Springe nei ynhâld

Eilânkeltyske talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eilânkeltyske taal)
Eilânkeltyske talen
algemien
oare namme(n) Ynsulêr Keltyske talen
lokaasje Britske Eilannen en Bretanje
tal talen 6
tal sprekkers 820.000 (2011)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Keltysk
      ● Eilânkeltysk
subgroepen Brytoanysk
Gaelysk

De Eilânkeltyske talen of Ynsulêr Keltyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Keltyske taalfamylje, dy't alle seis noch libbene Keltyske talen omfettet. De namme fan dize taalkloft slacht op 'e oarsprong fan dizze talen op 'e Britske Eilannen en ûnderskiedt se fan 'e oare grutte Keltyske taalgroep, de útstoarne Lânkeltyske talen, dy't fan âlds op it Jeropeeske fêstelân sprutsen waarden.

As ûnderdiel fan 'e Keltyske talen heart de Eilânkeltyske taalgroep ta de grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dy't û.m. ek de Germaanske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen omfettet. Dêrmei binne de Eilânkeltyske talen dus yn 'e fierte besibbe oan û.m. it Frysk.

De lokaasje fan 'e Eilânkeltyske talen.
     kearngebiet fan 'e Eilânkeltyske talen
     marzjinaal Eilânkeltysk taalgebiet

It idee dat de Eilânkeltyske talen fan it Hebriuwsk ôfstamje, dat yn 'e Midsiuwen libbe, wie neat oars as kristlik byleauwe, mar der bestiet in serieuze teory dat dizze talen in Afro-Aziatysk substraat yn har drage. Dêrby soe it gean om oerbliuwsels fan it útstoarne Ibearysk, in taal dy't yn 'e Aldheid op it Ibearysk Skiereilân sprutsen waard, of mooglik om in Berbertaal. Dizze teory waard foar it earst yn 1900 oppenearre troch John Morris-Jones, en sûnt is er ûnderskreaun wurden troch ferskate taalkundigen fan namme, lykas Julius Pokorny, Heinrich Wagner en Orin Gensler. Oaren, wêrûnder Graham Isaacs en Kim McCone, hawwe har fûleindich tsjin dizze teory oankante, mei't se dy net inkeld ûnbewiisd, mar planút mis achtsje.

Hoewol't it taalgebiet fan 'e Eilânkeltyske talen tusken it begjin fan 'e jiertelling en it jier 500 nei alle gedachten de Britske Eilannen folslein omfieme hawwe moat, binne se tsjintwurdich troch de opmars fan it Germaanske Ingelsk nei úthoeken fan 'e arsjipel ferkrongen, wêrûnder de Skotske Heechlannen, de Hebriden, Wales, it eilân Man, Cornwall en dielen fan súdlik en westlik Ierlân. It Bretonsk, dat ek ta de Eilânkeltyske talen heart, wurdt sprutsen op it Jeropeeske fêstelân (ntl. op it Frânske skiereilân Bretanje), mar dêrmei is dat noch gjin Lânkeltyske taal, want it is dêr yn 'e Iere Midsiuwen mei nei ta nommen troch lânferhuzers dy't fan 'e Britske Eilannen kamen.

De klassifikaasje fan 'e Keltyske talen is de wittenskip it noch altyd net oer iens, wat benammentlik it gefolch is fan brekme oan primêre gegevens. Mei oare wurden: der binne tefolle talen dêr't te min fan oerlevere is om ta in slutende yndieling te kommen. In protte taalkundigen meitsje lykwols gebrûk fan 'e tradisjonele yndieling yn Lânkeltyske (of Kontinintaal Keltyske) en Eilânkeltyske (of Ynsulêr Keltyske) talen. Dêrby wurdt derfan útgien dat de dúdlike ferskillen dy't hjoed de dei besteane tusken de Brytoanyske talen (Welsk, Kornysk en Bretonsk) en de Gaelyske talen (Iersk, Skotsk-Gaelysk en Manksk) pas ûntstien binne nei't de Kelten har op 'e Britske Eilannen nei wenjen setten.

Fersprieding fan 'e ûnderskate libbene Eilânkeltyske talen.

Guon saakkundigen binne lykwols fan tinken dat de Brytoanyske talen nauwer besibbe binne oan it Lânkeltyske Gallysk, en sokken hâlde in nijere yndieling oan yn P-Keltysk en Q-Keltysk. Dy nammen binne ûntliend oan in taalkundige ûntwikkeling wêrby't beskate wurden dy't yn 'e Gaelyske talen begjinne mei in k- of kw-klank (q) yn 'e Brytoanyske talen ferskood binne nei in p oan it wurdbegjin (ferlykje Iersk ceathair mei Welsk pedwar, "fjouwer"; en Iersk cúig mei Welsk pump, "fiif"). Neffens dizze teory soene de Gaelyske talen har it earst fan 'e Proto-Keltyske oertaal ôfskaat hawwe, en dêrút wurde dan alle yn ferhâlding mei de Brytoanyske talen argayske skaaimerken fan 'e Gaelyske talen ferklearre.

De tradisjonele yndieling yn Lânkeltyske en Eilânkeltyske talen hat ûnder taalkundigen lykwols noch altyd fierút de measte oanhing. Hjirûnder in skematysk oersjoch fan dizze yndieling:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.