Springe nei ynhâld

Madagaskarein

Ut Wikipedy
Madagaskarein

De fûgel yn 'e dieretún fan Keulen..
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas melleri
(Sclater, 1865)
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Madagaskarein (Anas melleri) is in ein út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De soarte waard yn 1865 wittenskiplik beskreaun troch Philip Lutley Sclater. It is in endemyske fûgelsoarte op Madagaskar, dy't bedrige wurdt.

Yllustraasje fan 'e ein troch
Joseph Wolf, 1864.

De fûgel is 55 oant 68 sm lang en ien fan 'e grutste soarten fan it eineskaai (Anas). Op it earste gesicht liket de ein op it wyfke fan'e wylde ein (Anas platyrhynchos), mar hy is wat grutter en de ein hat gjin wynbraustreek. De wjuk hat in griene spegel, ôfset mei in smelle wite râne. De wjuk is ûnder opfallend ljocht. De snaffel is lang, bleekgriis mei donkere flekken by de basis. De Madagaskarein hat oranje poaten.

De ein is endemysk yn it eastlike diel fan Madagaskar. Yn 'e 18e iuw waarden de einen op Mauritius ynfierd, mar dy populaasje is nei alle gedachten troch biotoopferlies en konkurrinsje mei oare soarten útstoarn. De Madagaskareinen libje op swiet wetter yn it berchlân ûnder de 2000 m boppe seenivo. Meastentiids binne dat stadich streamende wetterkes en marren yn fochtich bosk. Somtiden mar minder is de fûgel ek te sjen yn rysfjilden.

De ein briedt op Madagaskar ôfhinklik fan 'e lokale omstannichheden hast it hiele jier troch, mar net yn maaie en juny. Der is waarnommen dat de Mauritiaanske populaasje yn oktober en novimber briedt. Oars as de meast oan 'e ein besibbe soarten binne se yn 'e briedtiid fûl territoariaal. Allinne de Afrikaanske swarte ein foarmet dêrby in útsûndering. Boppedat bliuwe pearkes byinoar oant de jongen selstannich binne.

De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as bedrige fûgel. De wiete gebieten fan 'e Alaotramar, dêr't eartiids de grutste populaasje fan 'e fûgel libbe, ha yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw slim te lijen hân fan biotoopferneatiging. De populaasjes fan 'e wetter fûgels binne dramatysk ôfnommen. De madagaskardûkein waard yn 2006 op 'e nij ûntdutsen, mar net yn it gebiet fan 'e Alaotramar.

De noch besteande populaasje is lyts en tige fragmintearre yn it ferspriedingsgebiet. De tebekgong fan 'e populaasje giet fierder troch jacht, ferlies fan biotoop en fersteuring, mar der wurdt wurke oan de útwreiding fan it beskerme biotoop fan 'e einen. De totale wylde populaasje wurdt op 1.300 oant 3.300 wylde fûgels rûsd.

Lang waard der net in soad oan it behâld fan 'e soarte dien, om 't de fûgel net op in soad belangstelling rekkenje koe. Fanwegen syn net sa kleurrike, wat gewoane ferskining en syn territoariale gewoantes is de ein net bot populêr ûnder hâlders fan sierfûgels, ek al is de soarte yn finzenskip maklik oant it brieden te krijen as der betingsten goed binne. Alhoewol't der as in ûnderdiel fan it European Endangered Species Programme in fokprogramma bestiet, wurdt de soarte ek net in soad yn dieretunen oantroffen. Madagaskareinen binne yn 'e dieretunen fan Keulen, Edinburgh en Zürich te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Meller's duck