Springe nei ynhâld

Einen

Ut Wikipedy

De einen (Anas) binne in skaai út de famylje fan de einfûgels. Ta dit skaai heart de tige algemiene wylde ein, mar ek bygelyks de Laysantsjilling dy't allinnich op it eilân Laysan foarkomt.

By de measte soarten fan dit skaai hat de jerke yn it winter-healjier in opfallend, ôfwikend dek. By it wyfke is it ferskil lykwols net sa grut. It docht bliken dat in protte soarten fan de einen mingde neikomlingen krije kinne, mar dat dy dan net fruchtber binne.