Amerikaanske piiptsjilling

Ut Wikipedy
Amerikaanske piiptsjilling

Jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas carolinensis
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De Amerikaanske piiptsjilling (Anas carolinensis) is in lytse ein, dy't in soad op 'e (Euraziatyske) piiptsjilling liket en foarhinne ek as ûndersoarte A. crecca carolinensis beskôge waard.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pearke Amerikaanske piiptsjillings.

De Amerikaanske piiptsjilling is 31 oant 398 sm lang en hat in spanwiidte fan 52-59 sm. It eintsje weecht 140 oant 500 gram.

De fûgel liket wat oansjen en gedrach oanbelanget in soad op 'e piiptsjilling. By de wyfkes is hast gjin ûnderskie, mar by it mantsje fan 'e Amerikaanske piiptsjilling is de griene maskerflek fan it kopke in bytsje omseame mei in brúngiele râne, wylst dy by de Euraziatyske soarte dúdliker en helder giel is. Amerikaanske piiptsjillings hawwe boppedat in opfallende wite streek oan wjerskanten fan it boarst dy't by de Euraziatyske ein ûntbrekt. Oarsom hat de Euraziatyske piiptsjilling in horizontale wite streek op 'e flanken, dy't de Amerikaanske soarte net hat.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ein briedt yn Alaska, Kanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten en oerwinteret súdliker oant yn Midden-Amearika. As dwaalgast wurdt de Amerikaanske piiptsjilling somtiden oant op Hawaï oantroffen.

De Amerikaanske piiptsjilling mei graach oer ryk begroeid, dridzich gerslân en wetter mei in soad ûnderwetterplanten.

It oantal folwoeksen einen fan 'e Amerikaanske piiptsjilling wurdt op likernôch 3.900.000 rûsd. De fûgel liket yn oantal ta te nimmen.

Gedrach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske piiptsjilling fan it noarden is in trekfûgel en oerwinteret folle súdliker fan syn briedgebiet. Bûten de briedtiid foarmet de fûgel grutte groepen.

Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân is de soarte in dwaalgast.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jerkje Amerikaanske piiptsjilling.
Jerkje Euraziatyske piiptsjilling.
Wyfke Amerikaanske piiptsjilling.
Wyfke Euraziatyske piiptsjilling.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: