Gielsnaffelein
gielsnaffelein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas superciliosa | ||||||||||||
Dubois, 1838 | ||||||||||||
IUCN-status: net-bedrige | ||||||||||||
De gielsnaffelein of gielbekein (Anas undulata) is in fûgelsoarte út 'e famylje einfûgels (Anatidae). Alain Dubois publisearre yn 1839 foar it earste de wittenskiplike namme fan 'e ein.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein is in likernôch 51 oant 58 sm lange fûgel mei in trochsnit gewicht fan 900 gram. Der is net in soad ferskil tusken jerkjes en wyfkes. De einen binne fral griis en hawwe in donkerdere kop. De wjukken binne fan ûnder wyteftich en it speculum is grien mei wite rânen. It mantsje is wat grutter as it wyfke en hat in wat langere hals. Se ha in felle, gieloranje snaffel mei op 'e boppesnaffel in swarte flek en oan 'e ein in swart punt.
It is gjin trekfûgel, mar yn 'e drûge tiid giet er sykjen nei wetter. Bûten it brieden is de fûgel sosjaal en libbet er yn groepen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn sintraal en súdliuk Afrika foar.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne twa ûndersoaten fan 'e gielsnaffelein:
- A. u. undulata (Dubois, 1839), de nominaatfoarm: fan súdlik Kenia oant Angoala en westlik Súd-Afrika.
- A. u. ruppelli (Blyth, 1855): eastlik Sûdan, Etioopje en noardlik Kenia.
De A. u. ruppelli is donkerder en hat in blau speculum.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beide ûndersoarten wurde neffens IUCN net bedrige. De ljochte ûndersoarte libbet oan 'e marren fan 'e iepen Afrikaanske savannen en wurdt in soad yn eastlik Súd-Afrika sjoen. It oantal wurdt op 60.000 fûgels rûsd.
De donkere ûndersoarte libbet yn lytse populaasjes yn it Etyopyske heechlân oant in hichte fan 4.000 m boppe de seespegel. Dêrnjonken is de ûndersoarte ek by en op East-Afrikaanske wettergebieten te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goeseftige
- Einfûgel
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda