Springe nei ynhâld

Bahamapylksturt

Ut Wikipedy
pylksturt

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas bahamensis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Bahamapylksturt (Anas bahamensis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). Carolus Linnaeus beskreau yn 1758 de ein foar it earst wittenskiplik.

Bahamapylksturten.

Lykas by in soad oare súdlike einesoarten binne de ferskillen tusken de geslachten lyts. De ein is fral brún en hat opfallende wite wangen en in grize snaffel mei read by de basis (jonge fûgels misse dy kleur op 'e snaffel).

Baahamapylksturten komme yn trije aparte ûndersoarten yn dielen oer it hiele Súd-Amearikaanske kontinint oant yn Kuba foar. Ien fan 'e ûndersoarten, de Anas bahamensis galapagensis, dy't somtiden ek as in aparte soarte beskôge wurdt, is op it Galapagos-eilân Fernandina (Narborough Island) thús. Dêr libbet de ein yn ûndjip brak en sâlt wetter en yn mangroves oan 'e kust. De Bahamapylksturt is lykwols ek yn fiedselryk binnenwetter te finen.

Bahamapylsturten ite planten, dy't se grondeljend ynnimme.

It begjin fan 'e briedtiid ferskilt lokaal. De Karibyske populaasje begjint yn juny en july te brieden en de populaasje fan 'e Lytse Antillen briedt fan augustus oant novimber. Yn Súd-Amearika is de briedtiid yn maaie en oktober en op 'e Galapagos-eilannen yn oktober oant july.

It lechsel bestiet út 8 oant 12 liemkleurige aaien, dy't yn 25 oant 26 dagen útbret wurde. De pykjes ha dan in gewicht fan 30 gram. It wyfke fuorret de piken, dy't nei 20 dagen de fearren fan juvenilen krije. De einen kinne nei likernôch sân oant acht wiken fleane. Tsjin 'e ein fan it earste libbensjier binne se geslachtryp.

De Bahamapylkstut is yn trije ûndersoarten te ferdielen:

Anas bahamensis galapagensis
  • A. b. bahamensis (Linnaeus, 1758), de nominaatfoarm is de noardlike Bahamapylksturt, dy't yn Midden-Amearika en yn it noardeasten fan Súd-Amearika libbet.
  • Anas bahamensis rubrirostris (Vieillot, 1816) is in ûndersoarte dy't mei likernôch 700 gram swierder is as de nominaatfoarm. It is in ûndersoarte dy't yn it suden fan Súd-Amearika libbet.
  • Anas bahamensis galapagensis (Ridgway, 1890), de ûndersoarte dy't op it Galapagos-eilân Fernandina (Narborough) libbet.

Alhoewol't de populaasje liket ôf te nimmen, hat de soarte noch in grut ferspriedingsgebiet en giet it ôfnimmen net sa hurd dat de Bahamapylksturt as kwetsber beskôge wurde kin. De populaasje is grut en wurdt dêrom as net bedrige beskôge [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: