Sibearyske tsjilling
Sibearyske tsjilling | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Anas formosa |
De Sibearyske tsjilling (Anas formosa) is in fûgel út it skaai fan de Einen.
Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sibearyske tsjilling is in lytse Aziatyske ein. Mei in 40-43 sm lingte is der krekt wat grutter as de piiptsjilling, hy waacht in 500 gram. De jerke hat in tige opfallende kop mei grien, giel en swarte flakken.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sibearyske tsjilling briedt meast by de grutte rivieren fan East-Sibearje lykas de Jenisej. De ein oerwinteret op marren yn Sina en Japan.
Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sibearyske tsjilling begjint meast ein maaie te brieden. De nêsten wurde yn it gers op de kant fan it wetter makke, it nêst wurdt mei dûns beklaaid. De 6 oant 10 aaien wurde yn 26 dagen útbret.