iuwen ynteraksje op maatskiplik en ekonomysk mêd tusken de befolkingsgroepen plakfûn, al wiene de ferhâldings ek der net altiten harmonieus te neamen.
Mei it opkommen fan it nasjonalisme yn de 19e iuw waard de etnisiteit fan boargers in kwestje yn territoriale oanspraken, de identiteit fan steaten en de selspersepsje en oanspraken op etnyske superioriteit. It Dútske Ryk yntrodusearre it idee fan op etnisiteit bassearre delsetting nederzetting en wie de earste Europeeske steat die de oerdracht fan befolking útstelde om nasjonaliteitskonflikten op te lossen mei it doel de Poalen en de Joaden út de Poalske grinsstreek nei de Earste Wrâldkriich te ferwiderjen en te ferfangen troch etnyske Dútsers.
Nei it ynstoarten fan Eastenryk-Hongarije, it Russyske Ryk en it Dútske Keizerryk tsjin it ein fan de Earste Wrâldkriich ûnstiene neffens it Ferdrach fan Versailles ferskillende nije, ûnôfhinklike steaten yn Midden- en East-Europa, yn gebieten dy't earder bestjoerd waarden troch dy keizerlike machten. Gjin fan de nije steaten wie etnysk homogeen. Nei 1919 emigrearren in soad etnyske Dútsers út eardere keizerlike lannen werom nei Dútslân en Eastenryk, nei't hja harren befoarrjochte posysje as mearderheid yn dy frjemde lannen kwytrekken. Yn 1919 waarden Dútsers etnyske minderheden yn Poalen, Tsjechoslowakije, Hongarije, Joegoslaavje en Roemeenje. Yn de jierren 1930 moedigen de nasjonaalsosjalisten harren oan om autonomy te easkjen. Yn Dútslân woe de nazy-propaganda ha dat Dútsers yn dy gebieten ferfolge waarden. Yn hiel Europa foarmen de nazy's lokale nasjonaalsosjalistyske partijen, dy't betelle waarden troch it Dútske ministearje fan Utlânske Saken. Yn 1939 wenne lykwols al mear as de helte fan de Poalske Dútsers fanwegen de ferbettere ekonomyske kânsen bûten it eardere Dútske grûngebiet fan Poalen.
Motivaasje ferdriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen de komplekse skiednis fan de gebieten en de útienrinnende belangen fan de alliearde machten, is it dreech om in slutende rige motiven foar de ferdriuwing oan te dragen. De paragraaf fan it Akkoard fan Potsdam oer de ferballing fan de Dútsers is dizich: "De trije regearings, dy't de kwestje yn alle aspekten yn harren omgien litten ha, erkenne dat de oerdracht fan Dútske befolkingsgroepen oan Dútslân of dielen dêrfan, dy't yn Poalen, Tsjechoslowakije en Hongarije ferbliuwe, trochgong fine moat". Hja wiene it iens dat alle etnyske suverings op in oarderlike en humane wize útfierd wurde moasten.
De wichtichste redenen foar etnyske suvering dy't neamd waarden:
- It stribjen nei in etnysk homogene naasje. Mannich auteur wiist dy reden as it belangrykste motyf oan.
- It Russyske regear beskôge de grutte Dútske befolkingsgroepen bûten it nei-oarlochske Dútslân as in potinsjeel gefaar, as in fyfte kolonne, dy't fanwegen de sosjale struktuer in lêst wêze koe foar de noch út te fieren Sovjetisearing fan de by it Eastblok yndielde lannen. Ek de Westerske bûnsmaten seagen yn de Dútske minderheden in fyfte kolonne. Oer it generaal hopen de Westerske alliearden op in stabilere frede troch de Dútske minderheden út dy gebieten te ferwiderjen, itjinge neffens harren wol op in humane wize te regeljen foel. De útstellen fan de Poalske en Tsjechyske regearings yn ballingskip om de etnyske Dútsers nei de kriich út te wizen hiene de stipe fan Winston Churchill en Anthony Eden.
- De alliearden beskôgen de Dútsers kollektyf skuldich oan de misdieden fan de nazy's. De útsetting fan Dútsers wie in middel om de Dútsers te straffen.
- Stalin fûn de etnyske suvering fan Dútsers in middel om antagonisme te befoarderjen tusken de Sovjet-satellytsteaten en harren buorlju. De satellytsteaten soene sa ôfhinkliker wurde fan de beskerming fan de Sovjet-Uny. De útsettings tsjinnen ek ferskillende praktyske saken fan de Sovjet-Uny.
Evakuaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't it Reade Leger tsjin it ein fan de kriich jimmeroan tichter nei it westen teach, rekken in soad Dútsers yn panyk oer de oansteande Sovjetbesetting. De measte Dútsers hiene al heart fan de represailles van de Russen tsjin de Dútske boargers. De soldaten fan it Reade Leger ferkrêften in soad froulju en makken harren skuldich oan oare misdieden, lykas yn Nemmersdorf, it tsjintwurdige Majakovskoje, dêr't boargers fermoarde wiene. De ferskillende Dútske autoriteiten wurken tsjin it ein fan de kriich plannen út om de etnyske Dútske befolking fanút Poalen en de eastlike gebieten fan Dútslân nei it westen ta te evakuëarjen, mar yn de measte gefallen waard de útfiering útsteld oant de Sovjettroepen de te evakuëarjen gebieten al oermastere hiene. It efterlitten fan miljoenen etnyske Dütsers yn dy kwetsbere gebieten kin streekrjocht taskreaun wurde oan de maatregels, dy't de nazy's troffen tsjin elts dy't fertocht waard fan in defêtistyske hâlding (lykas it tarieden fan de flecht) en it fanatisme fan nazy-funksjonarissen, dy't it befel fan Adolf Hitler om harren net werom te lûken útfierden.
De earste úttocht fan Dútske boargers út eastlike gebieten bestie út spontane flechten en organisearre evakuaasjes. De úttocht sette útein yn it midden fan 1944 en duorre oant begjin 1945, doe't de omstannichheden yn de winter gaoatysk waarden en kilometerslange rigen flechtlings mei harren karren troch de snie wrotten om it Reade Leger foar te bliuwen.
De flechtlings dy't yn it berik fan de optsjende Sovjets kamen, hiene slim te lijen fan de oanfallende, leechfleanende fleantugen, oaren waren ferplettere troch tanks. It Dútske Federale Argyf rûsd it tal deadlike slachtoffers yn harren flecht op sa'n 100.000-200.000 boargers. De Poalske skiedkundigen Witold Sienkiewicz en Grzegorz Hryciuk tinke dat it tal deaden tusken de 600.000 en 1,2 miljoen leit. Wichtige oarsaken wiene de kjeld, de bombardeminten en stress. It KdF-cruiseskip Wilhelm Gustloff wie yn jannewaris 1945 sonken troch in ûnderseeboat fan de Sovjet-marine. Likernôch 9.000 boargers en militêr personiel kamen om by dy ûntsnapping út East-Prusen, yn de skiednis it grutste ferlies oan minsken dat by yn in sonken skip om it libben kaam. Doe't de gefjochten oer wiene en flechtlings oan de oare kant fan it front telâne kamen, besochten in soad flechtlings nei hûs werom te gean. Foar 1 juny 1945 stutsen 400.000 minsken de Oder en Neisse oer yn eastlike rjochting, oant de Sovjet- en Poalske kommunistyske autoriteiten de oergongen oer de rivieren ôfsletten. Nochris 800.000 minsen ferhûzen fan Tsjechoslowakije nei Sileezje.
Tsjin it ein fan 1945 ferbleaune 4.5 miljoen flechte of ferballe Dútsers ûnder it bestjoer fan alliearde regearings. Fan 1946–1950 waarden sa'n 4.5 miljoen minsken út Poalen, Tsjechoslowakije en Hongarije yn organisearre massatransporten nei Dútslan brocht. Nochris 2.6 miljoen frijlitten kriichsfinzenen waarden registrearre as ballings.
Evakuaasje nei Denemark
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Operaasje Hannibal wie de offisjele namme foar de evakuaasje fan Dútske boargers en militêren út East-Prusen, Pommeren en de Baltyske steaten. Tusken 23 jannewaris en 5 maaie 1945 waarden likernôch 250.000 Dútsers mei skippen oer de Eastsee nei it troch de nazy's besette Denemark evakuëarre. Doe't de befrijing kaam makken de Dútske flechtlings 5% út fan de hiele Deenske befolking. De flechtlings bestiene benammen út froulju, âlderein en bern, in tredde dêrfan wiene ûnder de fyftjin.
Nei de befrijing fan Denemark waarden de Dútsers yn hûnderten kampen oer it hiele lân opsletten. It grutste kamp wie it Oksbøl Flechtlingenkamp mei 37.000 bewenners. De sitewaasje wie grimitich en de kampen waarden bewaakt troch Deenske militêren bewaakt, mar ferbettere nei't Deenske dûmny's yn in iepen brief pleiten foar in bettere behanneling fan de flechtlings. Op 6 septimber 1945 besette it Reade Leger it Deenske eilân Bornholm. De Russen brochten mei skippen 3.000 flechtlings en 17.000 Wehrmacht-soldaten fan it eilân nei Kolberg. Yn 1945 ferstoaren 13.492 Dútske flechtings, dêrûnder 7.000 bern ûnder de fiif.
Neffens de Deenske fysikus en skiedkundige Kirsten Lylloff wiene dy deaden foar in diel te witen oan de wegering fan Deensk soarchpersoniel om Dútsers te behanneljen. De lêste flechtlings ferlieten Denemark op 15 febrewaris 1949. Denemark en Dútslân tekenen op 26 febrewaris 1953 it ferdrach dêr't in kompinsaasje fan 160 miljoen Deenske kroanen oerien kommen waard foar de opfang fan de Dútske ûntheemden. Tusken 1953 en 1958 hat Dútslân dy rekken foldien.
Tsjechoslowakije
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens West-Dútske sifers wiene der yn maaie 1945 4.5 miljoen Dútske boargers yn Bohemen-Moraavje, dêrûnder ek 100.000 út Slowakije en 1.6 miljoen flechtlings út Poalen.
Tusken 700.000 en 800.000 Dútsers waarden yn it wylde wei tusken maaie en augustus ferjage. Tsjechoslowaakse politisi fjurren it ferjeijen fan Dútsers oan, dy't fral yn opdracht fan lokale oerheden útfierd waarden, fakentiden troch wapene frijwilligers en it leger. De ferdriuwing fan de Dútske befolking duorre fan jannewaris oant oktober 1946. 1.9 miljoen etnyske Dútsers waarden nei de Amerikaanske sône ferballe, dy't foar in diel letter West-Dútslân wurde soe. Mear as 1 miljoen waarden ferballe nei de Sovjet-sône, it lettere East-Dútslân.
Likernôch 250.000 etnyske Dútsers mochten yn Tsjechoslowakije bliuwe, mar de Tsjechen telden yn desimber 1955 noch 165.790 Dútsers yn it lân. Manlju mei in Tsjechyske frou waarden ferballe, wylst froulju mei in Tsjechyske man bliuwe mochten. Dútsers dy't in wichtige bydrage oan de ekonomy leveren moasten as twangarbeiders bliuwe.
Neffens Dútsk-Tsjechysk ûndersyk yn 1995 is it earder rûsd deadental fan 220.000 oant 270.000 op basis fan ferkearde ynformaasje oerdreaun. Harren konklúzje wie dat it tal deaden tusken de 15.000 en 30.000 lizze moat. Dêrby waard der fan útgien dat net alle deaden offisjeel bekend binne. De Suchdienst fan it Dútske Reade Krús befêstige de dea fan 18.889 minsken by de ferballing út Tsjechoslowakije.
Hongarije
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de ferballing fan Dútsers út oare lannen waard de suvering fan Dútsers út Hongarije oplein troch de Russen. De útwizing sette útein op 22 desimber 1944. Earder hie de Volksbund al 3% fan de Dútske befolking (20.000 minsken) evakuëarre. Hja gyngen nei Eastenryk, mar in soad wiene werom kommen. Meiïnoar wiene 60.000 etnyske Dútsers flechte.
Neffens West-Dútske rapporten fan 1956 waarden yn it begjin fan 1945 tusken de 30.000-35.000 etnyske Dútske boargers en 30.000 kriichsfinzenen oppakt en fan Hongarije foar twangarbeid nei de Sovjet-Uny transportearre. Yn guon doarpen waarde de hiele folwoeksen befolking deportearre nei wurkkampen yn it Donetsbekken. Dêr ferstoaren 6.000 minsken oan lijen en ellinde. Neffens de Russyske argiven waard it tal registrearre etnyske Dútsers yn Hongarije troch de Sovjets op 50.292 fêststeld. Dêrfan waarden 31.923 deportearre nei de Sovjet-Uny om dêr te twangarbeid te ferrjochtsjen. Neffens de Russyske opjeften ferstoar 9% fan de depotearre befolking.
De offisjele Hongaarske sifers yn 1945 telden 477.000 Dútsktaligen yn Hongarije, ynklusyf Dútsktalige joaden. Dêrfan hiene 303.000 opjûn de Dútske nasjonaliteit te hawwen. Op 29 desimber 1945 joech it Hongaarske regear gehoar oan de oanwizings fan it Akkoard fan Potsdam en opdracht ta de útwizing fan elts, dy't neffens de sensus fan 1941 as Dútser identifisearre waard, lid west hie fan de Volksbund, de SS, of hokker Dútske wapene organisaasje ek. By dy massasuvering wiene fral de Dútsers op it plattelân it slachtoffer, de etnyske Dútsers yn de stêd wiene fanwegen harren feardichheden faker nedich yn de Hongaarske ekonomy. Dútsers dy't mei Hongaren troud wiene mochten bliuwe. Op 19 jannewaris 1946 waarden de earste 5.788 Dútsers fanút Budaörs (Dútsk: Wudersch) deportearre.
Likernôch 180.000 Dútsktalige Hongaren rekken harren steatsboargerskip en besittings kwyt en waarden ferballe nei de westlike sônes fan Dútslân. De measte ballings kamen telâne yn Baden-Württemberg, mar ek yn Beieren en Hessen. Oar ûndersyk wiisde út dat tusken 1945 en 1950 150.000 ferballe waarden nei West-Dútslân, 103.000 nei Eastenryk en gjin ien nei East-Dútslân. De ferballing fan de Dútsers út Hongarije gyng mank mei in soad protesten fan de Hongaarske befolking. It Hongaarske regear motivearre de ferdriuwing fan de etnyske Dútsers út Hongarije mei de reden dat der lân nedich wie foar de Hongaarske flechtlings en boargers.
In beslút op 15 juny 1948 makke in ein oan de suvering. By de folkstelling fan 1949 waarden noch 22.445 Dútsers yn Hongarije identifisearre. Op 25 maart 1950 folge in dekreet, dat alle útsettingsopdrachten neatich ferklearre. De ferballe minsken mochten werom komme as hja dat woene. Nei de fal fan it kommunisme rehabilitearre Hongarije de Dútske slachtoffers fan útwizing en twangarbeid. Nije wetten makke in kompinsaasjeregeling mooglik en it rjocht om werom te gean en ûnreplik guod te keapjen.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Operaasje Swarte Tulp wie nei de befrijing it belied fan it Nederlânske regear om alle Dútsers yn Nederlân út te wizen. Yn dy tiid wennen der likernôch 25.000 minsken yn Nederlân mei de Dútske nasjonaliteit. Ek de Dútsers dy't mei in Nederlanner troud wiene en dêr bern mei hiene krigen it stimpel vijandige onderdaan.
De operaasje sette op 10 septimber 1946 yn Amsterdam útein mei it midden yn de nacht oppakken fan Dútsers en harren hûshâlding. Hja krigen in oere om 50 kilo bagaazje mei te nimmen en op 100 gûne nei waard al it besit yn beslach nommen troch de steat. Ynearsten kamen hja telâne yn kampen by de grins, wêrfan't Marienbosch by Nijmegen it grutst wie. De Roomsk Katolike Tsjerke fersette him tsjin de ferdriuwing en yn it parlemint wie it freule Christine Wttewaall van Stoetwegen fan de CHU dy't har tsjin de útwizing fersette. Ek de alliearden moasten neat fan de ferballing ha, om't hja benaud wiene dat oare lannen folgje soene. Der binne meiïnoar 3.691 Dútsers útset, minder as 15% fan it totaal.
Poalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan 1945 waard de Dútske befolking eastlik fan de troch de Oder en Neisse foarme grins op 11 miljoen minsken rûsd. By it optsjen fan it leger troch East-Europa en de eastlike dielen fan Dúslân waarden guon Dútsers fermoarde. Wylst in soad minsken makken dat hja fuort kamen, bleaune ek miljoenen efter. Likernôch 1% (100.000) fan de Dútske boargers eastlik fan de Oder-Neisse grins rekke by de gefjochten oant de oerjefte yn 1945 fermist. It Reade Leger en de Poalske kommunisten besetten yn 1945 de Dútske gebieten yn it easten en Dútske boargers waarden nei kampen stjoerd om te wurken. De Sovjet-Uny joech it Dútske gebiet eastlik fan de Oder en Neisse yn july 1945 oan Poalen. Yn it midden fan 1945 wennen dêr noch sa'n 4.5 oant 4.6 miljoen Dútsers yn ôfwachting fan in fredeskonferinsje mei Dútslân, dy't lang om let nea plakfine soe.
Om in homogeen Poalen te kreëarjen wiisden de Poalske kommunisten al hiel gau hûnderttûzenen Dútsers út. De offisjele ferklearring wie dat de eardere Dútske bewenners plak meitsje moasten om Poalen te hûsfestjen, dy't troch de Sovjet anneksaasje fan it eastlike diel fan Poalen hûs en hiem kwyt rekke wiene, mar de gebieten hiene ynearste mei grutte befolkingstekoarten te meitsjen. Sûnt de maaitiid fan 1946 waarden de útsettings stadichoan better organisearre, wertroch ek de noch yn Poalen restearjende Dútsers troffen waarden. Yn 1950 wiene 3.155.000 Dútske boargers ferdreaun en 1.043.550 ta Poal naturalisearre. Dútsers dy't ûnmisber foar de Poalske ekonomy wiene moasten bliuwe, mar yn 1960 wiene hja hast allegear fuortgien. Sa'n 500.000 Dútsers yn Poalen wurken as twangarbeider yn de troch de kommunisten bestjoerde kampen foardat hja út Poalen ferdreaun waarden. Njonken grutte kampen, somtiden eardere Dútske konsintraasjekampen, wiene der in hiel soad oare kampen, getto's en detinsjesintra, dy't somtiden net grutter wiene as in kelder.
Russyke argiven, publisearre en aktualisearre yn 2001, stelle it tal Dútsers dat foar twangarbeid út Poalen nei de Sovjet-Uny deportearre waard fêst op 155.262; dêrfan ferstoar 37% (57.586 minsken) yn de Sovjet-Uny. It West-Dútske Reade Krús rûsde it tal Dútske boargers dat fanút Poalen nei de Sovjet-Uny foar twangarbeid deportearre wie op 233.000 minsken; 45% (105.000) dêrfan liet it libben of rekke fermist yn de Sovjet-Uny.
De hâlding fan Poalske boargers foar it lot fan de Dútske boargers oer wie hiel ferskillend. Sovjet-soldaten makken harren in soad skuldich oan ferkrêftings en moarden. Hja makken dêrby ek net altiten ûnderskied tusken Dútsers en Poalen, dy't hja faak op deselde wize mishannelen. In West-Dútske kommisje rûsde yn 1953 it tal deaden ûnder boargers op 2 miljoen; yn 1974 rûsde it Dútske Federale Argyf it tal deaden op likernôch 400.000.
Neffens sifers fan it West-Dútske regear bedroech it tal minsken dat tsjin 1950 evakuëarre, emigrearre of ferdreaun wie, meiïnoar op 8.030.000 (6.981.000 út eardere Dútske gebieten, 290.800 út Dantzig, 688.000 út it Poalen fan foar de kriich en 170.000 Baltyske Dútsers dy't yn de oarloch yn Poalen hûsfêste waarden. Undersyk troch it West-Dútske regear rûsde it tal Dútsers dat yn it tiidrek fan 1951 oant 1982 út Poalen emigrearre op 894.000. Ek hja wurde troch Dútslân beskôge as ferdreaun.
Roemeenje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1939 waard de Dútske befolking fan Roemeenje rûsd op 786.000. De Sovjet-Uny besette yn 1940 Besaraabje en Bûkovina en yn it ramt fan in Nazy-Sovjet befolkingsútwikseling waarden 200.000 etnyske Dútsers deportearre nei gebieten, dy't ûnder Dútske kontrole stiene. Dêrfan waarden 140.000 nei it troch Dútslân besette Poalen stjoerd, dy't yn 1945 fêstnommen waarden doe't hja flechten út Poalen. De measte etnyske Dútsers yn Roemeenje wennen yn Transylvaanje, werfan't it noardlike diel yn de Twadde Wrâldkriich troch Hongarije anneksearre wie. De pro-Dútske regearings fan Hongarije en Roemeenje stie it Nazy-organisaasjes Dútsers te rekrutearjen. Yn de kriich waarden 54.000 manlju oproppen troch Nazy-Dútslân, wêrfan't in soad by de Waffen-SS telâne kamen. Yn de simmer fan 1944 flechten mei de weromlûkende Wehrmacht likernôch 100.000 Dútsers út Roemeenje.
Neffens West-Dútske sifers fan 1957 waarden 75.000 Dútske boargers deportearre nei de Sovjet-Uny om dêr twangarbeid te ferrjochtsjen. Likernôch 15% fan dy boargers(10.000 minsken) binne nea werom komme. Data fan Russyske argiven stelle it tal Dútser yn Roemeenje fêst op 421.846 boargers, wêrfan't 67.332 deportearre binne nei de Sovjet-Uny om te wurkjen en dat 9% dêr stoar (6.260).
De rûchwei 400.000 etnyske Dútsers dy't yn Roemeenje bleaune waarden kollektyf skuldich achte oan gearwurking mei Nazy-Dútslân en rekken alle frijheden en besit kwyt. In soad waarden nei oare dielen fan it lân stjoerd. Yn 1948 sette Roemeenje útein mei in stadige rehabilitaasje fan etnyske Dútsers: hja waarden net mear ferdreaun en it kommunistyske rezjym joech de etnyske Dútsers de status fan nasjonale minderheid, it iennige Eastbloklân dy't dat die.
Yn 1977 wennen der noch 355.000 Dútsers yn Roemeenje. Sûnt de jierren 1980 begûn in nij úttocht. Allinne al yn 1989 ferlieten 160.000 Dútsers it lân. Yn 2002 wennen yn Roemeenje noch mar 60.000 etnyske Dútsers.
Sovjet-Uny
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de nije territoriale en politike ferdieling fan grutte dielen fan East-Europa yn it ramt fan it Molotov-Ribbentrop-pact (1939) fûn der tusken Dútslân en Ruslân in grutte útwikseling fan de befolking plak. Ut de troch Ruslân kontrolearre gebieten waarden Dútsers deportearre nei de gebieten dy't troch it Tredde Ryk anneksearre wiene. Mar in lyts diel dêrfan soe werom gean nei it âlde wenstee doe't Dútlân de Sovjet-Uny ynfoel en tydlik de kontrole krige oer dy gebieten. De minsken dy't werom gyngen soene troch de nazy's ynsetten wurde om in bân tusken it Dútske bestjoer en de lokale befolking ta stân te bringen.
It Sovjet-regear beskôge de etnyske Dútske minderheid yn harren lân as in grut gefaar en dêrom waarden hja nei plakken djipper it lân yn deportearre. Yn augustus 1941 joech it Sovjet-regear opdracht om it Europeeske diel fan alle etnyske Dútsers te suverjen. Oan it begjin fan 1942 sieten 1.031.300 Dútsers finzen yn Sibearyske en Sintraal-Aziatyske kampen. It libben yn dy kampen wie striemin, de finzenen krigen fierstente min te iten en it rezjym wie tige strang. Neffens de data fan de Sovjet-argiven wennen yn oktober 1945 noch 687.300 Dútsers yn de kampen. Nochris 316.600 Sovjet-Dútsers wiene yndield yn arbeidsbatallions, dy't inselde rezjym as de kampbewenners ûndergyngen en likemin te iten krigen as minsken yn de Gûlag. Yn 1945 deportearre de Sovjet-Uny ek 203.796 etnyske Dútsers, dy't earder yn de tiid fan it Tredde Ryk harren yn Poalen nei wenjen setten hiene. Dêrtroch naam de Dútske befolking yn de kampen wer ta oant 1.035.701 yn 1949.
Neffens J. Otto Pohl kamen 65.599 Dútsers om yn de kampen. Hy giet der fan út dat der nochris 176.352 fermiste minken ferstoaren yn de arbeidsbatallions. Under Stalin bleaune de Sovjet-Dútsers ûnder strang tasicht yn de kampen. Yn 1955 folge in rehabilitaasje, mar hja mochten net werom nei it Europeeske diel fan Ruslân. Nettsjinsteande de deportaasjes en twangarbeid woeks de Sovjet-Dútske befolking neffens de sifers fan de Sovjet Uny fan 1.427 miljoen yn 1939 oant 1.619 miljoen yn 1959.
Berekkenings fan de West-Dútske ûndersiker Gerhard Reichling komme net oerien mei de sifers fan de Sovjet-argiven. Neffens Reichling binne meiïnoar 980.000 etnyske Dútsers yn de kriich deportearre. Hy rûsde dat 310.000 ferstoaren yn twangarbeid. Yn de earste moannen fan de Operaasje Barbarossa besetten de Dútsers de westlike dielen fan de Sovjet-Uny, dêr't Dútske delsettings wiene. Dútslân ferhûze yn de kriich 370.000 etnyske Dútsers út de Sovjet-Uny nei Poalen. Ruslân helle yn 1945 fan dy groep 280.000 werom nei de Sovjet-Uny; de rest wist op'e tiid te flechtsjen nei Dútslân.
De Dútsers dy't noch yn de Sovjetgrinzen fan 1939 bleaune nei't Nazy-Dútslân yn 1941 it gebiet besette, bleane dêr oant 1943, doe't it Reade Leger de Wehrmacht werom dreau nei it westen. Fan jannewaris 1943 flechten de measte dy etnyske Dútsers nei it Warthegau of nei Sileezje. Tsjin it ein fan 1944 kamen tusken 250.000 en 320.000 etnyske Dútsers yn Nazy-Dútslân oan. Hja waarden dêr yn kampen ûnderbrocht en ûndergyngen moasten in rasiale ynspeksje ûndergean. Dyjingen dy't rasiaal weardefol achte waarden koene as lânarbeider yn de anneksearre gebieten oan it wurk, wylst oaren mei in twifelridige komôf yn Dútslân oan it wurk set waarden. Oan it begjin fan 1945 oermastere it Reade Leger ek dat gebiet en wylst de nazy-autoriteiten noch jimmeroan dwaande wiene mei de rasiale ynspeksjes sieten 200.000 fêst yn it troch it Reade Leger oermastere gebiet. Ruslân beskôge dy minsken as boargers fan de Sovjet-Uny en repatriearre se nei de kampen yn it easten. Nochris 70.000 oant 80.000 boargers dy't yn de troch de Sovjet-Uny besette sône wennen, waarden op basis fan in akkoard mei de westlike alliearden nei de Sovjet-Uny werom stjoerd. It tal deaden by it fêstnimmen en de deportaasje wie heech: 15% oant 30% oerlibbe it net en in soad famyljes waarden út inoar helle. Yn de kampen moasten de Dútsers oant 1955 twangarbeid ferrjochtsje.
Mei in dekreet fan 13 septimber 1955 waarden de etnyske Dútsers frijlitten en op 23 augustus 1964 folge in rehabilitaasje. Mar hja mochten net werom nei harren âlde wenstee en bleaune yn it easten fan de Sovjet-Uny wenjen. Ek krigen hja harren besittings net werom. Sûnt de jierren 1980 liet Ruslân it de Dútsers ta om nei Dútslân te emigrearjen.
Yn it noarden fan East-Prusen waard Königsberg anneksearre troch de Sovjet-Uny en in enklave fan de Russyske Sovjetrepublyk. It Memellân om de Memel, it tsjintwurdige Klaipeda, waard ûnderdiel fan de Litouske Sovjet-republyk. In soad Dútsers waarden yn it ramt fan Operaasje Hannibal evakuëarre út East-Prusen en it Memellân of flechten yn bline panyk doe't it Readere Leger nadere. Dútsers dy't efterbleaune waarden oproppen foar twangarbeid en it gebiet waard troch etnyske Russen kolonialisearre. Yn juny 1946 wennen yn de Kaliningrad Oblast 114.070 Dútsers, in ûnbekend tal net-registrearre Dútsers en 41.029 Russen. Tusken juny 1945 en 1947 waarden likernôch in heal miljoen Dútsers ferballe. Tusken 24 augustus en 26 oktober 1948 waarden yn 21 transporten meiïnoar 42.094 Dútsers út de Kaliningrad Oblast nei Ruslân deportearre. De lêste 1.401 Dútsers waarden tusken novimber 1949 en jannewaris 1950 ferballe. Tûzenen Dútske wezen, de saneamde Wolvenbern (Wolfskinder), swalken yn de bosken fan East -Prusen om en stoaren yn 'e winter fan kjeld en honger. Tusken 1945 en 1947 ferhûzen sa'n 600.000 Sovjet-boargers nei de oblast.
Joegoslaavje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Twadde Wrâldkriich wennen yn Joegoslaavje likernôch 500.000 Dútsktalige minsken, fral Donau-Swaben. De measten wisten yn de kriich of nei 1950 te flechtsjen of te emigrearjen.
Nei de befrijing namen partizanen wraak op willekeurige etnyske Dútsers fanwegen it oandiel fan mannich Dútser yn de wreedheden yn Servyske gebieten. De likernôch 200.000 Dútsers dy't efterbleaun wiene, hiene te meitsjen mei ûnteigening en swiere ferfolging. Partizanen en boargers fermoarden likernôch 7.000 minsken en tusken 1945-1948 waarden de Dútsers yn wurkkampen finzen holden, dêr't 50.000 ferdwûnen. Nei 1948 mochten hja, dy't it oerlibbe hiene, nei Dútslân emigrearje.
Neffens West-Dútske sifers deportearren de Sovjets ein 1944 27.000 oant 30.000 etnyske Dútsers nei de Oekraïne en it Donetsbekken. It wiene fral froulju tusken 18 en 35 jier âld, dy't foar twangarbeid deportearre waarden. Likernôch 20% fan de froulju oerlibben it net. Russyske argiven rûze it tal Dútske boargers dat begjin 1945 út Joegoslaavje nei de Sovjet-Uny deportearre waarden foar twangarbeid op 12.579, wêrfan't 16% ferstoar. In twadde faze sette útein doe't etnyske Dútsers byinoar brocht waarden yn doarpen, dy't ta wurkkampen omfoarme wiene. Al it meubilêr waard ferwidere en op de flierren fan de huzen waard strie lein. Under militêr tafersjoch waarden de finzenen as bisten fêstholden sûnder genôch te iten en of medyske soarch. Famyljes waarden út inoar helle en ferdield tusken wa't wol of net geskikt wie foar twangarbeid. 166970 etnyske Dútsers waarden finzen set, 48.447 minsken (29%) ferstoaren. It kampsysteem waard yn maart 1948 opheven.
Sloveenje hie yn 1931 in mienskip fan 28.000 etnyske Dútsers, dy't foar it measte yn in pear konsintraasjes yn it lân wennen. Yn april 1941 besetten Italjaanske troepen it suden fan Sloveenje. De etnyske Dútsers fan Gottschee (Kočevje) waarden troch de nije Dútske autoriteiten twongen om te ferhûzjen nei it troch de Dútsers besette Untersteiermark. De measten gyngen nei plakken dêr't de Sloveenske befolking ferdreaun wie. De twongen ferhûzing út harren histoaryske wenstee wie de etnyske Dútsers tige tsjin it sin. Doe't de Dútske besetter tefolle lêst krige fan de Joegoslavyske partizanen, flechten de measte etnyske Dútsers mei om't hja benaud wiene foar wraak. In pear Dútsers bleaune noch oant maaie 1945 wenjen yn de stêden Maribor and Celje, dy't doe troch it Sloveenske Befrijingsfront ferdreaun waarden.
Wylst de Joegoslaven kampen opsetten yn Sterntal en Teharje, nasjonalisearre it regear de besittings fan de etnyske Dútsers op basis fan in beslút fan 21 novimber 1944 troch de Anty-Fassistyske Ried foar de Folksbefrijing fan Joegoslaavje.
Nei maart 1945 waard etnyske Dútsers yn saneamde 'doarpkampen' ûnderbrocht. Aparte kampen wiene der foar dyjingen dy't wurkje koene en foar dyjingen dy't dat net koene. Yn de kampen foar minsken dy't net wurkje koenen, befolke troch fral bern en âlde minsken, lei it stjertesifer op 50%, De measte bern ûnder de 14 waarden yn tehûzen ûnderbrocht dêr't de omstannichheden better wiene, mar it praten fan Dútsk ferbean wie. Dy bern waarden letter oan Joegoslavyske hûshâldings jûn en lang net alle Dútsers soene der yn de jierren 1950 yn slagje om harren bern werom te krijen.
West-Dútske sifers út 1958 rûze it tal deaden op 135.800 boargers. In mear aktueel Joegoslavysk ûndersyk set it deadental op 58.000: 48.447 minsken ferstoaren yn de kampen, 7.199 waarden deasketten troch partizanen en nochris 1.994 ferdwûnen yn de wurkkampen fan de Sovjet-Uny. Dútsers dy't beskôge waarden as Joegoslavyske boargers waarden te wurk set yn de yndustry of yn it militêre apparaat. Hja koene harren frijkeapje fan de Joegoslavyske nasjonaliteit foar in bedrach fan trije moannesalarissen. Yn 1950 wiene 150.000 fan de Joegoslavyske Dútsers ferdreaun nei Dútslân, 150.000 nei Eastenryk, wylst 10.000 in hinnekommen fûn yn de Feriene Steaten en 3.000 yn Frankryk. Neffens West-Dútslân wennen yn 1950 82.000 etnyske Dútsers yn Joegoslaavje. De measte etnsyke Dútsers emigrearren nei 1950 nei Dútslân of assimilearren yn de lokale befolking.
Kehl (Dútslân)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 23 novimber 1944 waard de hiele befolking fan Kehl oan de eastlike kant fan de Ryn evakuëarre. Kehl leit yn Dútslân en wurdt troch de Ryn fan Straasburch skieden, dat oan de westlike kant fan de Ryn leit. Frânske troepen besetten yn maart 1945 de stêd en stiene it oant 1953 net ta dat de befolking wer nei harren stêd werom gyngen.
Latynsk-Amerika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen benaudens foar in fyfte kolonne fasilitearre it Amerikaanske regear tusken 1941 en 1945 de ferballing fan 4.058 Dútske boargers út 15 lannen fan Midden- en Súd-Amerika nei kampen yn Teksas en Louisiana. It die by ûndersyk bliken dat de measte finzenen gjin kwea yn 'e sin hiene en trijefearn dêrfan waard yn de Twadde Wrâldkriich nei Dútslân stjoerd yn ruil foar Amerikaanske boargers, wylst de rest nei harren hûzen yn Latynsk-Amerika werom mocht.
Palestina
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich pakten Britten kolonisten mei de Dútske nasjonaliteit op om se yn kampen yn Waldheim en Betlehim fêst te setten. Fan de lutherske Tempelgesellschaft waarden 661 leden op 31 july 1941 oer Egypte nei Austraalje deportearre, dêr't hja oant 1947 yn in kamp yn Tatura Fiktoaria ynternearre waarden. 345 leden bleaune yn Palestina. Yn 1962 betelle Israel 54 miljoen Dútske Marken om de âlde eigners fan harren nasjonalisearre besit te kompensearjen.
Ferliezen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûzings fan it deadental ûnder Dútske boargers by harren flecht en ferballing, ynklusyf de twangarbeid fan Dútsers yn de Sovjet-Uny, rinne fan 500.000 op oant wol 3 miljoen.
Opfang yn Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flechtlings dy't Dútslân hellen wiene yn 'e regel der min oan ta, benammen yn de strange winter fan 1945-1946. Njonken de wreedheden fan it Reade Leger hiene hja yn de útsettingsgebieten te krijen mei wraak fan Joegoslavyske partizanen, Poalen of Tsjechen. De ferballing gyng mank mei mishanneling, ferkrêftsjen en moard. Tsjûgen makken de moarden by Ústí (Aussig) mei of Postoloprty. Oaren waarden fêstset yn bygelyks it kamp Łambinowice (Lamsdorf), dêr't teminsten 1.000 Dútsers stoaren oan in sadistyske behanneling. De flechtlings hiene honger, syktes, wiene inoar kwyt rekke, ferlearen harren rjochten en fertroude omjouwing en moasten twangarbeid ferrjochtsje.
Yn Dútslân troffen hja in lân oan dat troch de kriich yn pún lei. It tekoart oan hûzen en it brek oan oare saken wie ûnbidich en liede ta konflikten mei de lokale befolking. De sitewaasje waard better mei it Wirtschaftswunder, dat wurk foar elkenien mooglik makke.
Frankryk hie net oan de Konferinsje fan Postdam meidien en it lân fielde him dêrom ek net bûn oan it akkoard. It lân hie dus ek de útsettings fan etnyske Dútsers net mei ûndertekene en fielde him dêrom net ferantwurdlik foar de opfang en soarch fan de ferdreaune minsken, dy't yn de Frânske besettingssône oankommen wiene. Nei july 1945 slaggen de Frânsen der yn om de út it easten deportearre Dútske flechtlings út de Frânske besettingssône te warjen. Grut-Brittanje en de Feriene Steaten protestearden tsjin de Frânsk hâlding, mar hiene gjin middels om Frankryk te twingen om de gefolgen te dragen fan it útwizingsbelied dat de Amerikaanske, Britske en Sovjet-lieders yn Postdam ôfpraat hiene. Frankryk makke in ûnderskie tusken kriichsrelatearre flechtlings en minsken dy't letter ferdreaun waarden. Yn desimber 1946 naam Frankryk yn de besettingssône 250.0000 Dútsers op út Denemark, dy't út Dútske gebieten oer see flechte wiene foar it naderjende Reade Leger. Hja wiene gjin minsken dy't nei de kriich ferdreaun wiene; Denen fan Dútske komôf waarden net útset troch Denemark.
De kommunisten dy't de ferdriuwings oantrunen en foar in part útfierden, diene neat oan humanitêre help, wertroch't de Amerikanen en Britten de ferdreaune minsken yn harren sônes opnimme moasten. Yn Potsdam wie ek ôfpraat dat 15% fan alle masjines út de westlike sônes, fral fan de metaallurgyske, gemyske en masjinebouyndustry, oan de Sovjet oerdroegen wurde soe yn ruil foar iten, stienkoal, hout en oare basisbehoeften. De leverings út it westen setten yn 1946 útein, mar it wie ienrjochtingsferkear. Leverings fan de Sovjets fûnen net plak en op 3 maaie 1946 einigen de Feriene Steaten dêrom harren leverings oan de Sovjet-Uny, wylst de ferdreaunen út de troch de Sovjets kontrolearre gebieten oan it ein fan 1947 nei it Westen deportearre waarden.
De sitewaasje yn de Britske en de Amerikaanske sône waard dêrtroch in stik slimmer, fral yn de Britske sône. Troch de lokaasje oan de Eastsee krige de Britske sône ek in grutte flechtlingstream te ferwurkjen dy't oer see kamen, wêrtroch de tekoarten foars tanommen. Yn it swier bombardearre Hamburch bygelyks naam it romtetekoart fierder ta troch de nije stream flechtlings en ballings en yn maaie 1947 organisearren de fakbûnen dêr in staking tsjin de lytse rantsoenen.
De Feriene Steaten en Grut-Brittanje moasten iten ynfiere yn harren sônes, ek al wie Grut-Brittanje finansjeel oan reapsein en ôfhinklik fan ymport. Grut-Brittanje hie de hiele kriich fochten tsjin Nazy-Dútslân, fan juny 1940 oant juny 1941 wie it sels de iennige tsjinstanner fan de nazy's. Yn dat tiidrek wiene de Feriene Steaten noch net de kriich ynlutsen en hie de Sovjet-Uny in ferdrach mei Nazy-Dútlân. Grut-Brittanje moast ekstra liene by de Feriene Steaten en de Feriene Steaten moasten mear útjaan om de eigen sônes te befoarrieden. De Sovjet-Uny wie de iennige alliearde macht, dy't it plonderjen en it rôvjen tastie en oantrune.
Doe't de Bûnsrepublyk Dútslân stifte waard, waard op 24 augustus 1952 in wet opsteld dy't ornearre wie om de finansjele sitewaasje fan de ferdreaune minsken te ferbetterjen. De wet, dy't de namme Lastenausgleichsgesetz krige, joech foar in part kompinsaasje en makke in ienfâldige kredytopname mooglik foar minsken dy't ferdreaun wiene. It ferlies fan harren besit waard rûsd op 299,6 miljard Dútske marken (op in totaal ferlies fan Dútsk eigendom troch grinsferoarings en ferdriuwings fan 355,3 miljard Dútske marken). Yn Dútslân waarden organisaasjes stifte om de ferdreaune minsken yn it nei-kriichske Dútslân te yntegrearjen. Wylst it stalinistyske rezjym yn de Russyske besettingssône de ferdreaune minsken ferbea harren te organisearjen, ûnstiene yn de westslike sônes yn de rin fan de tiid in ferskaat oan organisaasjes, lykas it Bund der Vertriebenen.
Mei teminsten 12 miljoen streekrjocht troch de útwizing troffen Dútsers, mooglik sels 14 miljoen of mear, wie de ferdriuwing de grutste etnyske suvering fan ien inkelde befolking yn de Europeeske skiednis en de grutste fan de neikriichske ferdriuwings yn Midden- en East-Europa (yn totaal 20 oant 31 miljoen fan hûs en hiem ferdreanen).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingetlskalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Flight and expulsion of Germans (1944–1950)
|
- Deportaasje
- Twadde Wrâldkriich
- Skiednis fan Dútslân
- Skiednis fan Poalen
- Skiednis fan Tsjechje
- Skiednis fan Eastenryk
- Skiednis fan Hongarije
- Skiednis fan Roemeenje
- Skiednis fan Servje
- Skiednis fan Kroaasje
- Skiednis fan Sloveenje
- Skiednis fan Ruslân
- Kaliningrad
- Skiednis fan Tsjechoslowakije
- Skiednis fan Joegoslaavje