Súdlike pylksturt
súdlike pylksturt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas eatoni | ||||||||||||
Sharpe, 1875 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De súdlike pylksturt (Anas eatoni) is in einesoarte út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is ferneamd nei de Ingelske natoerûndersiker Alfred Edwin Eaton, dy't in eksimplaar fan 'e ein sammele hie op Kerguelen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein is in lytse soarte fan 35 oant 40 sm lang. De spanwiidte is 65 oant 70 sm en de fûgel weecht 400 oant 500 gram. Tusken jerkjes en wyfkes is hast gjin ferskil. Allinne troch de griene kleuren fan 'e spegel op 'e wjukken, dy't by it fleanen te sjen is, en de langere sintrale sturtfearren fan it jerkje is der ûnderskied.
De fûgel is foar it grutste diel kanielkleurich. De kop hat donkerbrune wangflekken, wylst de snaffel slank, koart en blaugriis is mei in donkere streek boppe oer de snaffel.
Yn 'e regel binne de einen te sjen op binnenwetter, lykas markes en oan beken of op sompelân. Winterdeis binne de fûgels yn groepen fan somtiden wol 200 einen oan 'e kust te sjen. Troch syn lytse formaat en de kanieleftige kleur is de ein maklik te ûnderskieden fan 'e iennige oare einesoarte yn syn gebiet, de wylde ein.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein komt foar op Kerguelen, de Crozeteilannen, Saint-Paul en Amsterdam yn it súdlike diel fan 'e Yndyske Oseaan.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne twa ûndersoarten fan 'e súdlike pylksturt:
- A. e. eatoni: Kerguelen.
- A. e. drygalskii: de Crozeteilannen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferline is der in soad op 'e ein jage. Hjoed-de-dei wurde der tusken maaie en oktober likernôch 300 fûgels sketten. Problematysker binne de yntrodusearre ferwyldere kanten, dy't yn 1956 útset waarden om rotten en mûzen te bestriden. In oare bedriging foarmje de ynfierde kninen, dy't de begroeiïng opfrieten, lykas de Kerguelen-koalfjilden, dêr't de ein by it ferfearjen fan ôfhinklik is as er dan net fleane kin. Sûnt healwei de jierren 1990 wurdt der besocht om de oarspronklike begroeiïng wer oan te plantsjen. Op trije eilannen binne de kninen by in testfaze útroege en troch it oanspielen fan sied koe de oarspronklike begroeiïng dêr werom komme.
Op 'e Reade list fan IUCN is de soarte as kwetsber opnommen. De populaasje waard yn 1999 rûsd op 31.000 oant 41.000 folwoeksen fûgels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|