Springe nei ynhâld

Súdamerikaanske pylksturt

Ut Wikipedy
Súdamerikaanske pylksturt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas georgica
(Gmelin, 1789)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Súdamerikaanske pylksturt (Anas georgica) is in fûgelsoarte út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1789 troch Gmelin publisearre.

De mantsjes fan 'e nominaatfoarm Anas georgica georgica wurde trochstrings 630 gram, wyfkes 535 gram. De ûndersoarte Anas georgica niceforoi is wat swierder en weegje tusken de 700 en 800 gram.

Súdamerikaanske pylksturten ha gjin opfallend prachtkleed. By mantsjes is de kop en de hals lykwols wat ljochter readbrún. Troch de dúdlik langere middelste sturtfearren krige de fûgel syn namme. Opfallend oan 'e jerken is de snaffel, dy't oan 'e sydkanten giel is mei in brede, donkergrize streek. By wyfkes is it giel fan 'e snaffel ferfongen troch gielgrien en harren middelste sturtfearren binne wol puntich, mar minder lang. De kop en de hals binne earder griisbrún befearre.

Somtiden wurdt de soarte betiizge mei de gielsnaffeltsjilling (Anas flavirostris). Dy hat ek in giele snaffel mar is lytser en kompakter boud. Oan 'e flanken binne dy einen minder flekkerich en in soad fûgels fan dy soarte ha in wyt ûnderbealchje. De súdlike pylksturt ûnderskiedt him fan 'e Súdamerikaanske pylksturt troch de blaugrize snaffel.

Anas georgica georgica op Súd-Georgia.
Anas georgica spinicauda yn Kolombia.

De soarte komt yn it west en súd fan Súd-Amearika foar. Der binne trije ûndersoarten. Ien ûndersoarte is sûnt 1952 net mear waarnommen en wurdt sûnt 1956 as útstoarn beskôge:

  • Anas georgica georgica: de lytste soarte, komt allinne op Súd-Georgia foar.
  • Anas georgica spinicauda: de measte foarkommende soarte; komt foar yn Súd-Amearika en op 'e Falklâneilannen.
  • Anas georgica niceforoi: wie eigen yn sintraal Kolombia, sûnt 1952 net mear waarnommen.

Beskermingsstatus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje fan 'e nominaatfoarm (Anas georgica georgica) is bot ôfnommen. Fral oan it ein fan 'e 19e iuw en it begjin fan 'e 20e iuw hie dy populaasje slim te lijen fan 'e jacht fan walfiskfarders. De effekten fan 'e op it eilân Súd-Georgia ynfierde ratten is noch net goed ûndersocht. It oantal fan 'e ûndersoarte wurdt op noch mar 2.000 fûgels rûsd. Somtiden wurde dwaalgasten fan 'e ûndersoarte op 'e Sjetlâneilannen waarnommen. De Anas georgica spinicauda komt dêrfoaroer yn in grut part fan Súd-Amerika foar. Allinne de Argentynske populaasje wurdt al op 300.000 fûgels rûsd. Yn lytsere oantallen wurdt de fûgel ek op 'e Falklâneilannen sjoen, dêr't op 'e fûgels jage wurdt ek al soe de fûgel dêr neffens guon ornitologen in hegere beskermingsstatus ha moatte. De noardlike (Anas georgica niceforoi) kaam allinne yn Kolomobia foar en wurdt sûnt 1956 as útstoarn beskôge.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan net bedrige, al wurdt der fanút gien dat it tal fûgels fan 'e soarte ôfnimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Spitzschwanzente