Hawaï-ein

Ut Wikipedy
muskusein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas wyvilliana
Sclater, 1878
IUCN-status: kwetsber

De Hawaï-ein (Anas wyvilliana; lokale namme koloa maoli) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is in endemyske fûgel fan Hawaï, dy't bedrige wurdt.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyfke (lofts) en jerkje (rjochts).

De Hawaï-ein is in lytse einesoarte fan 44 oant 51 sm lang. Jerkjes hawwe in oliifgriene snaffel mei donkere tekeningen op 'e boppekant. De wjukken binne foar it grutste part bleker fan kleur as de rest fan it bealchje. De spegel fan 'e wjukken is smaragdgrien oant fioletblau. In donkerder fariant fan it jerkje èn alle wyfkes hawwe brúnflekte fearren, mei in readeftige waas op it boarst en in donkere snaffel mei donkergiele oant oranjekleurige tekeningen. De ljochte fariant fan jerkjes hat in griene tekening op 'e kop en de nekke en in readeftige ôftekening op it boarst.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik komt de ein op alle eilannen fan Hawaï foar, útsein de eilannen Lānai und Kaho'olawe. Hjoed-de-dei hat allinne it eilân Kauai noch in in autochtoane populaasje fan de Hawaï-ein, dy't 80% fan 'e hiele popylaasje útmakket. De populaasjes op de oare eilannen binne troch heryntroduksje ûntstien en tige lyts. Tusken 1975 en 1982 waarden 200 yndividuën op it haadeilân Hawaï útset. Lytse populaasjes binne ek op Oʻahu, dêr't tusken 1958 en 1982 326 fûgels útset binne, en Maui, dêr't yn 1989 tolve fûgels frijlitten binne,

De Hawaï-ein wennet yn sompelân fan Hawaï oant op in hichte fan 3000 m. Neffens in resint ûndersyk binne allinne de populaasjes op Kauai en Niihau genetysk noch suvere Hawaï-einen.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hawaï-ein siket it iten yn ûndjippe sompen, net djipper as 13 sm. De ein libbet ek op fjilden dêr't taro ferboud wurdt, mar dy fjilden binne bot ôfnommen. De einen binne wat iten oanbelanget net sinnich en libje fan slakken, larven, wjirms, sied, algen en blêd fan wetterplanten.

Hawaï-einen bouwe harren nêst op 'e grûn, tichteby wetter. De wyfkes lizze acht oant tsien aaien. It hiele jier troch kin de ein briede, mar tusken jannewaris oant maaie is de briedaktiviteit it heechst. Yn maksimaal 30 dagen wurde de aaien útbret, al bestiet der gjin ûndersyk nei de krekte briedtiid.

Bedrigingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lechsel en de piken wurde troch ynfierde katten, hûnen, rotten en mangoesten bedrige.

Yn 'e lêste 100 jier is likernôch in tredde fan it somplân oan 'e kust drûchlein. Maatregels tsjin oerstreaming feroaren de hydrology fan 'e briedgebieten en yntrodusearre planten feroarsaken it ferdwinen fan iepen wetter- en iggegebieten fierder. Ek waard der bot op 'e Hawaï-ein jage, sadat der yn 1949 noch mar 520 einen teld waarden.

Hawaï-einen op Kauai.

Sûnt der reservaten foar de ein ynrjochte binne, bestiet it grutste gefaar troch de krusing mei de út de Feriene Steaten ynfierde wylde einen. Sûnt de 19e iuw en fral yn 'e jierren 1950 en 1960 binne hûnderten wylde einen ynfierd om se foar de jacht út te setten of as hûsdier te hâlden. In soad fan dy einen ferwylderen en krusten mei ynhiemske Hawaï-einen en ek dy einen krusten wer fierder ensafuorthinne. Op it eilân Oʻahu binne de measte einen yntusken hybride einen.

Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 binne ynfierbeheinings foar wylde einen ynsteld, mar it duorre noch oant yn 2002, dat der in folslein ymportferbod fan fûgels folge. De reden dêrfoar wie net om de eigen soarten beskermjen, mar om it gefaar fan 'e ynfier fan it Westnylfirus te kearen, dat fan fûgels op minsken oerdroegen wurde kin.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren 1990 waard de populaasje Hawaï-einen op 2000 yndividuën rûsd. De folsleine populaasje wurdt hjoed-de-dei (2024) op minder as 1000 folwoeksen einen rûsd. Undersyk yn 'e jierren 2012-2016 op it eilân Kauai resultearre nammentlik yn 947 yndividuën, in oantal dat om te setten is yn 600 folwoeksen einen. Om't de einen fan Niihau net yn 'e telling opnommen binne en ek de berchstreamen, dêr't de ein foarkomt, net meinommen binne, is it echte oantal heger. Ut foarsoarch wurdt it oantal folwoeksen Hawaï-einen tusken de 700 en 999 rûsd.[1]

IUCN neamt de posysje fan 'e Hawaï-ein kwetsber.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hawaiiente