Egyptyske ichneumon

Ut Wikipedy
Egyptyske ichneumon
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje mangoesten (Herpestidae)
skaai gewoane mangoesten (Herpestes)
soarte
Herpestes ichneumon
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen fersprieding
     fersprieding as eksoat

De Egyptyske ichneumon (Latynske namme: Herpestes ichneumon) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e mangoesten (Herpestidae) en it skaai fan 'e gewoane mangoesten (Herpestes), dat foarkomt yn dielen fan Afrika, it Midden-Easten en it Ibearysk Skiereilân. Dit bist spile in wichtige rol yn 'e mytology fan it Alde Egypte.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Egyptyske ichneumon komt foar yn 'e eastlike helte fan Egypte, fan 'e Nyldelling oant de kust fan 'e Reade See, en teffens yn eastlik Sûdaan, westlik Eritreä en westlik Etioopje. Fierders libbet er yn hiel West-Afrika besuden de Sahara, yn noardlik Kameroen, súdlik Tsjaad en frijwol de hiele Sintraal-Afrikaanske Republyk en Súd-Sûdaan. Ek komt er foar yn it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Afrika, it grutste part fan Angoala, de ûnderrin fan 'e rivier de Kongo en by de kust fan 'e Yndyske Oseaan lâns fan súdlik Somaalje oant en mei Kaap de Goede Hoop.

Dêrnjonken is de Egyptyske ichneumon ek lânseigen yn it noardlike diel fan 'e Libyske lânstreek Syrenaika, op it Sinaï-skiereilân en by de eastkust fan 'e Middellânske See lâns yn Israel, Palestina, Libanon en Syrje. Yn Turkije, ta einbeslút, is er lânseigen yn it súdlike sintrale diel fan Lyts-Aazje, en dêrwei oant djip yn Turksk-Koerdistan. As eksoat hat dit bist him ferspraat nei it Ibearysk Skiereilân, dêr't er yn 'e Moarske Tiid, tusken 711 en 1492, yntrodusearre wêze soe om rotten te bestriden. De ichneumon komt dêr no rûnom yn it wyld foar yn súdwestlik Spanje en yn it súdlike twatrêdepart fan Portegal. Fierders is er ek, sij it op folle beheindere skaal, troch de minske yntrodusearre yn Itaalje en op Madagaskar.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Egyptyske ichneumon hat trochinoar in kop-romplingte fan 48-60 sm, mei in sturtlingte fan 33-54 sm en in gewicht fan 1,7-4 kg. Dit bist hat in rank bealchje mei in smel, spjochtich snútsje en lytse earen. De bek sit fol mei 35-40 flymskerpe tosken, dy't bedoeld binne om fleis mei te snijen. De lange, rûge pels rint yn kleur útinoar fan grizich oant rodzich brún, en hat brune en giele spikkels. De sturt hat in swart útein. De efterpoaten en lytse stikjes om 'e eagen hinne binne ûnbegroeid.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Egyptyske ichneumons jouwe de foarkar oan wâlden, savannes of gebiet mei in protte strewelleguod. It binne lykwols fernimstige bisten, dy't har maklik oanpasse kinne. Yn elts gefal komme se nea fier fan oerflaktewetter foar.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Egyptyske ichneuman is in deidier en libbet yn lytse famyljegroepkes fan 1-7 eksimplaren, dy't yn 'e regel besteane út in mantsje, ferskate wyfkes en harren jongen. Jonge mantsjes ferlitte de groep yn 'e regel ear't se in jier âld binne, mar jonge wyfkes bliuwe faak langer en it komt ek wol foar dat dy har hiele libben by harren bertegroep bliuwe. De peartiid falt yn july of augustus, en nei in draachtiid fan 11 wiken smyt it wyfke dan in nêst fan 2-4 jongen. Dy komme blyn en keal te wrâld. De eachjes geane nei likernôch in wike iepen. Sawol de mantsjes as de wyfkes binne mei twa jier geslachtsryp. Yn it wyld libje Egyptyske ichneumons rûchwei 12 jier, mar yn finzenskip kinne se wol mear as 20 jier wurde.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it menu fan Egyptyske ichneumons stiet benammen fleis, wêrûnder kjifdieren, fisken, fûgels, reptilen, amfibyen en ynsekten, koartsein alles wat se te pakken krije kinne. Fruchten en aaien litte se ek net lizze. Aaien brekke se iepen troch se tsjin in stien of in muorre te smiten. Likemin as oare mangoesten skrikke Egyptyske ichneumons derfoar werom om gifslangen oan te fallen en op te fretten. Se hawwe sadwaande in hege tolerânsje ûntwikkele foar it gif fan trije soarten slangen: de Palestynske njirre (Vipera palaestinae), de swarte woastynkobra (Walterinnesia aegyptia) en de swarthalskobra (Naja nigricollis).

In Egyptyske ichneumon fan brûns mei ureüs en sinneskiif, datearjend út it Ptolemeyske Tiidrek.

Status en ferhâlding mei de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Egyptyske ichneuman hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Sterker noch, dit bist is tige talryk en bedriget dêrtroch earder oare bistesoarten yn har fuortbestean as dat er dêr sels yn bedrige wurde soe. Yn 'e Egyptyske mytology koe de god Ra himsels feroarje yn in reuseftige ichneumon mei in lingte fan mear as 24 m om 'e boasaardige slangegod Apopis te befjochtsjen. De ferearing fan Egyptyske ichneumons is bekend út ferskate stêden út 'e Egyptyske Aldheid, nammentlik Heliopolis, Bûto, Saïs, Atribis, Bûbastis en Herakleopolis Magna. Der binne ek in protte mummys fan ichneumons fûn. Yn guon plattelânsgebieten yn Opper-Egypte wurde ichneumons ek hjoed de dei noch holden as húsdieren.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne alve erkende ûndersoarten fan 'e Egyptyske ichneumon:

  • Herpestes ichneumon ichneumon
  • Herpestes ichneumon angolensis
  • Herpestes ichneumon cafra
  • Herpestes ichneumon centralis
  • Herpestes ichneumon funestus
  • Herpestes ichneumon mababiensis
  • Herpestes ichneumon numidicus
  • Herpestes ichneumon parvidens
  • Herpestes ichneumon sabiensis
  • Herpestes ichneumon sangronizi
  • Herpestes ichneumon widdringtonii

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.