Springe nei ynhâld

Afrikaanske swarte ein

Ut Wikipedy
Afrikaanske swarte ein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas sparsa
Eyton, 1838
IUCN-status: net bedrige

De Afrikaanske swarte ein (Anas sparsa) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). Thomas Eyton publisearre yn 1838 foar de earst kear de wittenskiplike namme fan it skaai.

De ein yn it Súdafrikaanske natuerreservaat Rietvlei.

De 48 oant 57 sm grutte ein hat in swart fearrekleed mei wite flekken op 'e rêch. It mantsje is grutter as it wyfke, mar der binne fierder gjin ferskillen yn 'e kleur. De spegel op 'e wjuk is poarper-blau en fral te sjen as de ein fleant. De fûgels wurde somtiden mei gielsnaffeleinen ferwiksele.

De Afrikaanske swarte ein libbet fral yn it easten en it suden fan Afrika ûnder de Sahara oant Súd-Afrika ta. Der binne isolearre populaasjes yn it westen fan Ekwatoariaal Afrika, yn it súdeasten fan Nigearia, Kameroen en Gabon.

It biotoop fan 'e fûgel bestiet deis út rivieren en beken en nachts út grut iepen wetter. De ein hâldt fan wetter yn it beboske heuvellân fan Afrika en ferstoppet syn fan gers en takjes makke nêst tichteby streamend wetter op 'e grûn.

De soarte komt yn Afrika foar en bestiet út twa ûndersoarten:

Fuortplanting en iten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afrikaanske swarte ein is in skouwe fûgel mei in sterk territoariumgedrach. Meastentiids wurdt er yn lytse groepkes of pearkes sjoen. Se briede it hiele jier troch yn ferskillende gebieten. In lechsel bestiet út 4 oant 8 aaien en de aaien komme nei 30 dagen út. It wyfkes soarget foar de piken.

De Afrikaanske swarte ein is net sinnich en yt larven, wetterdierkes, plantaardich materiaal, sied, lytse fiskjes, slakken en krabben.

De Afrikaanske swart ein waard foar it earst yn 1914 út Natal yn Nederlân ynfierd en yn 1916 wie der foar it earst in slagge fok. Nei de jierren 1960 waard de fûgel populêrder as sierfûgel, mar wurdt dochs faker yn grutte dieretunen holden. By it hâlden fan 'e ein moat rekken holden wurde dat de fûgel gefoelich is foar kjeld.

De ein stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:African black duck