Springe nei ynhâld

Echte ara's

Ut Wikipedy
Echte ara's
reade ara, blaugiele ara, soldate-ara.
reade ara, blaugiele ara, soldate-ara.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
boppefamylje: pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea)
family: pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
ûnderfamylje: arafûgels (Arinae)
tûke: ara's (Arini)
Lacépède, 1799

Echte ara's (Ara) binne in fûgelskaai fan 'e famylje fan 'e Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). Se libje yn Súd-Amearika en Midden-Amearika. Oer de omfang fan it skaai bestiet sûnt lang gjin ienriedigens. Neffens de lêste konsensus falle ûnder it skaai noch acht besteande soarten. Twa soarten binne útstoarn.

It wurdt ara is lânseigen en in klankimitaasje út de rop fan 'e fûgels. Dy typyske lûden binne allinne eigen oan 'e gruttere soarten. It skaai waard foar it east definiearre troch de Frânske natoerûndersiker Bernhard Germain de Lacépède yn 1799.

Algemien akseptearre soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle arasoarten geane yn oantallen efterút of wurde bedrige. Fan trije is de wylde populaasje sa lyts, dat se grut gefaar rinne út te stjerren.

List fan echte ara's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Echte Arasoarten
Ofbyld wittenskiplike namme Fryske namme Status
Ara ambiguus grutte soldate-ara krityk
Ara ararauna blaugiele ara net bedrige
Ara chloropterus grienwjukara net bedrige
Ara glaucogularis blaukielara krityk
Ara macao reade ara net bedrige
Ara militaris lytse soldate-ara gefoelich
Ara rubrogenys readwangara krityk
Ara severus dwerchara net bedrige
Ara tricolor Kubaanske ara útstoarn
gjin ôfbyld oanwêzich
Ara autocthones Portorikaanske ara útstoarn

Hypotetyske soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ara's waarden al foar de komst fan Europeanen troch de lânseigen folken fan Súd-Amearika nei Karibyske eilannen transportearre. De Paleo-Amerikanen joegen op de fûgels foar it fleis en de fearren en hannelen yn 'e fûgels. Se joegen inoar en letter ek Kristoffel Kolumbus ara's as geskink. Dêrom is it lestich fêst te stellen of de eartiidske fermeldingen fan ara's op dy eilannen endemyske soarten wiene of dat it om ynfierde fûgels gyng.

Der soene teminsten trettjin Karibyske útstoarne soarten ara's west ha. Fan mar trije soarten dêrfan binne resten oerbleaun: de Kubaanske ara (Ara tricolor), de Gûadelûpara (Ara guadeloupensis) en de Porto Rikaanske ara (Ara autocthones; ek: Saint Croix-ara). Foar sa fier se bestean ha, binne alle arasoarten op 'e Kariben útstoarn.

Njonken dy trije bekende soarten binne der ek hypotetyske soarten, dy't allinne bekend binne fan rapporten en ferslaggen. In oantal fan dy soarten waarden oan it begjin fan 'e 20e iuw troch Walter Rothschild neamd en krigen in namme.

Der waarden ek oare soarten neamd, mar de measten krigen nea in wittenskiplike namme.

List fan hypotetyske soarten ara's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hypotetysk útstoarne soarten
Ofbyld wittenskiplike
namme
Fryske
namme
Ferspriedingsgebiet
Ara erythrocephala Readkopara Jamaika
Ara gossei Jamaikaanske reade ara Jamaika
Ara martinica Martinyk-ara Martinyk
Ara atwoodi Dominika-ara Dominika
Ara guadeloupensis Gûadelûpara Gûadelûp

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes op: en:Ara (bird)