Readkopara
Readkopara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mooglike foarstelling fan 'e readkopara troch John Gerrard Keulemans (1903) | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† 19e iuw Ara erythrocephala | ||||||||||||
Gosse, 1847 | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readkopara (Ara erythrocephala) is in hypotetyske arasoarte, dy't op Jamaika endemysk wie. De fûgel soe yn 'e 19e iuw útstoarn wêze.
De readkopara waard yn 1847 troch Philip Henry Gosse neffens berjochten út de jierren 1810 en 1842 beskreaun. It earste berjocht stamde fan in sekere White, de eigner fan it Oxford Estate op Jamaika, dy't de fûgel yn dat jier yn 'e bergen fan Trelawny Parish en Saint Ann Parish sjoen hawwe soe. It twadde berjocht stamde fan Comard út 1842, dy't twa grute fûgels yn it berchtme fan Saint James Parish waarnommen hawwe soe. De arasoarte waard mooglik earder al troch Johann Friedrich Gmelin ûnder de namme Anadorhynchus caerulens neamd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Gosses' beskriuwing wie de kop fan 'e fûgel read. De nekke, de skouders en de ûnderkant hie lochte- en gielgriene kleuren. De grutte dekfearren en slachpinnen wiene blau. De sturt wie oan 'e boppekant ljochtread en blau. It ûnderkleed fan 'e wjukken en de sturt wiene oranjegiel.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten waard de readkopara troch jacht útroege.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Rotkopf-Ara
|