Springe nei ynhâld

Crozeteilannen

Ut Wikipedy
Crozeteilannen
Îles Crozet
flagge wapen
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Frankryk
pol. status Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen
haadstêd -
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 23 (2009)
befolkingstichtens 0,07 / km²
oerflak 352 km² (ynkl. wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Euro (€) (EUR)
tiidsône UTC+10
tillefoan +262
ynternetekstinsje .yt
webside www.taaf.fr

De Crozeteilannen (Frânsk: Îles Crozet) binne in oantal lytse arsjipels dy't hearre ta de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen. De Îles Crozet besteane út seis meast fulkanische eilannen en in kloft tige lytse eilantsjes en rotsen yn de omkriten.

De Îles Crozet binne net bewenne, útsein it ûndersykssintrum Alfred Faure, dat oan de eastkust fan Île de la Possession leit en sûnt 1963 altiten bemanne west hat. De seis haadeilannen fan west nei east binne:

Nr. Eilân Oerflak (km²) Hichte (m) Heechste Pyk Koördinaten
1 Île aux Cochons 67 826 Mont Richard-Foy 46°06' S 50°14' E
2 Brisants de l'Héroïne of

Rochers de la Meurthe

0 5 46°13' S 50°22' E
3 Îles des Pingouins 3 340 Mont des Manchots 46°27' S 50°23' E
4 Îles des Apôtres 2 289 Mont Pierre 45°58' S 50°27' E
5 Île de la Possession 150 934 Pic du Mascarin 46°24' S 51°46' E
6 Île de l'Est 130 1050 Mont Marion-Dufresne 46°26' S 52°18' E
Îles Crozet 352 1050 Mont Marion-Dufresne 45°57' oant 46°29' S 50°10' oant 52°19' E

Nûmer 2 binne feitlik twa grutte rotsen op 10 kilometer besuden Île aux Cochons. Îles des Apôtres is in kloft fan 14 tige lytse eilannen dêr't de grutste fan 1,2 km² is. De earste fjouwer eilannen hjitte L'Occidental, de westlike groep, en de oare twa L'Oriental, de eastlike groep. De twa groepen lizze 94.5 km út elkoar.

Kaart fan Crozeteilannen
De Marion Dufresne foar de 'haven' fan "port" Crozet. Easteilân op de eftergrûn.

De Crozeteilannen waarden ûntdekt troch de ekspedysje fan Marc-Joseph Marion du Fresne, in Frânske ûntdekkingsreizger. Hy lanne op 24 jannewaris 1772 op Île de la Possession en easke de arsjipel op foar Frankryk. Hy neamde de eilannen nei syn ûnderbefelhawwer Jules Crozet, omdat er Marioneilân (Prins Edward-eilannen) al nei himsels ferneamd hie.

Begjin 19e iuw waarden de eilannen faak besocht troch seehûnejagers. Sy soargen derfoar dat de seehûnen dêr om 1835 hinne al hast útrûge wienen. Letter waard de walfiskfangst hjir wichtich.

Skipbrekken kamen faak foar by de Crozeteilannen. Yn 1821 sonk it Britske skip Princess of Wales by de eilannen. De oerlibbenen moasten twa jier op de eilannen trochbringe eart hja rêden waarden. Yn 1887 rûn it Frânske skip Tamaris yn dy kriten fêst en de bemanning strâne op Île des Cochons. Sy bûnen in brief oan de poat fan in albatros. Dy brief waard earst sân moanne letter fûn yn Fremantle. De Britske Royal Navy stjoerde om de safolle jier in skip nei de Crozeteilannen om de skipbreklingen te sykjen, mar de manlju binne nea wer fûn.

Yn it earstoan waarden de Crozeteilannen troch Frankryk by it gebietsdiel Madagaskar rekkene, mar yn 1955 waarden hja part fan de Franske Sudlike en Antarktyske Gebieten. Yn 1961 waard der in earste tydlike ûndersykspost opsetten. It permaninte ûndersykssintrum Albert Faure waard yn 1963 iepene en waard neamd nei it earste haad fan it sintrum. It sintrum docht meteorologysk, biologysk, en geologysk ûndersyk.

De eilannen hawwe in delslach fan leafst 2000 mm it jier. It reint sa'n 300 dagen fan it jier en wynsnelheden fan oer de 100 km/o komme 100 dagen fan it jier foar. De temperatuer kin simmerdeis oprinne oant 18 °C (64 °F) en komt yn de winter meast net ûnder de 5 °C.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]